Roetreager
| roetreager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ardea sumatrana | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De roetreager (Ardea sumatrana) is in fûgel yn it skaai reagers (Ardea) út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae) .
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De roetreager is mei 115 sintimeter lingte grutter as de by ús foarkommende reade reager. It fearrekleed is meast tsjustergriis. Briedfûgels ha lange wyteftige sierfearren op 'e nekke, de skouders en op it boarst. Juvenilen binne bruner.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e roetreager leit fan Súdeast-Aazje oant Nij-Guineä en Austraalje. De fûgel komt fral oan 'e kust foar, op eilannen en koraalriffen, yn mangroves en by grutte rivieren. Inkeldris wurdt er ek by ûndjippe wetterpartijen mear yn it lân waarnommen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in solitêre jager dy't ûnferweechlik wachtet oant der in proai foarby komt. Syn iten bestiet út fisk, krabben en oare skaaldieren.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e wrâldpopulaasje waard yn 2023 op 11.000 oant 71.700 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre. Oannommen wurdt dat de oantallen stadichoan tebekrinne troch ferlies fan habitat en fersteuring troch minsken.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Reager
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Fjetnam

