Readpoatwinterkob
| readpoatwinterkob | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Rissa brevirostris | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De readpoatwinterkob (Rissa brevirostris) is in fûgelsoarte yn it skaai winterkobben (Rissa) út de famylje seefûgels (Laridae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is tige nau besibbe oan 'e winterkob (Rissa tridactyla) en is ek in lytse, langwjukige seefûgel mei koarte poaten en grize wjukken mei swarte punten. De readpoatwinterkob is lykwols wat lytser (35-39 sintimeter lang) en hat in gruttere, rûnere kop en koartere snaffel.
It meast karakteristike skaaimerk binne de reade poaten, wylst de winterkob swarte poaten hat. Fierder is de boppekant fan 'e wjukken donkerder by de folwoeksen fûgels en ûntbrekt it trijekleurich effekt fan 'e blekere fearren fan 'e winterkob. De ûnderkant fan 'e wjukken is griis ynstee fan wyt. De juvenilen fan 'e readpoatwinterkob ferskille skraachwurk fan 'e folwoeksen fûgels, mar ha gjin swarte sturtbân en ek gjin swarte W-markearing oer de wjukken lykas de gewoane winterkob.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hast de hiele wrâldpopulaasje briedt op eilannen yn 'e Beringstrjitte op 'e Pribilofeilannen, it Bogoslofeilân en Buldir yn 'e Feriene Steaten en de Komandorski-eilannen yn Ruslân. Lytsere koloanjes binne ek fûn yn 'e jierren 1990 en 2000 op 'e Aleoeten op 'e eilannen Unalga, Koniuji, Amak en Chagulak. De fûgel oerwinteret yn it noarden fan 'e Stille Oseaan.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte briedt lykas de gewoane winterkob yn koloanjes op rotsige richels, meastentiids op richels fan hegere kliffen. Yn april komt er yn 'e koloanje oan en hy giet yn septimber wer fuort.
De soarte siket benammen nachts boppe de iepen oseaan nei fiskjes, ynklusyf de Alaska-koalfiskjes en lantearnfiskjes, en dêrnjonken ek inketfisken en oare wringeleazen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De readpoatwinterkob hat in relatyf grutte wrâldpopulaasje foar sa'n beheind ferspriedingsgebiet. Yn 'e jierren 1970 en 1990 naam de populaasje yn rap temo ôf, mooglik troch klimaatferoaring of oerbefiskjen, en dêrom kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) him as kwetsber (VU, ). De delgong liket lykwols wat ôfflakke te wêzen, sadat de populaasje mooglik no stabyl is. De wrâldpopulaasje waard yn 2017 rûsd op 100.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels, wêrfan't nei alle gedachten it grutste part op 'e Pribilofeilannen briedt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

