Springe nei ynhâld

Rodriguesdo

Ut Wikipedy
Rodriguesdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedowen (Columbidae)
skaaireadsturtdowen (Nesoenas)
soarte
Nesoenas rodericana
(Milne-Edwards, 1873)
útstoarn tusken 1726 en 1761
ferspriedingsgebiet

De Rodriguesdo (Nesoenas rodericana, synonym: Alectroenas rodericana) is in útstoarne fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae). De fûgel wie endemysk op it eilân Rodrigues, dêr't de spesifike namme rodericana nei ferwiist. De soarte is allinnich bekend út 'e beskriuwingen fan François Leguat yn 1708 en Julien Tafforet yn 1726 en út in pear subfossile bonkefynsten. De beskriuwing fan Julien Tafforet wurdt beskôge as de lêste ferwizing nei it bestean fan 'e soarte. De astronoom Abbé Guy Pingré observearre de Venusoergong op Rodrigues yn 1761 en skreau dat der gjin fûgels fan 'e soarte mear wiene. Se moatte dêrom tusken 1726 en 1761 útstoarn wêze, nei alle gedachten troch jacht, de ynfiering fan rotten en it ferneatigjen fan 'e bosken troch skyldpoddejagers yn 'e jierren 1750.

De Rodriguesdo wie lytser as de rôze do (Nesoenas mayeri) en de Madagaskartoarteldo (Nesoenas picturata'). Der binne mar in pear details bekend fan 'e twa waarnimmers fan 'e soarte. De fûgel waard omskreaun as wat lytser as ús dowen, laaikleurich en fet. François Leguat skreau dat de dowen tige nuet wiene. Tsientallen fûgels wachten om fuorre te wurden as it miel bûten iten waard en se hiene in foarkar foar meloensied. Neffens Leguat sieten se en bouden se har nêsten yn beammen. Tsjin de ein fan 'e 17e iuw briede de fûgel allinnich noch op lytse eilannen foar de kust en kamen se allinnich noch nei it haadeilân om dêr te foerazjearjen. De rotten dy't de Europeanen op Rodrigues yntrodusearre hienenm frieten yn dy tiid al op it haadeilân de aaien op.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:Rodriguestaube