Robynkielgealtsjes
| Robynkielgealtsjes | ||
| Calliope calliope | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje | miggesnappers (Muscicapidae) | |
| ûnderfamylje | paapkefûgels (Saxicolinae) | |
| Gould, 1836 | ||
It fûgelskaai Robynkielgealtsjes (Calliope) bestiet út lytse oant middelgrutte sjongfûgels fan 13 oant 16 sm lang. De soarten waarden foarhinne yn it skaai Luscinia set, mar op basis fan DNA-ûndersyk hat in splitsing plakfûn en binne in oantal soarten yn it aparte skaai Calliope set. De soarten steane bekend om harren heldere en melodieuze sang.
Mantsje ha in felkleurd boarst (read, oranje of blau) mei somtiden in konstrastearjende râne. Wyfkes binne brún, griisbrún of oliifkleurich sûnder opfallende tekening. De búk is ljochter as de boppekant. De fûgels ha in slank formaat mei relatyf lange poaten. De snaffel is rjocht, fyn en geskikt om ynsekten te fangen
Se binne skou en libje yn 'e regel tichteby de grûn, dêr't se tusken strûken hippe. Se briede ek op of krekt boppe de grûn en it nêst sit goed ferside yn 'e strûken of it gers.
Robynkielgealtsjes binne te finen yn Sibearje, Sina, yn 'e Himalaya en yn Japan. De measte soarten binne trekfûgels en oerwinterje yn Súdeast-Aazje.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai wurdt yn 5 soarten ûnderferdield:
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status Trend |
|---|---|---|---|---|
| Calliope calliope | robynkielgeal | Sibearje, Noard-Mongoalje, oerwinteret yn Súdeast-Aazje. | net bedrige stabyl[1] | |
| Calliope obscura | swartkielgeal | West-Sina, eastlik Tibet, oerwinteret yn Súd-Sina, Birma | kwetsber ôfnimmend[2] | |
| Calliope pectardens | Fjoerkielgeal | Sintraal-Sina, oerwinteret yn Súd-Sina, Yndosina | hast bedrige ôfnimmend[3] | |
| Calliope pectoralis | berchrobynkielgeal | Himalaya, West–Sintraal Sina, oerwinteret yn Noard-Yndia oant Súdeast-Aazje | net bedrige stabyl[4] | |
| Calliope tschebaiewi | Sineeske robynkielgeal | Sintraal- en West-Sina, oerwinteret yn Súd-Sina, Yndosina | net bedrige stabyl[5] | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
