Springe nei ynhâld

Rod Stewart

Ut Wikipedy
Rod Stewart
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSir Roderick David Stewart
nasjonaliteitflagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne10 jannewaris 1945
berteplakLonden (Highgate)
wurkpaad
lid fanFaces, earder The Jeff Beck Group, Shotgun Express, Steampacket
sjenreRock, Bluesrock, Pop
sjongtaalIngelsk
jierren aktyf1961–no
offisjele webside
rodstewart.com
Stewart (rjochts) doe't er yn Faces spile, mei Ronnie Wood (links), 1975

Sir Roderick David (Rod) Stewart (Highgate (Londen), 10 jannewaris 1945) is in Britske rocksjonger bekend om syn karakteristyke heazige stim. Hy wurdt de "song and dance man" neamd fanwegen syn poadiumpersoanlikheid. Hy is ien fan de meast suksesfolle Britske sjongers, mei mear as 250 miljoen ferkochte platen. It blêd Rolling Stone sette him op it 59e plak fan de 100 bêste sjongers fan alle tiden. Yn'e Feriene Steaten is er de 14e bêst ferkeapjende manlike artyst. In pear fan syn bekendste nûmers binne Sailing, Baby Jane, Da Ya Think I'm Sexy?, Every Beat of My Heart, Maggie May, I Don't Want to Talk About It en Rhythm of My Heart.

Rod Stewart is CBE, in ûnderskieding dy't er ein 2006 (New Year's Honours) útrikt krige fanwege syn artistike fertsjinsten. Hy is ek opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame, as solist en (yn 2012) as lid fan syn eardere band Faces.

Stewart waard yn 1945 yn Ingelân berne as soan fan Skotske ymmigranten yn de arbeiderswyk Highgate yn Londen. Lykas syn heit hie er in passy foar fuotbal. Yn juny 2022 brocht er in fideoklip út op syn YouTube-kanaal foar it nûmer Touchline, dat in earbetoan is oan syn heit en de tiid dat er in aktive fuotballer wie. Hy woe oarspronklik proffuotballer wurde en tekene doe't er 16 wie in kontrakt. Doe't in fuotbalkarriêre lykwols net trochgie, gie er nei it ferlitten fan de skoalle nei de London Academy of Art. Hy bedrukte siden stoffen en wurke in skoftke as besoarger en deagraver.

Rod Stewart yn 1986

Yn de jierren 1960 song er by Jimmy Powell and the Five Dimensions, Long John Baldry's Hoochie Coochie Men, The Soul Agents, Shotgun Express, The Steampacket en fan 1967 ôf by de Jeff Beck Group. Hy naam syn earste single (Good Morning Little Schoolgirl) op yn Londen yn 1964, dy't folge waard troch oare singles. Yn 1967 song er in demoferzje fan In a Broken Dream fan Python Lee Jackson. Nei Stewarts earste solosuksessen brocht de Australyske groep it nûmer yn 1972 út mei Stewarts sjongpartijen, sûnder him as sjonger te neamen.

Yn 1969 waard er de leadsjonger fan de Small Faces, dy't er holp te herfoarmjen ta de Faces - Stewart en syn freon Ron Wood wiene by de Faces weigien nei in rûzje mei Jeff Beck. Dy betide opnamen fan Stewart wurde karakterisearre troch de blues. Yn'e rin fan syn karriêre waard de bluesynfloed wei nei de eftergrûn te'n geunste fan sêftere en mear noflike sang. Rod Stewarts hannelsmerk bleau lykwols syn "rikkerige, sêfte stim". Syn imago omfette ek it rûge kapsel; Stewart sei: Muzyk is in produkt, it moat ferkocht wurde. Dat it is it imago dat telt, net wat je sjonge.

Yn 1969 naam Stewart An Old Raincoat Won't Ever Let You Down op, syn earste solo-album. It waard yn Noard-Amearika útbrocht as The Rod Stewart Album. Yn 1970 ferskynde it album Gasoline Alley. Pas mei syn tredde album Every Picture Tells a Story yn 1971 fêstige er him as solo-artyst. It album waard útroppen ta nûmer 171 fan de 500 bêste albums aller tiden yn de poll fan it muzykblêd Rolling Stone.

Sawol de single Maggie May as it album kamen tagelyk op nûmer ien yn it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten. Ron Wood stipe Stewart by it skriuwen fan songs foar de earste solo-albums. Neffens Wieland Harms degradearren de Faces "hieltyd mear ta in begeliedingsgroep" en namen se de muzikale begelieding op guon nûmers oer.

It nûmer Sailing, skreaun troch Gavin Sutherland yn 1972, holp Stewart ek om troch te brekken yn de Bûnsrepublyk Dútslân en Switserlân. Yn 1983 waard it nûmer Baby Jane ek n grut súkses. Stewarts ferzje fan Downtown Train, produsearre troch Trevor Horn, levere de auteur fan it nûmer, Tom Waits, yn 1990 in royalty-ynkommen op dat er mei it orizjineel net iens benei kaam. Stewart brûkte ek Tom Waits syn Tom Traubert's Blues (Waltzing Matilda) en makke der in wrâldhit fan.

Yn 1993 ferskynde der in MTV Unplugged opname fan Stewart. Yn 1994 waard er opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. Yn 2002 brocht Stewart in samling jazzstandards mei de titel It Had to Be You... The Great American Songbook. Nei it sukses fan it album en de multi-platina sertifisearring, brocht er fjouwer ferfolchalbums fan dat materiaal út; yn totaal binne der fan de Great American Songbook-albums wrâldwiid mear as 17 miljoen stiks ferkocht.

Yn 2007 waard er beneamd ta Commander of the Order of the British Empire foar syn fertsjinsten yn de muzyk. Hy mei it efterheaksel CBE oan syn namme taheakje. Yn 2010 die Stewart mei oan Simon Cowells goeddiedichheidskonsertprojekt Helping Haiti.

Yn juny 2016 waard er troch Elizabeth II riddere ta Knight Bachelor foar syn jierrenlange sukses yn de muzykyndustry en syn ynset foar ferskate goede doelen en kin sûnt it efterheaksel Sir oan syn namme tafoegje. Hy krige syn ridderoarder op 11 oktober 2016 út hannen fan prins William.

Stewart hat acht bern by fiif froulju. Yn 1964 krige er in dochter mei de skilderes Susannah Boffey, dy't troch adopsje ôfstien waard. Mei syn earste frou Alana Hamilton (1980-1984) krige Stewart noch in dochter (* 1979) en in soan (* 1980). Stewart hat ek in dochter mei model Kelly Emberg (* 1987). Syn twadde frou Rachel Hunter (1994-2006) befoel yn 1992 fan in dochter en yn 1994 fan soan Liam. Mei syn tredde frou Penny Lancaster, dêr't er yn juny 2007 mei troude, krige Stewart noch twa soannen yn 2005 en 2011.

Yn 1999 waard by Stewart skyldklierkanker konstatearre, dêr't er yn july 2000 oan operearre waard. De operaasje drige syn karakteristike 'raspjende stim' te fernielen. Stewart moast nei syn kankerbehanneling op'e nij sjongen leare. Sûnt syn kanker is Stewart belutsen by de City of Hope Foundation, dy't kankerûndersyk stipet. Yn septimber 2019 kundige er oan dat der yn 2016 prostaatkanker by him konstatearre wie.

Foar in folsleine diskografy sjoch: en:Rod Stewart discography

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: