Rodriguessolitêr
Rodriguessolitêr | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
† Pezophaps solitaria | ||||||||||||
Gmelin, 1789 | ||||||||||||
útstoarn (± 1750) | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Rodriguessolitêr (Pezophaps solitaria) is in útstoarne fûgelsoarte. De likernôch 90 sm grutte fûgel libbe op 'e grûn en wie endemysk op it eilân Rodrigues. Mei't de minsken it doe noch ûnbewenne eilân oan it begjin fan 'e 18e iuw kolonisearren, stoar de fûgel healwei de 18e iuw út. De jacht troch minsken, it platbrannen fan 'e bosken en meinommen bargen, rotten en katten laten ta de útroeging fan 'e fûgel.
De fûgel wie besibbe oan 'e dodo fan Mauritsius en hearde mei dy soarte ta de dodofûgels (Raphinae), in ûnderfamylje fan it skift do-eftigen (Columbiformes),
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
François Leguat, dy't tusken 1691 en 1693 op Rodrigues wenne, beskreau de fûgel as in likernôch 90 sm grutte en 20 kg swiere fûgel, dy't wat fan in kalkoen hie mei koarte wjukken. Mantsjes waarden neffens him grutter as wyfkes en hiene in brún fearrekleed.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fynst fan maachstiennen yn in skelet fan in fûgel waard troch in pear wittenskippers as bewiis oandroegen dat de Rodriguessolitêr grut en hurd plantesied iet, wêrfan de skaal mei help fan 'e maachstiennen yn 'e mage fermealle waarden. Dêrmei spile de fûgel in tige grutte rol by de fersprieding fan 'e Sideroxylon galeatum, in hjoed-de-dei seldsume beamsoarte op it eilân dy't eartiids op it eilân dominant wie.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels wiene neffens de berjochten fan eardere naturalisten gjin koloanjebrieders; hja setten harren territoarium ôf tsjin soartegenoaten en ferdigenen dat tegearre. It op 'e boaiem boude nêst bestie út in heap palmblêden. Yn it nêst waard ien wyt aai lein, dat wat grutter as in guozzeaai wie.
Systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it bestean fan 'e fûgel waard lang twifele. Yn it jier 1789 waarden lykwols bonken yn in grot fûn. Yn 1867 waarden mear subfossilen fûn. De solitêr waard as de meast besibbe fûgel fan 'e dodo (Raphus cucullatus) beskôge. Syn lichemsbou wie lykwols tige ferskillend fan 'e dodo, sadat beide soarten yn ferskillende skaaien, foar in part sels yn aparte famyljes – Pezophapidae en Raphidae – yndield waarden.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't de fûgel net it fermogen hie om te fleanen wie it bist maklik te fangen. François Leguat en syn mannen wurdearren it sêfte fleis fan 'e jonge fûgels. Troch de jacht en de ynfierde katten, rotten en bargen namen de oantallen fûgels tige hurd ôf. Nei alle gedachten hat de populaasje ek nea hiel grut west. Al yn 1755 liet David Charpentier de Cossigny, de gûverneur fan 'e Maskarenen, fêstlizze dat dêr yn syn opdracht 18 moannen lang om 'e nocht nei in fûgel socht wie. Nei alle gedachten ferstoar de fûgel op it lêst om 1760 hinne út.
Fan 'e fûgel binne mar in pear skeletten yn musea te finen. It Hunterian Museum yn Londen besit it skelet fan in mantsje en in wyfke. Ek it Muséum national d’histoire naturelle yn Parys en it Hessische Landesmuseum yn Darmstadt besitte elts in skelet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:Rodrigues-Solitär
|