Springe nei ynhâld

Rogier III fan Sisylje

Ut Wikipedy
Tankred fan Sisylje (lofts), Rogier III (midden), Willem III (rjochts)

Rogier III fan Sisyslje (1175-1193) wie de âldste soan en erfgenaam fan Tankred fan Lecce. Syn mem wie Sibylla fan Acerra.

Syn heit regele yn 1193 in houlik mei Irena Angela, de dochter fan 'e Byzantynske keizer Isaäk II en liet syn soan mei ta kening kroane om sa de oanspraken fan Konstanse fan Sisylje en har man Hindrik VI tefoarren te kommen. Rogier ferstoar lykwols al in jier letter, flak foardat syn heit op 20 febrewaris 1194 ek ferstoar. Dêrmei krige syn broer Willem III de troan ûnder it regintskip fan syn mem Sibylla.

Nei de ynfal fan keizer Hindrik VI yn Palermo yn 1194 en de ôfsetting fan Willem op 25 desimber, troude syn widdo yn 1197 Hindrik's broer Filips fan Swaben.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rogier III fan Sisylje fan Wikimedia Commons.