Rijn en Lek
| Rijn en Lek | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | Wyk by Duerstede | |
| adres | Dijkstraat 29 | |
| koördinaten | 51°58' N 5°20' E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | stellingmûne | |
| funksje | nôtmûne | |
| flecht | 24 m | |
| boujier | 1659, werbou 1730 (ûnderbou 14e iuw) | |
| oare ynformaasje | ||
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 39683 | |
| Webside | ||
| www.molenrijnenlek.nl | ||
| Kaart | ||
De Rijn en Lek is in nôtmûne yn Wyk by Duerstede yn 'e provinsje Utert.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn 1659 as iikmûne boud. Dêrmei is de mûne as in tige ier foarbyld fan 'e rûne stiennen boppekruier unyk. Ek bysûnder is it dat ie de iennige mûne yn Nederlân is, dy't op in in âlde stedspoarte stiet. Dy poarte hjit de Leuterpoarte (nei it buorskip De Leuth). Oarspronklik wie dat in toer, mar yn 1654 waard dy toer ferboud ta poarte. De poarte hie eartiids noch twa foarpoarten, dy't yn 1872 ôfbrutsen binne.
De oarspronklike iikmûne waard op in ûnbekend stuit ta nôtmûne ferboud. De mûne is ferskillende kearen restaurearre en yn 'e rin fan 'e tiid hat de mûne in pear fûle stoarmen oerlibbe, wêrby't de mûne noch krekt op 'e tiid stilset wurde koe.
Hjoed-de-dei is de Feriening De Hollânkse Mûne eigner fan 'e Rijn en Lek. Frijwillige mûnders litte de mûne regelmjittich wurkje (woansdei- en sneontemiddeis) om nôt op wynkrêft te meallen.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De mûne stiet ek bekend as 'De mûne fan Ruysdael' neffens it ferneamde skilderij fan Jacob van Ruisdael. De mûne op dat skilderij út 1670 hie it monopoly op it meallen fan nôt. Dy mûne stie wol yn Wyk by Duerstede, mar 200 m fierderop nei it westen. It plak fan 'e mûne fan it skilderij wurdt troch in útsparring fan in wente oanjûn.
De namme fan 'e Rijn en Lek ferwiist nei it plak fan 'e mûne, dêr't de Ryn yn 'e Lek oergiet. Tichteby de mûne bûget nammentlik de Kromme Ryn, de âlde haadrin, fan 'e rivier ôf.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Rijn en Lek
|
