Springe nei ynhâld

Robert Jensen

Ut Wikipedy
Robert Jensen
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte nammeRobert Kjærby Jensen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne12 april 1973
berteplakFoarburch
stoarn12 jannewaris 2026
etnisiteit  Deensk
wurkpaad
wurksum asDiskjockey
Presintator
mediumTelefyzje
Radio
wurksum byVeronica,
RTL 5,
Omroep West,
Yorin,
Veronica,
bekend fanJENSEN!
jierren aktyf1991-2026

Robert Kjærby Jensen (Foarburch, 12 april 1973 - 12 jannewaris 2026) wie in Nederlânske radio-dj en telefyzjepresintator.

Jensen wie in soan fan Walther Kjærby, de vice-konsul fan de Deenske ambassade. Hy wie in broer fan radio-dj Frank Dane, dy't de namme Dane as pseudonym brûkt sadat it ferbân mei syn broer Robert minder gau lein wurdt.

Jensen begûn syn karriêre by de radio. Earst by in lokale stjoerder en dêrnei by de regionale stjoerder Omroep West, mar al gau helle dj Alfred Lagarde him nei Radio Veronica. Fan 1995 ôf wie Jensen ek te sjen op telefyzje. Fan 2002 ôf hie er syn eigen programma JENSEN! op Yorin. Yn syn talkshow kamen net allinne bekende Nederlanners del; ek ynternasjonale stjerren as Shakira, Snoop Dogg, Enrique Iglesias en Jamie Oliver sieten op syn bank. Fan 2009 oant 2011 wie syn programma te sjen by RTL 5. Foar dy stjoerder makke hy ek oare programma's.
Jensen wie tige rûch yn de mûle en soarge somtiden foar kommoasje as it gie om útspraken oer bekende Nederlanners.

Robert Jensen ferstoar op 12 jannewaris 2026 yn 'e âldens fan 52 jier ta gefolch fan in hertstilstân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: