Rivierwâld
In rivierwâld of rivierbosk is in wâld by de igge(n) fan in oerflaktewetter lâns. Yn 'e measte gefallen giet it dêrby om in rivier of in beek, mar it kin ek in poel, mar, tijmûning, moeras of kanaal wêze. De oanwêzigens fan rivierwâlden is in wichtich betingst foar in natuerlik riviersysteem. Op plakken dêr't rivieren bedike binne en uterwaarden it byld bepale, binne rivierwâlden yn 'e ôfrûne iuwen frijwol oeral kappe om romte te meitsjen foar greiden en mieden.
Fanwegen it grutte ferskaat oan bosken dy't ûnder de term 'rivierwâld' beflapt wurde kinne, hawwe rivierwâlden ek in tige grut ferskaat oan skaaimerken. Dêrta hearre bygelyks in hege mjitte fan boaiemkompostearring, eigen mikroklimaten, karakteristike plantestruktueren en in fruchtbere ûndergrûn trochdat by oerstreamings in laachje rivierslib efterbliuwt dat ryk is yn fiedingsstoffen. Nettsjinsteande alle ferskillen is der by rivierwâlden altyd ien konstante faktor: de hege primêre produktiviteit (it oanmeitsjen fan organyske stoffen út koalstofdiokside). Rivierwâlden binne fierders fan grut belang foar it recycljen fan fiedingsstoffen, bygelyks út 'e kadavers fan salmen dy't ôfstjerre nei't se streamop swommen binne en ridde hawwe.
Rivierwâlden foarmje in oergongssône tusken heger leine, drûgere terrestryske biotopen en it akwatyske biotoop fan 'e rivier. Organismen dy't thús binne yn rivierwâlden hawwe har troch evolúsje oanpast om oer periodike oerstreamings te kinnen. In protte kinne der net allinnich oer, mar hawwe der ferlet fan om sûn te bliuwen en har libbenssyklus te trochrinnen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
