Rintje van der Brug

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Rintje van der Brug (Warkum, 3 augustus 1884 - Gouda, 15 febrewaris 1959) wie in Nederlânsk (kristensosjalistysk) politikus.

Van der Brug waard berne as boeresoan yn Fryslân, waard typograaf yn Boalsert, mar ferfear nei Gouda dêr’t er fierders wenjen bleau. Hy wie Twadde Keamer-lid foar de PvdA oant 1953 en syn lêste jierren lid fan de partijried fan de PvdA.

Novimber 1945 waard er beneamd as fertsjintwurdiger fan de protestantske CDU yn it need-parlemint; hy wie ek oprjochter en foarsitter fan dy partij en lid fan 1926 oant 1946, mar gie doe oar nei de PvdA. Fan 1915 oant 1925 wie earder ek aktyf lid yn de Kristlik-Sosjale Partij. Van der Brug wie fral saakkundich op it mêd fan de folkshûsfêsting, mar die ek sosjale saken (sosjale sekerheid, bernetaslach).

Dokumintaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • In Memoriam R. van der Brug, yn: "Het Vrije Volk", 16 febrewaris 1959
  • H.J. Langeveld, Protestants en progressief. De Christelijk-Democratische Unie 1926-1946), 29 e.f.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Biografy van der Brug