Springe nei ynhâld

Robert Noorduyn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Robert B.C. Noorduyn)
Robert B.C. Noorduyn, ± 1940
In Noorduyn UC-64A Norseman Mk.VI fan de Sweedske loftmacht yn it Sweedske Loftmachtmuseum (Flygvapenmuseum)

Robert Bernard Cornelis Noorduyn [1] (Nimwegen, 6 april 1893South Burlington, (Vermont, Feriene Steaten), 22 febrewaris 1959) wie in makker en ûntwerper fan ferskate fleantúchtypen.

Fokker Universal (1927)

Robert Bernard Cornelis Noorduyn wie in soan fan de Nederlanner Bernardus Noorduyn en syn Ingelske frou Harriet Ellen Churchill. [2] Bob Noorduyn krige in technyske oplieding yn sawol Nederlân as Dútslân. Nei't er de stúdzje ôfrûne hie, gie er yn 1913 nei it Feriene Keninkryk. [3] Hy ûntwikkele dêr in fassinaasje foar it fleanen nei't er op in Caudron G II it fleanen learde. Hy waard troch de Britske fleantúchbouwer Sopwith Aviation Company as technysk tekener oannommen.

Fan 1917 ôf wie er tegearre mei in oare Nederlanner, Frits Koolhoven sjeftekener fan de British Aerial Transport Company, dy't er yn 1919 ferliet om foar Anthony Fokker yn Nederlân oan it wurk te gean. Om't Fokker yn de Feriene Steaten útwreidzje woe, gie Noorduyn yn 1921 nei Teterboro (New Jersey) om dêr as bedriuwslieder fan Fokker USA oan it wurk te gean. Hy ûntwikkele de Fokker Universal, dêr't in soad eksimplaren fan nei Kanada eksportearre waarden om te helpen by de opbou en de bewenning fan Noard-Kanada. Ek ferboude Anthony Fokker de ienmotorige Fokker F.VII ta in tastel mei trije motors op oanstean fan Noorduyn. [4]

Yn it begjin fan 1929 sette er ôf nei fleantúchfabrikant Bellanca yn Wilmington (Delaware), dêr't er de Skyrocket ûntwurp. Dat tastel wie in trochûntwikkeling fan de Bellanca Pacemaker, dy't ek in soad brûkt waard yn Noard-Kanada. Yn 1932 ûntwikkele er foar Pitcairn Autogiro de earste fjouwerpersoans autogiro mei kabine.

Yn de hjerst fan 1934 besleat Noorduyn eigen baas te wurden en rjochte er Noorduyn Aviation op. Hy kocht in âld fabryk fan Curtiss-Reid bûten Montreal. [3] Dêr kombinearre er syn ûnderfiningen dy't er by sawol Fokker as Bellanca opdien hie. Soks late ta de Noorduyn Norseman.

It earste tastel wie de Norseman I. It wie in mearsidich fleantúch foar it ferfier fan passazjiers en fracht en geskikt om gebrûk te meitsjen fan drege start- en lâningsomstannichheden op lân, wetter of iis. [3] De earste flecht waard makke op 14 novimber 1935 mei in Wright motor fan 420 hk. [3] Yn 1936 kaam it tastel, as Norseman II, yn produksje mar rillegau waard dúdlik dat it motorfermogen net genôch wie. De Norseman IV krige in Pratt & Whitney motor fan 550 hk. Dat tastel fleach op 5 novimber 1936 foar it earst en dizze ferzje waard in grut sukses. It tastel is yn de Twadde Wrâldoarloch brûkt as ferbinings- en lesfleantúch. De Noorduyn Norseman is benammen yn Kanada ynset om piloaten op te lieden dy't fjochtsje soene by de Britske Royal Air Force of oare loftmachten fan it Britsk Mienebest. Ek boude er de North American Harvard, in lesfleantúch, yn lisinsje.

Robert Noorduyn stoar thús yn de âldens fan 65 jier.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Neffens syn berte-akte Noorduijn.
  2. H. Jacobs The Noorduyn-Norseman Story, rieplachte op 31 augustus 2022
  3. 1 2 3 4 (in) Smithsonian Institue Noorduyn
  4. (in) Dutch Aviation Fokker F.VIIa-3m