Springe nei ynhâld

Robert Musil

Ut Wikipedy
Robert Musil
skriuwer
Musil yn 1930
Musil yn 1930
persoanlike bysûnderheden
echte nammeRobert Edler von Musil
nasjonaliteitEastenryksk
berne6 novimber 1880
berteplakKlagenfurt (Eastenryk-Hongarije)
stoarn15 april 1942 (61 jier)
stjerplakSjenêve
wurk
taalDútsk
sjenreRoman, koarte ferhalen, toaniels
streamingModernisme
bekendste
  wurk(en)
Die Verwirrungen des Zöglings Törleß, Der Mann ohne Eigenschaften
jierren aktyf1905–1942

Robert Musil wie in Eastenrykske skriuwer en teäterkritikus. De Earste Wrâldoarloch en de fêstiging fan it nazi-bewâld yn Dútslân en Eastenryk wiene wichtige kearpunten foar syn literêre wurk.

Musil syn wurk omfettet novelles, toanielstikken, essays, resinsjes en twa romans: yn 1906 waard Die Verwirrungen des Zöglings Törleß publisearre, in literêr modernistysk wurk dat faak brûkt wurdt as skoallêsmateriaal. Musil wurke fan 'e jierren 1920 oant syn dea oanhâldend oan syn haadwurk, Der Mann ohne Eigenschaften ('De Man Sûnder Eigenskippen'), dat beskôge wurdt as in klassiker fan 'e wrâldliteratuer en in protte autobiografyske eleminten hat, mar koe it net foltôgje. Ynterpretaasjes en wittenskiplike publikaasjes oer it wurk binne sûnt de jierren 1950 sûnder ophâlden trochgien. [1]


Kar-út:

  • 1906 Die Verwirrungen des Zöglings Törleß
  • 1908 Beitrag zur Beurteilung der Lehren Machs (dissertaasje)
  • 1911 Vereinigungen (fertellingen: Die Vollendung der Liebe, Die Versuchung der stillen Veronika)
  • 1918 Skizze der Erkenntnis des Dichters (ferhanneling)
  • 1921 Die Schwärmer (toaniel)
  • 1924 Vinzenz und die Freundin bedeutender Männer (toaniel)
  • 1924 Drei Frauen (novellen: Grigia, Die Portugiesin, Tonka)
  • 1930-32 Der Mann ohne Eigenschaften, earste twa dielen
  • 1936 Nachlaß zu Lebzeiten (ferhalebondel)
  • 1952 Der Mann ohne Eigenschaften, postúm oanfolle mei haadstikken dy't net ôf wienen
Grigia (1923)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Norbert Christian Wolf: Kakanien als Gesellschaftskonstruktion. Robert Musils Sozialanalyse des 20. Jahrhunderts. Böhlau, Köln u. a. 2011, s. 20 f.