Roger Squires

Roger Squires (22 febrewaris 1932 - 1 juny 2023) wie in Britske krúswurdûntwerper út Ironbridge, Shropshire. Hy wie fral bekend as de meast produktive gearstaller fan 'e wrâld. Hy wurke foar The Guardian ûnder it pseudonym Rufus, as Dante yn The Financial Times en hy wie de moandeiûntwerper foar de Daily Telegraph.
Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Squires waard berne yn Tettenhall, Wolverhampton op 22 febrewaris 1932. Nei syn oplieding oan de Wolverhampton Grammar School gie er as 15-jierrige by de Keninklike Marine. By de Fleet Air Arm waard hy oplaat as waarnimmer en krige in oanstelling as de jongste offisier ea. Hy kaam yn 44 lannen en siet yn it earste fleantúch dat yn 'e Suezkrisis fan 1956 lâne yn Port Said. Yn maart 1961 oerlibbe er in fleantúchûngelok yn 'e Yndyske Oseaan foar 'e kust fan Seylon, mar ûntsnapte út syn jan-van-gent en waard kwalifisearre foar it lidmaatskip fan 'e Goldfish Club (foar oerlibbenen fan fleantçhûngemakken).
Syn earste puzel ferskynde yn 1963, it jier dat hy de marine ferliet en koart wurke as entertainmentmanager foar Butlin's, n 'e Wolverhampton Express & Star. De earste lanlike puzel wie yn de Radio Times, en yn datselde jier waard er fêste redakteur by de Birmingham Post. Hy begûn doe puzels te meitsjen foar organisaasjes dy't puzels leveren oan kranten yn it Feriene Keninkryk en yn it bûtenlân.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1981 kaam Squires by The Guardian, it Times Educational Supplement, The Glasgow Herald en Financial Times, en waard 22 jier lang de krúswurdredakteur fan 'e Birmingham Post. Yn 1986 kaam hy by de Daily Telegraph en The Independent. Hy skreau foar The Sun (1992-1998), The Times (1993-2005) en de Times Educational Supplement (1981-2006). Hy hat krúswurdpuzels makke ûnder pseudonimen, wêrûnder Rufus, Dante, Icarus, Hodge en Bower.
Yn 1990 wie hy oanfierder fan de Britske krúswurdwurdploech yn 'e 12 lannen tellende International Crossword Marathon yn Bjelovar, Joegoslaavje. Hy registrearre syn bedriuwsnamme "Cryptic Crosswords" yn de iere jierren '70.
Squires publisearre op 14 maaie 2007 syn 66.666 ste puzel, wat nei skatting syn twa miljoenste omskriuwing wie.[1] De krúswurdpuzel waard publisearre yn de Daily Telegraph. De omskriuwing wie 'Twa famkes, ien op elke knibbel (7)'. Hy waard erkend troch Guinness World Records as "The World's Most Prolific Crossword Compiler". It waard neamd yn it Guinness Book of Records fan 1978 oant alle krúswurdpuzelrekôrs yn 2002 skrast waarden. In update fan desimber 2005 waard opnommen yn 'e printe edysje fan 2008.
Syn puzels binne ferskynd yn 32 lannen bûten it Feriene Keninkryk. Yn 2013 fierde er syn 50ste jier as profesjoneel ûntwerper, op de fan it hûndertjierrich bestean fan de earste krúswurdpuzel. Op 30 juny 2013 hie er 74.634 krúswurdpuzels sammele, lykweardich oan 2,25 miljoen omskriuwings. Hy hâldt it rekôr foar it langste wurd dat brûkt waard yn in publisearre puzel, de Welske plaknamme: Llanfairpwllgwyngyllgogerychwyrndrobwllllantysiliogogogochoch, dat hy oantsjutte as in anagram: Giggling troll follows Clancy, Larry, Billy and Peggy who howl, wrongly disturbating a place in Wales (58). Hy is ien fan de mar fjouwer ûntwerpers (‘setters’) dy't diel útmakke hawwe fan de fêste teams fan alle fiif kwaliteitskranten (The Times, Daily Telegraph, The Guardian, The Independent en Financial Times). Hy hâldt it Guinness-rekord foar de langste publisearre krúswurdpuzel - op 8 foet lang, om't Ourworld Ltd net by steat wie om de hiele 24-foet lange puzel te publisearjen. Hy hat ek in 3D krúswurdpuzel makke dy’t past op in Rubik's Cube.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In protte krúswurdblomlêzingen, ynklusyf The Times, Guardian, Telegraph, Financial Times en de Herald, hawwe kryptyske puzels fan Squires, ynklusyf in boek dat allinich wijd is oan 100 fan syn ‘Guardian-cryptics’. Yn gearwurking mei Ken Guy publisearre hy trije algemiene kennisboeken oer "The 1950s", "The 1960s" and "The 1970s". Squires wie te sjen yn in oantal krúswurdpuzelboeken oer Squires syn opnimming yn "A Display of Lights (9)". Yn 2000 publisearre it Times Educational Supplement in artikel mei de titel "Clued up" dêr’t hy yn ynterviewd waard.
Oare optredens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofsjoen fan krúswurdpuzels kaam Squires yn oanmerking foar lidmaatskip yn de organisaasjes Mensa International en The Magic Circle. Fan 1964 oant 1977 ferskynde er mear as 250 kear op tv as komyske gûchelder. Squires spruts oer krúswurdpuzels yn it tv-programma How To Solve Cryptic Crosswords (BBC4) yn 2009 en op 'e BBC One Show (BBC1) yn 2011. Ofsjoen fan puzelrelatearre saken die hy in perioade fan trije moanne mei yn lytse dielen fan 'e ITV-searje Crossroads en ferskynde ek op BBC TV yn Crackerjack! en Rolf Harris shows. Squires wie neist puzelmakker en yllusionist/gûchelder aktyf as fuotbalcoach en akteur.
Persoanlik libben en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1977 einige Squires syn earste houlik en stoppe hy mei profesjoneel aktearjen en magy op om fan hûs út te wurkjen, sadat hy foar syn twa jonge soannen soargje koe. Letter troude er nochris. Squires stoar op 1 juny 2023, yn 'e âldens fan 91. Syn dea waard kryptysk oankundige op 10 juny 2023, troch in krúswurdpuzel yn de Guardian, foar in part makke troch syn kollega John Halpern ("Paul"). [2] Ferskate âlde omskriuwings, makke troch "Rufus" waarden opnommen. Dit die tinken oan de ferstoarne puzelmakker John Galbraith Graham, dy't syn kankerdiagnoaze oankundige yn in krúswurdreaster. Dy syn puzel hie in tal ferburgen betsjuttings lykas "cottage hospital" en "time to go"
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|