Rio Grande do Norte
| Rio Grande do Norte | ||
| Lokaasje fan Rio Grande do Norte yn Brazylje. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| regio | Noardeast | |
| haadplak | Natal | |
| grutste stêd | Natal | |
| gemeenten | 167 | |
| gûverneur | Fátima Bezerra | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 3.302.729 (folkstelling 2022)[1] | |
| oerflak (km²) | 52.809,60 km² | |
| befolkingstichtens | 62,54 ynw./km² (2022) | |
| hichte (maks.) | 0 m - 868 m (Serra do Coqueiro) | |
| HDI | 0,731 (2021) | |
| Oar | ||
| ôfkoarting (UF) | RN | |
| steat sûnt | 1889 | |
| ISO-koade | BR-RN | |
| tiidsône | UTC−3 | |
| webside | www.rn.gov.br | |
Rio Grande do Norte (Frysk: "grutte rivier fan it noarden") is in steat yn it noardeasten fan Brazylje. De haadstêd is Natal. De steat is ferneamd nei de rivier mei deselde namme. De ynwenners neame harsels Potiguar, nei in lânseigen stamme út 'e omkriten.
De rivier de Potengi is de wichtichste rivier yn 'e steat Rio Grande do Norte. De boarne leit yn 'e gemeente Cerro Corá en de mûning yn 'e gemeente Natal, dy't yn 'e Atlantyske Oseaan útmûnet. De earste kolonisten neamden dy yn 'e 16e iuw rivier Rio Grande (Grutte Rivier), fanwegen syn grutte bêd en lingte. Nei in pear jier waard de rivier Rio Potengi neamd, wat yn 'e taal fan 'e lânseigen minsken dy't dêr wennen "garnalerivier" betsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei alle gedachten wie de Spanjert Alonso de Ojeda de earste Europeaan dy't it gebiet yn 1499 seach. Europeeske seefarders lânen by in Portegeeske ekspedysje ûnder leiding fan Amerigo Vespucci foar it earst yn 1501 op 'e noardeastpunt fan Súd-Amearika, de Cabo São Roque. It plak waard ferneamd nei Rochus fan Montpellier om't de lâning plakfûn op 'e dei fan dy hillige (16 augustus). Yn 'e desennia dêrnei wiene der gjin fêste Europeeske delsettings yn 'e regio, dy't befolke waard troch de Potiguar-stamme. Yn 1534 waarden troch Jehan III fan Portegal kapteinskippen yn 'e Nije Wrâld oprjochte en it kapteinskip Rio Grande waard yn 1535 oan João de Barros tabetroud, wat it begjin wie fan 'e kolonisaasje fan it gebiet.

Yn desimber 1633 feroveren de troepen fan 'e West-Yndyske Kompanjy (WYK) it Portegeeske fort Forte dos Reis Magos by Natal. De WYK ferneamde it nei Matthijs van Ceulen en neamde it Fort Ceulen. De regio waard in offisjeel distrikt fan Nij-Hollân ûnder it bestjoer fan Jehan Maurits fan Nassau-Siegen. De Nederlanners sletten in militêr en hannelsbûns mei de lânseigen Potiguar-Yndianen (ûnder leiding fan ûnder oaren Pedro Poti), dy't de Nederlanners holpen tsjin de Portegezen. Neidat de Portegezen de striid tsjin 'e Nederlanners stadichoan wûnen, waard Fort Ceulen yn jannewaris 1654 opjûn, wêrmei't de WYK-tiid yn it gebiet definityf foarby wie.
Nei de koloniale tiid fan Brazylje waard by de oprjochting fan it Keizerryk Brazylje yn 1822 de provinsje Rio Grande do Norte foarme, en nei de proklamaasje fan 'e republyk yn 1889 waard it omfoarme ta de dielsteat Rio Grande do Norte (Estado do Rio Grande do Norte).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rio Grande do Norte grinzget oan 'e Brazyljaanske dielsteaten Ceará en Paraíba en oan 'e Atlantyske Oseaan. It Atol das Rocas yn 'e Atlantyske Oseaan, 260 km noardeastlik fan Natal, heart ek by de dielsteat.
It lânskip bestiet foar in grut part út in drûch kustplato en it semy-aride binnenlân (de sertão). It heechste punt fan 'e steat is de Serra do Coqueiro mei 868 m op 'e grins mei Ceará. De wichtichste rivieren binne de Rio Piranhas-Açu en de Rio Potengi.
Rio Grande do Norte leit oan 'e kust en is ferneamd om syn strannen en sândunen. De dielsteat hat 410 km oan sânstrannen, mei lagunes en kokospalmen. De meast bekende strannen binne Praia de Cajueiro en Genipabu (noardlik fan Natal) mei oant wol 50 meter hege sândunen. Baía Formosa is in strân yn it suden fan 'e dielsteat; it hat koraalriffen en is populêr by surfers. Noch fierder nei it suden leit it Sagi-strân.
Nasjonale parken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Park / Reservaat | Oerflak | Bysûnderheden |
|---|---|---|
| Nasjonaal Park Furna Feia | 82 km²[2] | Oprjochte yn it semy-aride binnenlân; beskermet it karakteristike caatinga-ekosysteem mei kalkstiengrotten, archeologyske fynplakken en lânseigen floara en fauna. |
| Bio-reservaat Atol das Rocas | 360 km²[3] | Oprjochte op 5 juny 1979 as it earste reservaat op see fan Brazylje. Dit is it iennige atol yn 'e Súdatlantyske Oseaan en stiet tegearre mei Fernando de Noronha op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. |

Njonken de federale gebieten hat Rio Grande do Norte ferskate steatsreservaten (unidades de conservação estaduais). De bekendste binne it Dunepark fan Natal ''Parque Estadual Dunas do Natal'' (it earste beskerme natuergebiet fan 'e steat, midden yn 'e stêd Natal) en it ekologysk reservaat fan Pipa (Santuário Ecológico de Pipa) oan 'e súdkust.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Etnyske gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De etnyske ferdieling fan 'e befolking fan Rio Grande do Norte wie neffens de offisjele folkstelling fan 2022 fan it IBGE as folget:
- minsken fan mingde komôf (Pardos): 50,9%
- blanken (Brancos): 39,49%
- swarten (Pretos): 9,17%
- lânseigen befolking (Indígenas): 0,28%
- Aziaten (Amarelos): 0,16%
Befolkingsûntwikkeling fan Rio Grande do Norte (1872–2022)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1872 | 1890 | 1900 | 1920 | 1940 | 1950 |
|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 233.979 | 268.273 | 274.317 | 537.135 | 768.018 | 967.921 |
| Groei | — | +14,7% | +2,3% | +95,8% | +43,0% | +26,0% |
| Jier | 1960 | 1970 | 1980 | 1991 | 2000 | 2010 |
| Ynwennertal | 1.157.258 | 1.611.606 | 1.933.126 | 2.414.121 | 2.776.538 | 3.168.027 |
| Groei | +19,6% | +39,3% | +20,0% | +24,9% | +14,8% | +14,3% |
| Jier | 2022 | |||||
| Ynwennertal | 3.302.729 | |||||
| Groei | +4,3% | |||||
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censos Demográficos | ||||||
Grutste gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei de offisjele gegevens fan 'e folkstelling fan 2022 fan it IBGE binne de tweintich meast befolke gemeenten fan 'e dielsteat:
| # | Gemeente | Ynwenners | # | Gemeente | Ynwenners | |
|---|---|---|---|---|---|---|
| 1 | Natal | 751.300 | 11 | Currais Novos | 41.318 | |
| 2 | Mossoró | 264.577 | 12 | Santa Cruz | 37.313 | |
| 3 | Parnamirim | 252.716 | 13 | Apodi | 36.094 | |
| 4 | São Gonçalo do Amarante | 115.838 | 14 | Nova Cruz | 34.269 | |
| 5 | Macaíba | 82.212 | 15 | João Câmara | 33.290 | |
| 6 | Ceará-Mirim | 79.115 | 16 | Touros | 33.035 | |
| 7 | Extremoz | 61.571 | 17 | Nísia Floresta | 31.942 | |
| 8 | Caicó | 61.146 | 18 | Pau dos Ferros | 30.479 | |
| 9 | Assu | 56.502 | 19 | Canguaretama | 29.668 | |
| 10 | São José de Mipibu | 47.286 | 20 | Macau | 27.369 | |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2022 | ||||||
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De befolking fan Rio Grande do Norte is yn grutte mearderheid kristlik. It katolisisme is histoarysk de meast oerhearskjende religieuze streaming yn 'e dielsteat, hoewol't it oandiel de lêste desennia wat ôfnommen is troch de groei fan protestantske tsjerken en it oandiel fan minsken sûnder leauwe.
| Religieuze streaming | Persintaazje |
|---|---|
| roomsk-katolyk | 67,01% |
| protestantisme | 21,4% |
| sûnder religy | 7,42% |
| oare tsjerklike denominaasjes of religys | 2,84% |
| spiritisme | 0,92% |
| Afro-Brazyljaanske religys (umbanda en candomblé) | 0,29% |
| gjin opjefte | 0,11% |
| lânseigen religys | 0,02% |
| Boarne: (pt) Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022 | |
Ekonomy en ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjinstesektor is de grutste pylder fan it bruto ynlânsk produkt (BYP) fan Rio Grande do Norte, folge troch de yndustry en dêrnei de lânbou. Histoarysk stipe de steat foaral op sûker en feehâlderij, mar sûnt de jierren 1980 spilet it toerisme in hieltyd gruttere rol.
De wichtichste eksportprodukten binne fisk en skaaldieren, fruit, katoen, ierdoalje, cashewnuten en seesâlt. De steat produsearret 70% fan alle Brazyljaanske meloenen en is ferneamd om syn cashew-fjilden; yn Parnamirim stiet de grutste cashewbeam fan 'e wrâld. Tegearre mei twa oare steaten fersoarget Rio Grande do Norte de wrâldproduksje fan carnaubawaaks.

Neffens ûndersyk fan 'e Fundação Dom Cabral hat Rio Grande do Norte de op ien nei bêste ynfrastruktuer fan 'e regio Noardeast en de njoggende fan hiel Brazylje. De wichtichste ynternasjonale loftfeartferbining foar de regio is it yn 2014 iepene ynternasjonale fleanfjild São Gonçalo do Amarante, dat de eardere lofthaven Augusto Severo yn Parnamirim ferfong foar it kommersjele passazjiersferkear.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten fan Brazylje | ||
|---|---|---|
| Acre • Alagoas • Amapá • Amazonas • Bahia • Ceará • Espírito Santo • Goiás • Maranhão • Mato Grosso • Mato Grosso do Sul • Minas Gerais • Pará • Paraíba • Paraná • Pernambuco • Piauí • Rio de Janeiro • Rio Grande do Norte • Rio Grande do Sul • Rondônia • Roraima • Santa Catarina • São Paulo • Sergipe • Tocantins | ||
| Federaal distrikt: Federaal Distrikt | ||
