Ridzjen

Ridzjen, miskien better bekend ûnder de Nederlânske beneaming paaien, is de pearing en ôfsetting fan aaien by bienfiskeftigen. Dêrby litte ien of mear wyfkes de aaien (kût) los, wêrnei't ien of mear mantsjes har sied (hom) dêroerhinne ôfskiede, sadat de befruchting plakfynt. Grutte groepen fisken fertoane ditoangeande ferlykber hâlden en dragen, lykas salmeftigen (Salmoniformes), kabbeljau-eftigen (Gadiformes) en tarpon- en ieleftigen (Elopomorpha).
Net alle soarten fisken ridzje lykwols. By guon, lykas it gupke (Poecilia reticulata), dat in bekende akwariumfisk is, en besibbe soarten libbenbernjende toskkoarpers (Poeciliidae) fynt de befruchting en ûntwikkeling ynwindich yn it lichem plak. By de kreakbienfisken (haaien en roggen), dy't net nau besibbe binne oan 'e bienfiskeftigen, is de fuortplanting earder ferlykber mei dy fan fûgels, reptilen en sûchdieren.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
