Rinze Rinzes Yetsenga
| Rinze Rinzes Yetsenga | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Rinze Rinzes Yetsenga | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 22 jannewaris 1898 | |
| berteplak | Arum | |
| stjerdatum | 9 oktober 1973 | |
| stjerplak | Ljouwert | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| PC | 1921, 1922 | |
| karriêre-ein | 1916 | |
| ekstra | 1× PC kening (1922) | |
| wichtige prestaasjes | ||
| 1941 | ||
Rinze Rinzes Yetsenga (Arum, 22 jannewaris 1898 - Ljouwert, 9 oktober 1973) wie in Frysk keatser.
Heeg helle 188 punten foar it ivich keatsklassemint. Op jonge leeftiid hie Yetsenga in slim ûngelok wêrby't er ferwûnings oprûn oan syn skonken, en dêrom krige er dispensaasje foar it dragen fan in lange wite broek. Ek syn ûnmiskenbere wite pet foel op.
Yn 1921 wûn er mei Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Jan Ymtes Heeg fan Easterein, foar de earste kear de PC. It jier dêrnei, wist er mei deselde maten as yn 1921 de PC foar de twadde kear te winnen. Mar doe wie hy it dy't de eare takaam om ta kening keazen te wurden.
It hiene mear oerwinnings wêze kinnen as Yetsenga net twa kear ferstek gean litte moast fanwegen tryste famylje-omstannichheden. Krekt foar de PC fan 1919 ferstoar syn suster en yn 1923 ferstoar syn heit yn deselde tiid fan it jier.
Yn 1922 krige Yetsenga mei in blessuere te meitsjen. Hy krige lêst fan in keatsearm, mar troch taktysk te keatsen hold er it noch tweintich jier fol. Ek op it iis koe Yetsenga prima út de fuotten. Sa ried er de alvestêdetocht op redens yn 1933, 1940, 1941, 1942 en 1947 mei sukses út.
Rinze Rinzes Yetsenga ferstoar op 9 oktober 1973 yn de âldens fan 75 jier.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1916 - Jong Nederlân 4e priis
- 1917 - de Bond 3e priis
- 1919 - de Bond 2e priis
- 1921 - PC 1e priis
- 1922 - PC 1e priis
- 1925 - PC 4e priis
- 1931 - de Bond 4e priis
- 1933 - de Bond 2e priis
- 1934 - de Bond 4e priis
- 1935 - PC 3e priis
- 1936 - PC 4e priis
- 1937 - de Bond 5e priis
- 1938 - de Bond 4e priis
- 1941 - de Bond 3e priis
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|