Springe nei ynhâld

Riquewihr

Ut Wikipedy
Riquewihr
Stedhûs
Stedhûs
Emblemen
Bestjoer
Lânflagge fan Frankryk Frankryk
regioGrand Est
departemintHaut-Rhin
arrondissemintColmar-Ribeauvillé
Sifers
Ynwennertal999 (2023)[1]
Oerflak17,04 km²
Befolkingsticht.59 ynw./km²
Hichte230-936 m
Oar
Postkoade68340
Offisjele webside
www.colmar.fr
Kaart
Riquewihr (Frankryk)
Riquewihr
Lokaasje Riquewihr yn Frankryk
Kaart
Stedhûs
Gemeentegebiet Riquewihr

Riquewihr (Dútsk: Reichenweier of Reichenweyer) is in doarp en gemeente yn it Frânske departemint Haut-Rhin. Riquewihr hat krapoan 1000 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Troch de histoaryske arsjitektuer is Riquewehr tige bekend ûnder toeristen. Sûnt de 16e iuw is der net in soad oan it doarpsbyld feroare. Ek is it doarp bekend fanwegen de Riesling en oare winen dy't dêr produsearre wurde. Riquewihr leit oan 'e Route des Vins.

Riquewihr leit 11 kilometer fan Colmar en tichteby oare doarpen lykas Ribeauvillé, Hunawihr, Eguisheim en Kaysersberg.

Reichenweier.

Yn 1320 krige it plak stedsrjochten, mar hjoed-de-dei is it gewoane gemeente en wurdt it in doarp neamd. Oarspronklik wie it plak eigendom fan 'e hartoggen fan Wuertemberch. Troch de hartoggen waard it plak yn 'e 16e iuw protestantsk. Riquewihr ûntwikkele him as in sintrumdoarp foar de hannel yn Dútske en Elzasser wyn. Yn 1793 waard Riquewihr troch Frankryk anneksearre.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie it plak wer tydlik ûnderdiel fan Dútslân. It plak bleau sparre faor grutskalige fernielingen yn dy tiid.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Haadstrjitte.
  • Riquewihr wurdt troch midsiuwske fortifikaasjes omklamme mei stedsmuorren en tuorren lykas de Doldertoer en de 13e-iuwske stedspoarte.
  • Boppe it plak stiet it kastiel fan 'e hartoggen fan Wuertemberch, dat om 1540 hinne foltôge waard.
  • De haadstrjitte Rue du Général-de-Gaulle mei in grut tal fakwurkhûzen fan 'e 16e oant 18e iuw, lykas û.o.
    • Nû 16: Maison Liebrich (1534)
    • Nû 13: Maison Behrel mei in harkeniel út 1514
    • Nû 42: Maison à l'Étoile út 1686
  • De Église Sainte-Marguerite is in 13e-iuwske tsjerke, dy't hjoed-de-dei troch protestanten yn gebrûk is.
  • De lytse Rue des Juifs komt út op it Cour des Juifs, it âlde joadske getto dêr't begjin 15e iuw in pogrom plakfûn.
  • Oan 'e ein fan it Cour des Juifs is in smelle trochgong mei in houten trep nei de festingmuorren en de 18 m hege Tour du Voleurs (dievetoer), oarspronklik boud yn 1291.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier191019621968197519821990199920072017
Ynwennertal143812471322119510451075121212711077
  • Feneesjaanske Parade, begjin july
  • Optocht en fjoerwurk op 13 july, Bastille-Dei 14 july
  • Krystmerk om 21 desimber hinne

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: