Rivierein
Rivierein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() jerk ![]() sijke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Merganetta armata | ||||||||||||
Gould, 1842 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De rivierein (Merganetta armata) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai fan 'e riviereinen (Merganetta).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Riviereinen binne 43 oant 46 sm lange eintsjes en krekt wat grutter as skiertsjillings. It jerkje en it sijke binne folslein ferskillend fan inoar, mar ha alletwa in moai fearrekleed. De jerk hat in wyt kopke mei in swarte eachstreek dy't hast oant it boppediel fan it boarst trochrint en oer in oare streek mei de nekke is ferbûn. De ûnderkant ferskilt fan 'e ûndersoarte en is fral wyt mei swarte yn it noarden oant fral swart mei brune seamen oan 'e fearren yn it suden. It wyfke hat in blaugrize kop, wylst de ûnderkant oranjeread is. Beide skaaien ha in strekerige rêch, in felreade snaffel en in grienglânzgjende wjukspegel.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk yn it Andesberchtme yn Súd-Amearika. It is de iennige soarte yn it skaai bergeinen (Merganetta), dy't ferdield wurdt yn seis ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Merganetta armata colombiana – Kolombia en it oangrinzgjende noardwesten fan Fenezuëla en Ekwador.
- Merganetta armata leucogenis – sintraal en eastlik Ekwador en Perû.
- Merganetta armata turneri – Cuzco en Arequipa yn it suden fan Perû.
- Merganetta armata garleppi – Bolivia.
- Merganetta armata berlepschi – it noardwesten fan Argentynje en Noard-Sily.
- Merganetta armata armata – Sily en it oangrinzgjende Argentynje oant Tierra del Fuego.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ein is ien fan 'e fjouwer einesoarten dy't oanpast binne oan it libben yn hiel hurd streamende rivieren (de oaren binne de harlekynein op it noardlike healrûn, de Salvadori-ein op Nij-Guineä en de blauwe ein op Nij-Seelân.
Riviereinen wurde yn bercheftige gebieten op hichtes tusken 1.200 en 4.500 m oantroffen. De soarte briedt yn rotsspjalten en oare smoute holtes by it wetter. It is in tige betûfte swimein, dy't wringeleaze dierkes yt. Se fleane selden lange ôfstannen en wurde ek net in soad mei oare einesoarten sjoen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne, mar net sa slim dat de ein as bedrige beskôge wurde moat. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige op 'e Reade list. De wrâldpopulaasje bestiet neffens in rûzing fan 2009 út 13.000 oant 23.000 fûgels .
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- BirdLife, oproppen 5 febrewaris 2025.
- Ebird, oproppen 5 febrewaris 2025.
- Avibase, oproppen 5 febrewaris 2025.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|