Ringbekmiuw
| Ringbekmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Larus delawarensis | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De ringbekmiuw (Larus delawarensis) is in fûgelsoarte yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ringbekmiuw hat in soad fan in sulvermiuw, mar is wat grutter, swierder en hat in dikkere snaffel. Hy wurdt 41–49 sm lang en hat in spanwiidte fan 112–124 sm. De fûgel weaget tusken de 400 en 590 gram. De westlike populaasje is grutter as de eastlike populaasje.

Folwoeksen ringbekmiuwen ha simmerdeis in wite kop, nekke en ûnderliif. De rêch en wjukken binne sulvergriis en de poaten binne giel. De giele snaffel hat in dúdlike swarte bân oer de ljochtgiele punt fan 'e snaffel. De ringbekmiuw hat in giel iris mei in reade eachring.
De ringbekmiuw kriget pas nei trije jier syn folwoeksen dracht en hat as juvenyl in foar in grut part brún fearrekleed. Mei it ferfearjen feroaret it fearrekleed.
Ringbekmiuwen wurde as se folwoeksen wurde trochstrings likernôch alve jier âld.
- Juvenyl.
- Earste winterdracht.
- Twadde winterdracht.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It briedgebiet fan 'e soarte leit by marren, rivieren en de kust fan it grutste part fan Kanada en it noarden fan 'e Feriene Steaten. Ringbekmiuwen binne faak te sjen op parkearplakken, dêr't se faak yn grutte oantallen by inoar komme. It binne trekfûgels, dy't nei it suden nei de Golf fan Meksiko en de kusten fan 'e Atlantyske- en Stille Oseaan fan 'e Feriene Steaten en noardlik Meksiko migrearje. Guon bliuwe lykwols yn Kanada yn 'e gebieten mei de minst strange wintertemperatueren yn súdwest Britsk-Kolumbia en oan 'e Atlantyske kust yn Nova Scotia.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ringbekmiuwen foerazjearje yn 'e flecht of helje proaien op by it swimmen of rinnen. Se stelle ek iten fan oare fûgels en frette ek ies. It binne opportunistyske omnivoaren en se passe it dieet oan as dat sa útkomt. Se skarrelje ek by ôfeart en binne brutaal genôch om iten fan minsken op in ûnbewekke stuit te stellen.

Lykas oare soarten fan it skaai briede se yn koloanjes op 'e grûn, faak op eilannen, mar ek hieltyd faker op platte fabryksdakken. De fûgel is meastentiids trou oan syn nêstplak en is monogaam.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin de ein fan 'e 19e iuw waard der op 'e fûgel jage foar de fearren. De populaasje is sûnt wer groeid en hjoed-de-dei is it de meast gewoane miuw fan Noard-Amearika. De populaasje waard yn 2006 op 2,55 miljoen fûgels rûsd. Yn 2021 waard lykwols yn in stúdzje in oantal fan 1,2 miljard fûgels rûsd, sadat it ien fan 'e talrykste fûgels fan 'e wrâld is. De fûgel wurdt as net bedrige (Least Concern, ) op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Miuw
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen

