Rijkele Sijtzema

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rijkele Sijtzema
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 2 april 1926
berteplak Skoatterlân
stoarn 10 febrewaris 1945
stjerplak Boazum
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
reden
  bekendheid
Kollaboraasje yn de Twadde Wrâldoarloch

Rijkele Sijtzema (Skoatterlân, 2 april 1926 - Boazum, 10 febrewaris 1945) wie in Nederlânsk kollaborateur fan Frysk komôf yn de Twadde Wrâldoarloch.

Libben ûnder de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sijtzema tsjinne by de Lânwacht. Hy krige begjin 1945 500 gûne om de troch de Sicherheitsdienst pakte Joad Johan de Wilde ûntkomme te litten. Dat slagge en Sijtzema dûkte sels ûnder. Op syn ûnderdûkplak by in brêgewachtster yn de omkriten fan Raerd kaam er geregeld yn oanfarring mei trije oare ûnderdûkers. Sijtzema driigde faak, makke dan gebrûk fan in boksbûgel. By ûndersyk waard der teffens stellen guod yn syn besit fûn.

Op 10 febrewaris 1945 sei Sijtzema dat er nei hûs woe. Dat koe it ferset lykwols net talitte omdat de kâns grut wie dat er troch de Dútsers oppakt wurde soe. Hy wist tefolle en koe de feilichheid fan oare minken yn gefaar bringe. Helpplysje Joannes Antoon Ras naam him mei nei Boazum nei de pleats fan W. Miedema. Yn oerlis mei T. Andringa, Hendrik Jongkind, Sijmon Havinga, Jakob Hilverda en Folkert van der Werf waard besletten om Sijtzema te eksekutearjen.

Van der Werf ferklearre him ree om dat te dwaan. Yn in greide waarden twa kûgels op Sijtzema's holle ôffjurre. De skotten wiene net fataal en hy gie op 'e flecht. Andringa siet him nei en beide manlju bedarren al fjochtsjend yn in sleat. Andringa hold Sijtzema ûnder wetter oant er dea wie. Op syn lichm waard noch in beurs mei dêryn 450 gûne oantroffen, in part fan it jild dat De Wilde oan de lânwachter betelle hie. Dat jild gie yn de kas fan it ferset. Sijtzema waard efter de pleats beïerdige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jack Kooistra en Albert Oosthoek. Recht op wraak: liquidaties in Nederland 1940-1945. Ljouwert: PENN Utjouwerij, s.204