Robynkielkolibry
| Robynkielkolibry | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Archilochus colubris | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De robynkielkolibry (Archilochus colubris) is in fûgel út 'e famylje kolibrys (Trochilidae). It is de iennichste kolibrysoarte dy't op grutte skaal yn it easten fan Noard-Amearika briedt. De fûgel tanket syn namme oan de opfallende, glânzgjende reade kiel fan it mantsje. Tegearre mei de swartkinkolibry (Archilochus alexandri) foarmet it it skaai fan 'e archilochus-kolibrys.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De robynkielkolibry is in lytse kolibry mei in lingte fan sa'n 7,5 oant 9,5 sintimeter en in gewicht fan likernôch 3,1 gram. Se hawwe in smaragdgriene rêch en in wyt-griizige ûnderkant. De snavel is lang, tin en rjocht. It mantsje is maklik te werkennen oan it reade irisearjende kielplak, dat by brek oan sinne swart lykje kin. De sturt fan it mantsje is foarke en donker fan kleur. It wyfke mist it reade kielplak en hat in wite kiel mei bytiden wat donkere stipkes. Har sturt is rûn mei wite einen op 'e bûtenste fearren.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De robynkielkolibry hat in grut ferspriedingsgebiet. Simmerdeis briede se yn it easten fan 'e Feriene Steaten en it súdeasten fan Kanada. It is in trekfûgel dy't oerwinteret yn Sintraal-Amearika, Meksiko en somtiden de Florida Keys. In soad fan dizze fûgels fleane yn ien kear de Golf fan Meksiko oer, in tocht fan wol 800 kilometer oer wetter. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde. Hy is nau besibbe oan 'e swartkielkolibry (Archilochus alexandri), dêr't er yn it westen fan syn briedgebiet wolris mei hybridisearret.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De robynkielkolibry libbet yn iepen leafwâlden, parken en tunen. Se binne tige enerzjyk en hawwe in ekstreem hege stofwikseling. Om te oerlibjen, moatte se deis út hûnderten blommen nektar drinke. Dêrnjonken fange se lytse ynsekten en spinnen foar de aaiwiten.
Mantsjes binne tige territoriaal en ferdigenje harren fiedselboarnen en briedplakken agressyf tsjin oare kolibrys en sels gruttere fûgels. It nêst wurdt troch it wyfke op in tûke fan in beam boud en is makke fan plantaardich materiaal en spinnenreach. De bûtenkant wurdt beklaaid mei koarstmoas foar de kamûflaazje. Wyfkes lizze meastentiids twa wite aaikes, net grutter as in beantsje fan 13 by 8 mm. De briedtiid duorret 12 oant 14 dagen. De jonge fûgels wurde troch it wyfke fuorre mei in mingsel fan nektar en lytse ynsekten, dy't se fuort yn 'e kiel fan 'e jongen spuit. Nei 18 oant 22 dagen fleane de jonge fûgels út.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de robynkielkolibry as net bedrige (Least Concern). De populaasje is de lêste desennia sels wat tanommen, mooglik meidat mear minsken foerbakjes foar de fûgels yn harren tunen ophingje en blommen plantsje, dy't de fûgels nektar biede.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme Archilochus ferwiist nei de Grykske dichter Archilochus. De soartnamme colubris komt nei alle gedachten fan it Spaanske wurd 'colibrí', itjinge kolibry betsjut.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Glânskielkolibry
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
