Rivieriisfûgels
rivieriisfûgels | ||
![]() | ||
In (gewoane) iisfûgel (Alcedo atthis). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | rôldereftigen (Coraciiformes) | |
famylje: | iisfûgels (Alcedinidae) | |
ûnderfamylje: | rivieriisfûgels (Alcedininae) | |
Rafinesque, 1815 | ||
De rivieriisfûgels (wittenskiplike namme: Alcedininae) foarmje in ûnderfamylje fan it skift fan 'e rôldereftigen (Coraciiformes) en de famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinidae). Ta dizze ûnderfamylje hearre 35 soarten, wêrfan't de (gewoane) iisfûgel (Alcedo atthis), dy't ek yn Nederlân foarkomt, fierwei de bekendste is.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rivieriisfûgels waarden as ûnderfamylje yn 1815 yntrodusearre troch de Frânske ornitolooch Constantine Samuel Rafinesque. Se binne ien fan trije ûnderfamyljes yn 'e famylje fan 'e iisfûgels (Alcedinindae). De oare beide binne de beamiisfûgels (Halcyoninae) en de wetteriisfûgels (Cerylinae). De ûnderfamylje fan 'e rivieriisfûgels omfettet 35 soarten dy't opdield binne yn 4 skaaien.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte rivieriisfûgels binne yn har fersprieding beheind ta de tropyske dielen fan Afrika, Súd-Aazje, Súdeast-Aazje en súdwestlik Oseaanje. By trije soarten rikt it areaal ta oan Austraalje, en mar ien soarte, de (gewoane) iisfûgel (Alcedo atthis), komt foar yn Jeropa en de koelere dielen fan Aazje. Gjin inkele soarte fan dizze ûnderfamylje libbet yn 'e Nije Wrâld.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rivieriisfûgels binne lytseftige, gnobsk boude fûgeltsjes mei in koarte sturt, in yn ferhâlding ta it lichem grutte kop en in lange snaffel mei in skerpe punt. Yn dizze ûnderfamylje is by de soarten oan 'e kleur fan 'e snaffel te sjen hokker dieet se hawwe: de ynsektivoaren hawwe in reade snaffel, wylst by de piskivoaren (fiskiters) de snaffel swart is. It fearrekleed is oer it algemien opfallend en fel kleure. By guon soarten bestiet gjin seksuele dimorfy, wylst by oare soarten de geslachten folslein fan uterlik ferskille.
Alle rivieriisfûgels útsein ien soarte út it skaai fan 'e dwerchiisfûgels (Ceyx) hawwe trije teannen (wêrfan't twa foarút wize en ien efterút), ynstee fan 'e gebrûklike fjouwer (trije foarút en ien efterút). De útsûndering is de Selebesdwerchiisfûgel (Ceyx fallax), dy't in rudimintêre fjirde tean bewarre hat. As se op in tûke delstrike, sitte rivieriisfûgels alhiel rjochtop, en by it fleanen geane se rjochtút en direkt op har doel ôf. De rop is in ienfâldige heechtoanige piip, dy't gauris utere wurdt op 'e wjuk.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rivieriisfûgels libje ornaris deun yn 'e neite fan oerflaktewetter. Dat jildt net inkeld foar de soarten dy't fisk frette, mar ek foar de ynsektivoaren. By de fuortplanting binne rivieriisfûgels monogaam en territoriaal. It nêst wurdt útgroeven yn in steile wâl of in ierden klif. Beide âlden bebriede it lechsel om bar en tegearre bringe se ek de piken grut, dy't nêstbliuwers binne.
Underfamylje-opbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|