Springe nei ynhâld

Rjochtspopulisme

Ut Wikipedy

It rjochtspopulisme of nasjonaal-populisme is in foarm fan populisme oan 'e rjochterkant fan it politike spektrum. It is in politike ideology dy't rjochts-politike stânpunten kombinearret mei populistyske retoryk en tema's. De retoryk makket gebrûk fan anty-elitêr sentimint, ferset tsjin de Establishment en it "sprekken foar it gewoane folk". Weromkearende tema's fan rjochtspopulisten binne ûnder mear neonasjonalisme, sosjaal-konservatisme, ekonomysk nasjoalisme en fiskaal konservatisme. Faak wolle se de nasjonale kultuer, identiteit en ekonomy ferdigenje tsjin ûnderstelde oanfallen om utens.

Rjochtspopulisme wurdt yn ferbân brocht mei autoritarisme, wylst guon ekstreemrjochtse populisten ferlikings meitsje mei faksisten. Rjochtspopulisme yn 'e westerske wrâld wurdt bytiden assosiearre mei ideologyen lykas anty-miljeubewustwêzen, anty-globalisearring, nativisme en proteksjonisme. Yn Jeropa wurdt it begryp gauris brûkt om groepen, politisy en politike partijen te beskriuwen dy't algemien bekend stean om har ferset tsjin ymmigraasje, en dan benammen út 'e moslimwrâld, en har euroskeptisisme. Guon rjochtse populisten binne foarstanner fan 'e útwreiding fan 'e fersoargingssteat, mar allinnich foar dyjingen dy't hja dêrfoar geskikt achtsje; dat konsept wurdt wol "wolwêzenssjovinisme" neamd. Sûnt de Grutte Resesje binne Jeropeeske rjochtspopulistyske ideeën yn populariteit waaksen gien, foar in grut part as gefolch fan waaksende opposysje tsjin ymmigraasje út it Midden-Easten en Afrika, waaksend euroskeptisisme, en ûntefredenens oer it ekonomysk belied fan de Jeropeeske Uny.

Sûnt de 1990-er jierren hawwe rjochtse populistyske partijen foet oan 'e grûn krigen yn 'e wetjouwende macht fan ferskate demokrasyen. Sûnt de 2010-er jierren is rjochtspopulisme de dominante politike krêft bleaun yn 'e Republikeinske Partij yn 'e Feriene Steaten. Howol't ekstreemrjochtse bewegings yn 'e Feriene Steaten, dêr't se ornaris as "radikaal rjochts" oantsjut wurde, ornaris karakterisearre wurde as ôfsûnderlike ienheden, beskôgje guon skriuwers har as ûnderdiel fan in breder, rjochtspopulistysk fenomeen. De Amerikaanske sakeman en mediapersoanlikheid Donald Trump wûn de presidintsferkiezings fan 2016 en 2024 nei in kampanje fierd te hawwen op grûnwurk fan rjochtspopulistyske tema's.

Rjochtspopulisme is in ideology dy't benammen neo-nasjonalisme, sosjaal-konservatisme en ekonomysk-nasjonalisme foarstiet. In miene kearn fan rjochtspopulistyske polityk is dat bepalend is dêr't in bedrige mienskip yn konstruearre wurdt.

Rjochtspopulisme stiet yn in soad opsichten tichteby it konservatisme en ekstreem-rjochts, dat nei 1945 fannijs ûntstie út in tradysje fan nasjonaalsosjalistyske en faksistyske bewegings wei. Boppedat komt it fenomeen yn guon lannen al sûnt de 1980-er jierren foar, wylst it yn oare lannen pas oan 'e ein fan de 1990-er jierren opkaam of mar in bystje oanwêzich is. Yn ferliking yn Jeropa binne der grutte ferskillen tusken de partijen, persoanen en organisaasjes dy't as rjochtspopulistysk beskôge wurde. Dat wurdt feroarsake troch de nasjonale oriïntaasje yn de repektyflike Jeropeeske lannen, har ferskillende skiednis en de respektyflike foarmen fan it polityk systeem en it partijlânskip. Rjochtspopulisme wurdt ek net allinnich fertsjintwurdige troch "jonge protestpartijen", ek de fêstige demokratyske partijen en ekstreem-rjochts hawwe ferskate stânpunten en hâldings fan rjochtspopulisme oernommen. Dochs binne der oerienkomsten dy't rjochtspoupisten ûnderskiede fan oare politike bewegings en dy't yn ferskate foarmen by al har fertsjintwurdigers werom te finen binne.

In ier foarbyld fan in klassyk rjochtspopulistyske beweging is it poujadisme yn Frankryk yn 'e 1950-er jierren. As reaksje op dy maatskiplike, ekonomyske en politike draaiïng yn 'e 1960-er en 1970-er jierren ûntstie yn Jeropa in nije foarm fan rjochtspopulistsyke bewegings. Oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren wiene de Westjeropeeske demokrasyen tige sosjaal-demokratysk oriïntearre. It "ekonomysk wûnder" nei de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich hie foar in folsleine wurkgelegenheid en in wis wolwêzen foar de legere klassen soarge; de sosjale stelsels wiene ôfstimd op in beheind ferlet oan oerheidsfoarsjennings. Om't der yn in soad sektors net genôch arbeidskrêften te finen wien, sleaten regearings oerienkomsten mei Súd- en Súdeastjeropeeske lannen dy't de ynstream fan arbeidsmigranten regelen. Op ekonomysk mêd oerhearske it neokeynesianisme, dat foarstanner wie fan yngreven oerheidsregulearjen fan de merken.

Oan 'e ein fan de 1960-er jierren en it begjin fan de 1970-er jierren wie der in maatskiplike en ekonomyske draaiïng. Yn 1968 wiene der in soad protesten tsjin autoritêre struktueren fan de neikriichske maatskippij, dochs bleau fêsthâlden oan it doel fan "oerfloedsmaatskippij" (Ingelsk: affluent society). Yn 1973 stoarte it mondiale monetêre stelselyninoar itjinge late ta de oaljekrisis fan 1973 ta wurkleazens en falliseminten yn in soad yndustriële sektors. It besykejn fan 'e polityk en bied antysyklysk tsjinwicht, mislearre.

As gefolch dêrfan besochten nije loftse en griene partijen dy't ferbûn wiene mei studintebewegings, har ôf te beakenjen fan 'e tradisjonele polityk en koene se har yn in soad lannen mei sukses yn it partijestelsel fêstigje. Troch harren sukses hawwe se de politike koers tige yn har eigen rjochting beynfloede: progressive en postmaterialistyske wearden waarden mear wurdearre, wylst de maatskiplike haadstream him hieltyd mear ôfkearde fan de autoritêre struktueren fan it foarkriichske en fuortendaliks neikriichske tiidrek. Tagelyk kearden de regearings fan West-Jeropa har fan it neokeynesianisme ôf en rjochten har op neoliberalisme. Dat gie tagelyk mei it ôfbouwen fan struktueren fan 'e fersoargingssteat, it privatisearjen fan kaaisektors en in yngreven ôfwizing fan ynmingingsbelied. Wurkleazen en leech oplaten moasten in ferlies oan sosjale sekerheid aksepteaje. Dêr kaam noch in fersterke "europeanisearring" fan 'e nasjonale steaten by: polityk foech waard oerdroegen oan 'e Jeropeeske Mienskip, letter de Jeropeeske Uny, dy't him fierder útwreide en in gruttere ynfloed útoefene op 'e struktueren en wetten fan de lidsteaten.

Dêrop ûntstiene earst yn Denemark en Noarwegen nije rjochtse partijen, dy't besochten de minsken dy't troch de feroarings troffen waarden foar har te winnen. Yn Belgje ûtstie it Flaamsk Blok, yn Frankryk naam it Front National rjochtspopulistyske stânpunten oer. Al dy partijen koene kiezers fan rjochts en út it politike midden foar har winne. Ynearsten waarden se sjoen as in koartduorjend fenomeen, dochs se koene har yn hieltyd mear lannen fêstigje: yn Eastenryk begûn de FPÖ in rjochtspopulistyske koers yn te slaan. Begjin 1990-er jierren folge de troch Christoph Blocher late Züricher Flügel (wjuk fan Zürich) fan de SVP yn Switserlân. Doe't Steve Bannon de eardere adviseur fan Donald Trump, op 6 maart 2018 yn Zürich wie, priisge er Switserlân as "it beaken fan de konservative draaiïng" en Christop Blocher as "Trump foar Trump".

Mei it útinoar fallen fan it Eastblok ûntstiene ek yn East-Jeropa ferskate populistyske partijen oan 'e rjochterkant fan it polityk spektrum, dy't lykwols net lang duorren, mar nea folslein ferdwûnen. Mei de List Pim Fortuyn berikte it rjochtspopulisme ek Nederlân dat oant doe as ferljochte, kosmopolysk en nijmoadrich en dus as "resistint" beskôge waard. Wylst yn it begjin benammen euroskeptisisme en algemiene frjemdlingehaat sintraal stiene by de rjochtspopulistyske partijen, ûntdutsen benammen Westjeropeeske rjochtspopulisten nei de oanslaggen fan 11 septimber 2001 it anty-islamisme, dat de Jeropeeske moslims ta in fijânbyld seach. Dy foarm fan útsluting befoardere in miene identiteit fan tige ferskillende minsken dy't troch transformaasjeprosessen har bân mei har oarspronklik miljeu ferlern hiene. Itselde gou foar East-Jeropa, dêr't gâns de befolking troffen waard torch it yninoar stoarten fan de sosjalistyske systemen.

Guon rjochtspopulistyske figueren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
FiguerLânPosysjePartijLogo

Jair Bolsonaro
Brazyljepresidint (2019-2023)PL

Recep Tayyip Erdoğan
Turkijepresidint (2014-no)AKP

Nigel Farage
Grut-Brittanjepartijlieder (2024-no)
parlemintslid (2024-no)
Reform UK

Jarosław Kaczyński
Poalenpremier (2006-2007)PiS

Giorgia Meloni
Itaaljepremier (2022-no)FdI

Javier Milei
Argentynjepresidint (2023-no)LLA

Narendra Modi
Yndiapremier (2014-no)BJP

Benjamin Netanyahu
Israelpremier (1996-1999)
(2009-2021)
(2022-no)
Likûd

Viktor Orbán
Hongarije premier (2010-no)Fidesz

Marine le Pen
Frankrykpartijlieder (2011-no)RN

Donald Trump
Feriene Steatenpresidint (2017-2021)
(2025-no)
Republikeinske Party

Bart de Wever
Belgjepremier (2025-no)NVA

Alice Weidel
Dútslânpartijlieder (2022-no)AfD

Geert Wilders
Nederlânfraksjefoarsitter (2006-no)PVV
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op en:Right wing populism en de:Rechtspopulismus