Robústen
| Robústen | ||
| Skedelfragminen fan robusten yn it Natuerhistoarysk Museum fan Milaan | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
| skift: | primaten (Primates) | |
| ûnderskift: | drûchnoazigen (Haplorhini) | |
| famylje: | minskeftigen (Hominidae) | |
| ûnderfamylje: | echte minskeftigen (Homininae) | |
| tûke: | beneiminsken (Hominini) | |
| skaai: | robústen (Paranthropus) | |
| Broom, 1938 | ||
De robústen (Paranthropus) binne in útstoarn skaai yn de tûke fan de beneiminsken fan de echte minskeftigen (Homininae). Earder waard it skaai behannele as part fan it skaai Australopithecus, wat ek útstoarn is, mar neiere stúdzje late ta de taksonomy as in skaai apart. Lykwols is it bewiis foar it skaai mar lyts: Der is nea gâns in Robúste fûn.
Robústen hawwe libbe tusken sawat 2,9 en 1,2 miljoen jier lyn, dat wol sizze fan de ein fan it Plioseen oant it Midden-Pleistoseen. Hja wurde karakterisearre troch robúste skedels, mei in promininte gorilla-eftige sagittale kam lâns de middenline, wat suggerearret dat hja sterke kauspieren hienen en de brede, herbivore tosken dy't brûkt wurde foar it raspjen fan it iten.
De robústen binnne likernôch like âld as Homo nei de tiidskeal, mar hja wiene faaks 50 k, wat de hichte oanbelanget moatte hja likernôch 130 sm heech west hawwe. Grif hat op it lêst de savanne mear foardiel foar Homo joen as de lannen oan de rivier joegen dêr't de robústen libben.
Taksonomie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde trije soarten fan Robústen beskreun:
- tûke beneiminsken (Hominini)
- skaai robústen (Paranthropus) †
- Paranthropus aethiopicus †
- Paranthropus boisei †
- Paranthropus robustus †
- skaai robústen (Paranthropus) †
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|