Springe nei ynhâld

Rifreager

Ut Wikipedy
Rifreager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaailytse reagers (Egretta)
soarte
Egretta sacra
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De rifreager (Egretta sacra) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai lytse reagers (Egretta).

Rifreagers binne fûgels dy't yn twa ferskate kleurfoarmen foarkomme. Yn 'e donkere morf binne se laaigriis oant swart mei op it kin wat wyt. Ofhinklik fan hoe't it ljocht op 'e fûgel falt, kinne se bytiden in blauwe glâns hawwe.

Wite morf.

De wite foarm fan 'e soarte hat in fearrekleed dat hast hielendal suver wyt is.

De snaffel is meastentiids griisbrún, mar kin yn 'e briedtiid giel wurde. De poaten binne koart en tsjok en ha in gielgriene oant gielige kleur. De teannen binne faak felgiel. Se ha goudgiele eagen.

De jonge fûgels binne faak bruner en doffer as de folwoeksen fûgels.

De rifreager is in kustfûgel en komt foar yn in ûnbidich gebiet fan 'e Yndyske Oseaan oant fier yn 'e Stille Oseaan. Se komme foar fan 'e kust fan Bangladesj en de Andamanen oant de Ryukyu-eilannen yn Japan en de kust fan Súd-Sina. Yn Súdeast-Aazje libje se yn 'e kustgebieten fan 'e Filipinen, Yndoneezje, Tailân en Maleizje en fierder libje se oan 'e kusten fan Austraalje, Tasmaanje, Nij-Seelân en eilannen yn Melaneezje, Mikroneezje en Polyneezje oant de Tûamotû-eilannen yn it easten.

De donkere morf is dominant yn Austraalje en Nij-Seelân en de wite morf oerhearsket yn Polyneezje en Mikroneezje.

De measte autoriteiten erkenne de folgjende twa ûndersoarten:

It habitat bestiet út rotseftige kusten, koraalriffen, mangroves en sânstrannen. Se wurde selden ynlânsk sjoen.

Se briede meastentiids yn koloanjes mar somtiden ek as losse pearen. De nêsten wurde op ferskate plakken boud lykas tusken de rotsen, yn mangroves, yn lege strûken of sels gewoan op de grûn op lytse eilantsjes sûnder rôfdieren. It wyfke leit meast 2 oant 3 aaien (somtiden oant 5). De aaien hawwe in bleekgriene oant blauwite kleur.

Se ite fiskjes, weakdieren, wjirms en slakken.

De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list klassifisearre. De wrâldpopulaasje wurdt as stabyl beskôge om't it ferspriedingsgebiet sa ûnbidich grut is. Dochs binne der grutte regionale ferskillen. Yn Nij-Seelân wurdt de fûgel mei in populaasje fan mar mei mar 300 oant 500 fûgels as gefoelich klassifisearre. Yn Austraalje komt de fûgel yn it noarden en de tropen noch in soad foar, mar yn it suden fan Austraalje en op Tasmaanje is der oer de lêste iuw sprake fan delgong.

Bedrigings binne fersteuring troch minsken, ûntwikkeling fan kustgebieten, klimaatferoaring en predaasje troch ynfierde rôfdieren.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: