Riffautfoks
| riffautfoks | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Vulpes riffautae | ||||||||||||
| De Bonis et al., 2007 | ||||||||||||
| status: útstoarn (fossyl) | ||||||||||||
De riffautfoks of Riffauts foks (wittenskiplike namme: Vulpes riffautae) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e foksen (Vulpes). Dit bist libbe oan 'e ein fan it Mioseen, rûchwei tusken 9 miljoen en 5 miljoen jier lyn. Fossilen fan 'e riffautfoks binne fûn te Toros-Menalla yn Tsjaad, bewesten de haadstêd N'Djamena yn 'e Djoerabwoastyn, dy't diel útmakket fan 'e gruttere Sahara.
De riffautfoks waard yn 2007 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de paleöntologen Louis de Bonis, Stéphane Peigné, Andossa Likius, Hasane Taïsso Mackaye, Patrick Vignaud en Michel Brunet. De wittenskiplike namme fan it bist is in earbetoan oan Sabine Riffaut, de meiwurkster fan 'e foarneamde paleöntologen dy't foar harren wittenskiplike beskriuwing fan it bist de tekeningen makke.
It holotype bestiet út twa dielen fan deselde ûnderkaak, dy't foar in foksesoarte frijwat smel en ûndjip is. Ut 'e ôfmjittings kin ôflaat wurde dat de riffautfoks kwa lichemsgrutte de midden hold tusken de hjoeddeistige sânfoks (Vulpes rueppellii), mei in kop-romplingte fan 39–44 sm, en de fennek (Vulpes zerda), mei in kop-romplingte fan 341/2–391/2 sm. Sawol de fennek as de Afgaanske foks (Vulpes cana) komme kwa lichemsgrutte sterk oerien mei de riffautfoks, mar de dintale morfology is folslein oars. Wylst it gebit fan 'e neamde hjoeddeistige foksen mear adaptearre is foar it fretten fan ynsekten en oare lidpoatigen, wie dat fan 'e riffautfoks mear oanpast foar it slinen fan fleis.
De riffautfoks is it ierst bekende fossyl fan in hûneftige út Afrika. Fierders is it mooglik (ôfhinklik fan 'e krekte datearring fan beskate oare fossilen) dat de fossilen fan dit bist de ierst bekende soarte hûneftige yn 'e hiele Alde Wrâld fertsjintwurdigje.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |