Ripuaryske Franken

De Ripuaryske Franken, Ripuaarjers of Rynfranken (Latyn: Ripuarii of Ribuarii, ôfkomstich fan it Aldfrankyske rīp, "ouwer") wiene de Franken dy't harren fêstigen yn en om de eardere Romeinske stêd Keulen hinne, oan de Ryn yn it hjoeddeistige Dútslân. De substamme fan de Franken soe yn de 4e iuw ûntstien wêze troch it ferienjen fan ôfsûnderlike lytsere stammen. Harren wichtichste wengebiet soe by de Ryn del lizzen ha. By de rivier del soene de Ripuaarjers harren ferspraat hawwe fan Keulen oer Mainz oant Worms en Spiers.
It begryp Ripuaryske Franken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant de 1950-er jierren waarden de Ripuaarjers beskôge as de meast eastlike fan twa ôfsûnderlike "substammen" fan de Franken dy't nei de fal fan it Westromeinske Ryk yn de 5e iuw twa oangrinzgjende regio's yn it noarden fan Galje regearren. Neffens dy tradysje, dy't hjoed-de-dei noch hieltyd ynfloedryk is, regearren de Ripuaarjers net allinnich oer it Rynlân by Keulen, mar ek oer it gânse of it grutste part fan wat letter de regio Austraasje of Loataringen wurde soe, dat fan it suden fan it hjoeddeistige Belgje oant de Ryn yn it hjoeddeistige Dútslân en Nederlân. Harren westlike tsjinhingers wiene de Salyske Franken of Saaljers, dy't de kontrôle oer wat hjoed-de-dei Belgje en Noard-Frankryk is. Dy tradisjonele opfetting fan de Franken as twa grutte stammen dy't harren eigen gebieten bewennen, is benammen basearre op twa 7e iuwske Frankyske wetboeken: de Lex Ripuaria en de Lex Salica. Dy wetten ferwize nei ferskate geografyske rjochtsgebieten, en der waard oppenearre dat de grins tusken de twa gebieten de Ardinnen en it Koalewâld wie, yn wat hjoed-de-dei Walloanje is.
Sûnt de 1950-er jierren wurdt de term Ripuarysk net langer sjoen as ôfkomstich fan in stamnamme, ek al waard it lang om let de namme foar in spesifike befolkingsgroep yn Keulen. Der is ek in algeduerigen wittenskiplike diskusje oer wannear't en hoe de term Ripuarysk, as wannear't it ea sa wie, tapast warad op de folle gruttere Austrasyske regio, yn tsjinstelling ta de lytsere regio om Keulen hinne. De Lex Ripuaria sels wurdt no benammen sjoen as in wetboek fan it Keulske Rynlân, itjinge ek nei stêden lykas Bonn, Zülpich, Jülich en Neuss omfettet.
Franken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In folk mei de namme Franci waard foar it earst neamd oan 'e ein fan de 3e iuw yn Latynske skriften. Yn werklikheid gie it dêrby om meardere lytse stammen, dy't as Proto-Franken oantsjut wurde. Hja fêstigen har ynearsten rjochts fan de Ryn, feroaren gauris fan wengebiet en lutsen, yn wikseljende alliânsjes, hieltyd wer op rôftochten nei Galje ta. Yn de rin fan de tiid ûnstiene ôfsûnderlike stammeferbûnen en ûntstie stadichoan in fêste etnyske ienheid dat ta de grutte stamme fan de Franken útwoeks. Dy waarden neffens tradisjonele skiedwittenskip ûnderferdield yn in yn it noardwesten, oan de Nederryn, fêstige dielstamme fan de Salyske Franken en in oan de Midryn en súdlik dêrfan fêstige dielstamme fan de Ripuaryske Franken.
Dielstammen fan de Franken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Salyske Franken soene har yn Sallân oan de Isel en yn de Ryndelta fêstige hawwe, dêr't se fan nei Toksandrje en Noard-Galje ferspraat hiene. Dêr leine se it grûnwurk foar it lettere Frankyske Ryk ûnder de Merovingen. De Ripuaryske Franken dêrfoaroer soene har tusken de Nederryn en de Midryn fêstige hawwe, yn 'e mid-5e iuw Keulen oermastere hawwe en harren dêrút fierder nei it suden en westen ta ferspraat hawwe. Fan de 5e/6e iuw soene de Salyske en Ripuaryske gebieten ûnder mienskiplike keningen feriene wêze. Foar de Ripuaarjers dy't har yn de omkriten fan Keulen fêstigen, soe sûnt de 6e iuw de namme fan Ripuarii/Ribuarii (ouwerbewenners) ûntstien wêze. De namme "Ripuarysk" is dêr wer fan ôflaat. De namme fan de Ripuaarjers soe letter ek de namme jûn hawwe oan it stamwetboek fan de Lex Ripuaria, wylst it rjocht fan de Saaljers yn de Lex Salica fêstlein wêze soe.
Resint ûndersyk hat sjen litten dat de Lex Ripuaria in gâns lettere oanpassing fan de Lex Salica is, en net needsaaklik in wiziging fan de wet dy't foar in ôfsûnderlike befolkingsgroep opsteld waard. Dêr is de term Lex Ripuaria mei op syn betiidst yn de 7e, of mooglik yn de 8e iuw foar it earst dokumintearre. It wurd riparii, dat yn âldere boarnen foarkomt en gauris yn ferbân brocht wurdt mei in dielstamme hat dêrfoaroer neat te krijen mei de Ripuaarjers, mar giet nei alle gedachten werom op termen út de Romeinske administraasje. Ek de namme Ripuaryske Franken komt yn gjin inkelde boarne út 'e tiid fan it Frankyske Ryk foar. De besibbe term Francia Rinensis is foar it earst dokumintearre yn de 9e iuw troch de geograaf fan Ravenna. Op grûnwurk fan dy útkomsten hat de Dútske histoarikus Matthias Springer konkludearre dat it ûnderskied tusken de Salyske en Ripuaryske Franken op gjin inkelde wize oerienkomt mei de histoaryske realiteit.
Njonken de Salyske en Ripuaryske Franken wiene der ek noch de Mûzelfranken, in subgroep fan de Ripuaarjers, dy't har oan it begjin fan de 5e iuw oan de bopperin fan de Ryn en oan de Mûzel fêstigen.
Ekspânsje fan de Ripuaarjers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de 4e iuw waard der hieltyd wer neamd oer ynfallen fan Franken yn it gebiet lofts fan de Ryn. Trier en Keulen waarden gauris oanfallen. Yn 352 stoarte de grins fan it Romeinske Ryk yn en fêstigen de as Ripuaryske Franken oantsjutte stammen har oan 'e lofterouwer fan de Ryn. Yn de dêropfolgjende desenniums (356-387) brieken der gauris konflikten út mei de Romeinen, dy't wikseljend sukses opleveren. Tagelyk hiene guon Frankyske eallju hege funksjes yn it Romeinske leger en wiene hege funksjonarissen ûnder de keizers Falentinianus I en Gratianus. Guon fan dy eallju wiene Merobaudes, Richomer, Bauto en Arbogast en dy tsjinnen fan 370 oant 390 as legeroanfierders (magistri militum) en hearden ta de machtichste manlju fan it Romeinske Ryk. Ta dy groep hearde Mallobaudes dy't yn 378 as kollega fan Richomer yn de funksje fan comes domesticorum (lieder fan de keizerlike liifwacht) ûnder legeroanfierder Merobaudes de Alemannyske Lentienzers weromkrong en dêrnei mooglik as lytskening fan de Ripuaarjers nei syn Frankyske thúslân weromkearde.
Yn 388 en 389 brutsen de Ripuaarjers ûnder lieding fan Markomer, Gennobaudes en Sunno de limes oan dy't de Nederryn en omkriten ferwoastgen en dêrnei in fredesferdrach mei keizer Falentinianus II sleaten. Dochs bleau der dêrnei noch ûnrêst oan de Ryn, sa't it sit fan de prefektuer sels ferpleatst wurde moast fan de eardere Romeinske keizerstêd Augusta Trevorum (Trier) nei Arelate (Arles). Yn de jierren 413 oant 420 foelen Frankyske groepen Trier ferskate kearen oan en yn 435 feroveren se de stêd definityf. Ek Keulen foel yn 459/461 definityf yn Frankyske hannen, dy't har dêrnei oan de Midryn oant Mainz fêstigen. Keulen waard it sit fan in kening, dy't yn it pleatslike gûverneurspaleis (praetorium) residearre. De bewenners fan de Romeinske stêd, dy't út Romeinen, Gallo-Romanen en Germanen (dy't yn frede mei de Romeinenlibben, lykas de Ubjers) waarden, safierhinne se net flechte hiene, ûnderwurpen en giene op yn 'e Frankyske maatskippij.
Fan 470 oant 485 wreiden de Ripuaryske Frankyske stammen harren fierder nei it súdwesten út, dêr't se de buorren fan de Boergonden waarden. Mar sletten se ek by de delsettingsgebieten fan de groepen, dy't as Mûzelfranken en Salyske Franken oantsjut waarden, oan. Yn de desenniums dêrnei slagge it Salyske Ryk der ûnder de keningen Gilderik I en syn soan Klovis I yn en oermasterje gâns Galje. By de oarloggen tsjin de Alemannen, dy't yn 496 by de Slach by Tolbiak troch de Saaljers ferslein waarden, krige Klovis stipe fan de Ripuaryske kening Sigebert.
Keninkryk fan de "Ripuaryske Franken"
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de wittenskip wurdt der by ferskate Frankyske hearskers besocht en klassifisearje harren as Ripuaryske Franken. Dêr heart ek de Frankyske kening Teudomer by, dêr't allinnich ynformaasje bekend fan is fia de Gallo-Romaanske biskop en skiedskriuwer Gregoarius fan Tours. Hy wie de soan fan Richomer en Askyla, en waard earst Romeinsk konsul en letter in Frankyske lytskening. Hy waard lang om let mei syn mem troch de Romeinen eksekutearre. Datselde gou foar Sigismer, dy't yn de boarnen foar 469 as "keningssoan" neamd waard. Fanwegen syn namme en it feit dat er in Boergondyske prinsesse boaske, is it mear mooglik achte dat soks earder om in Ripuaryske as yn Salyske hearsker gean soe, en waard er dêrom ta de Ripuaarjers rekkene.
It Frankyske keninkryk, dêr't de hearskers fan yn Keulen harren sit hiene, waard dúdlik as Ripuarysk oanmurken. De iennige kening dy't in lange tiid oan 'e macht wie, is Sigebert fan Keulen, dy't ein 5e en begjin 6e iuw regearre. Sigebert fersloech yn 496, yn oparbeidzjen mei de Salyske Merovingyske kening Klovis I, de Alemannen yn de niisneamde Slach by Tolbiak. By de slach rûn Sigebert in ferwûning oan de knibbel op, dêr't er syn bynamme "de Lamme" troch krige. Yn 508/509 waard Glodoarik, de soan fan Sigebert, troch Klovis oanset ta in moardoanslach op syn heit. Justjes dêrnei waard er op syn bar troch Klovis beskuldige fan heitemoard en waard dêrnei deade. Klovis loek dêrnei Keulen yn en waard troch de pleatslike notabelen as kening erkend.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1.Nederfrankysk
2.Limburchsk
3.Ripuarysk
4.noardlik Mûzelfrankysk
5.súdlik Mûzelfrankysk
6.Rynfrankysk
Der binne gjin direkte boarnen oer de âlde Frankyske taal. Fan de likernôch 1400 Latynske ynskripsjes yn 'e Romeinske provinsje Germania Inferior binne der justjes mear as 100 ôfkomstich fan it plattelân fan de Germaanske Ubjers, dêr't de Ripuaryske Franken harren lân fsn ynlûke soene. De ynskripsjes komme it meast foar yn de 3e iuw. De measten binne ôfkomstich út de grutte stêden fan Germania Inferior. Oan 'e rjochterouwer fan de Ryn, dêr't de Rpuaarjers weikomme, is net sa'n hoemannichte oan Latynske ynskripsjes. De Heechdútske lûdferskowing barde súdlik fan in east-westlike line dy't de Benrather liny neamd wurdt. De Ryn krúst dy line yn 'e omkriten fan Düsseldorf. It part fan de Ryn mei Keulen ynbegrepen foarmet de saneamde Rynlânske waaier, dêr't dialekten foarkommen dy't oergongsfoarmen foarmje tusken it Nederlânsk en it Heechdútsk.
Wet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e earste helte fan de 7e iuw krigen de Ripuaarjers fan de hearskjende Salyske Franken de Ripuaryske wet (Lex Ripuaria), in wetboek dat allinnich op harren fan tapassing wie. Yn de wetten fan de Salyske Franken, de Lex Salica, wiene it Germaansk en Romeinsk rjocht mingd, wylst de wetten fan de Ripuaarjers mear it Germaansk rjocht folgen. De wetten dy't al foar de Ripuaarjers brûkt waarden, waarden yn 'e Lex Ripuaria bekrêftige sa't sy harren pleatslike grûnwet hâlde koene.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Franci Ripuarii in 400. euratlas (2009).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|