Riel (Goirle)
| Riel | ||
| Doarpsstrjitte mei tsjerke en pastorije. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | Goirle | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3.000 (2024)[1] | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51°31' N 5°1' E | |
| Kaart | ||
Riel is in doarp yn 'e gemeente Goirle, súdlik fan Tilburch, yn 'e provinsje Noard-Brabân. Oant 1997 hearde it doarp ta de gemeente Alphen en Riel. Sûnt dy tiid heart Alphen by de gemeente Alphen-Chaam en Riel by de gemeente Goirle. Yn it easten grinzget it doarp oan 'e Donge.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Riel hat in lange skiednis dy't weromgiet oant de prehistoarje. Yn it gebiet fan Brakel, ien fan 'e âldste buorskippen fan Riel, binne yn 1840 mear as 50 urnen út de prehistoarje en de Romeinske tiid opgroeven. It doarp Riel bestiet út de buorskippen Brakel, Zandeind en de doarpskom of Kerkeind. De earste fermelding fan 'e namme Riel komt út in akte fan 1392, dêr't it plak oantsjut wurdt as "locus qui dicitur Riel".

Yn 1810 waard Riel by Alphen foege, dat diel útmakke fan 'e Barony fan Breda. Yn 1997 waard Riel fan Alphen losmakke en ûnderdiel fan 'e gemeente Goirle.
In wichtige ekonomyske aktiviteit yn Riel wie de loaierij. It restaurearre gebou fan 'e learloaierij Vermeulen oan 'e Doarpsstrjitte út 1900 tsjûget noch jimmeroan fan dy yndustry.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch hat Riel relatyf minder te lijen hân fan alliearde besjittings as Goirle. Dochs kamen fiif ynwenners fan Riel en fiif persoanen fan bûten troch it kriichsgeweld om it libben.
Riel is hjoed-de-dei in forinzedoarp. In soad ynwenners wurkje yn Tilburch of yn oare Brabânske stêden.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Antonius Abttsjerke út 1895 is in neogoatyske pseudobasilyk mei in dûbel dwersskip, dy't yn 1925 fergrutte waard. De arsjitekt fan 'e tsjerke wie Petrus Johannes van Genk. De tsjerke is in ryksmonumint. Njonken de tsjerke stiet de pastorije mei koetshûs út 1873. It Hillich Hertbyld datearret fan 1920.
- De loaierij út 1890 (oan 'e Doarpsstrjitte 43) is in blokfoarmich bouwurk út 1890.
- Yn 2008 waard in stânbyld fan 'e Dútske soldaat Karl-Heinz Rosch oprjochte, dy't yn 1944 it libben rêde fan twa Nederlânske bern út Goirle by in allieard bombardemint, itjinge de 18-jierrige soldaat sels it libben koste. It byld stiet yn 'e tún fan it hus dêr't er ynkertierd wie.
- Súdwestlik leit in stik bûten it doarp rjochting Alphen it skynfleanfjild De Kiek. It wie yn 'e Twadde Wrâldkriich in Dútsk projekt om de fijân te mislieden en se fan it likernôch 6 km fierderop lizzende strategyske fleanfjild Gilze-Rijen ôf te lieden. Op de lokaasje steane ynformaasjebuorden en der is noch jimmeroan in bunker. Ek waard in keunstwurk yn 'e foarm fan in Messerschmitt Bf 109 fan cortenstaal opsteld.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
