Riders of the Storm (roman)

Ut Wikipedy
Riders of the Storm
algemiene gegevens
auteur Julie E. Czerneda
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2008, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige The Clan Chronicles
● foarich diel Reap the Wild Wind
● folgjend diel Rift in the Sky
kodearring
ISBN 978-0 75 64 05 182

Riders of the Storm is in science fiction-roman mei dúdlike fantasy-eleminten fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwster Julie E. Czerneda. De titel betsjut: "Beriders fan 'e Stoarm". It boek foarmet it twadde diel fan 'e Stratification-trilogy, dy't ta de romansearje The Clan Chronicles heart. Hoewol't it it fyfde boek fan 'e dy rige wie, dat publisearre waard, is Riders of the Storm yn 'e ynterne gronology fan The Clan Chronicles it twadde diel. It boek ferfettet it ferhaal fan Aryl Sarc, in jonge frou fan 'e Clan, dy't op 'e planeet Cersi libbet yn 'e tiid dat dy troch de minskheid ûntdutsen wurdt. Riders of the Storm is skreaun yn it personele perspektyf en waard yn 2008 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch foar wat foarôfgie: Reap the Wild Wind, § Ynhâld.

Nei't Aryl Sarc fan 'e Yena Om'ray, Enris Mendolar fan 'e Tuana Om'ray en de 21 Yena-ballingen de Om'ray-clan Grona ferlitten hawwe, tsjogge se troch it wylde berchlân dêr't de temperatuer alderferskuorrendste folle leger leit as dat de Yena wend binne yn harren tropysk reinwâld. Yn in sniestoarm stjitte se dêr op in ferrinnewearre en ferlitten Om'ray-delsetting, dêr't guon fan harren dreamen fan 'e Om'ray dreame dy't dêr yn it ferline wennen. Aryl-en-dy snappe net hoe't dat kin, mar fermoedzje dat it mei de telepatyske fermogens fan 'e Om'ray te krijen hat. Ut dy dreamen komme se te witten dat de delsetting Sona hjit.

Hokker lot oft de delsetting troffen hat, is foar eltsenien dúdlik te sjen: it is ferwuostge troch ûndergraving fan ûnder de grûn, wat inkeld dien wêze kin troch de Oud, ien fan 'e beide oare yntelliginte bûtenierdske rassen dêr't de Om'ray de planeet Cersi mei diele. De ferwuostging is lykwols lang lyn bard, en as se foarriekelders fine dy't folsteane mei opslein iten dat nei al dy tiid noch goed is, en mei ark en reau, klean en oare libbensnedichheden, beslute Aryl en de Yena om har yn Sona nei wenjen te setten. Enris, dy't ûnderfining mei de Oud hat om't ek Tuana op harren gerjochtichheid leit, riedt harren dat ôf, mar de ballingen, dy't út harren clan set binne fanwegen de fijannichheid fan 'e Tikitik, dy't yn Yena harren buorlju wiene, binne ree om it mei de Oud te besykjen.

In stikmannich dagen letter arrivearje yn Sona in fiiftal Om'ray út Grona om har by de ballingen te jaan. Under harren binne Bern sud Caraat, Aryl har eardere frijer, en dy syn oarehelte Oran di Caraat, dy't, nettsjinsteande har jonge jierren, in Ynwijde is. D.w.s. dat se ta it besletten fermidden fan in Om'ray-clan heart wêrfan't de leden in djippere kennis bewarje oer de telepatyske en oanbesibbe boppenatuerlike fermogens fan 'e Om'ray, en teffens oare esotearyske kennis foar harsels hâlde, lykas hoe't men skriuwe moat. Oran, dy't gjin ynteresse hat yn oare lju behalven om se te brûken om sels machtiger te wurden yn har mentale fermogens, is fan Bern te witten kommen dat Aryl in nij talint ûntwikkele hat, nammentlik teleportaasje. Yn Grona hie se al besocht en twing Aryl om har te learen om te teleportearjen, en dat wie de reden dat Aryl besletten hie Grona te ferlitten. No hat se noch in oare Ynwijde fan Grona meibrocht nei Sona, har omke Hoyon d'sud Gethen. Harren bedoeling is net dúdlik, mar Aryl leaut der neat fan dat se, sa't se sizze, har nocht hiene fan 'e ynminging yn harren saken troch de oare Ynwijden en de Ried fan Grona.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens hat Aryl ek in oare âlde bekende troffen. De rivier dêr't Sona oan leit, stiet drûch, en op 'e sneup nei wat der mei it wetter bard is, ûntdekt Aryl in ein heger yn 'e bergen in ûnbidich grutte wetterfal, wêrfan't it wetter lykwols yn in gat yn 'e ierde ferdwynt. Hja ornearret dat ek dàt wurk fan 'e Oud is. Deunby dat plak ûntdekt se boppedat de 'Kleasters' fan Sona, it mysterieuze metalene bouwurk dat eltse Om'ray-clan hat, dêr't de Ynwijden libje. It is hermetysk ôfsletten, en Aryl kin der net yn komme, mar oaren ek net. Oan 'e spoaren om it gebou hinne kin se sjen dat de Oud besocht hawwe om binnen te kommen en ek in wêzen dat deselde printen neilit as in Om'ray, mar gjin Om'ray is: in minske.

Se is dat ek net ferheard as se de spoaren folget en Marcus Bowman oantreft, dy't net fier fan 'e wetterfal in basiskamp opslein hat. Hy is allinnich om't de beide oare leden fan syn triade omkommen binne (sjoch: Reap the Wild Wind), en hy fertelt Aryl dat er hjir is op útnûging fan 'e pleatslike Oud, dy't yn 'e bergen âlde ruïnes fan 'e Hoveny-beskaving oan it opgraven binne. Dy beskaving is ommers de reden dat it Hannelspakt, in ynterstellêre konfederaasje fan bûtenierdske rassen, ûndersikers nei Cersi ta stjoerd hat.

Aryl en Marcus hawwe yn it ferline ferskate kearen gedoente hân en hawwe inoar it libben rêden (sjoch: Reap the Wild Wind). Likegoed is Aryl net bliid om Marcus te sjen. Hy hat him as Yena-Om'ray ferklaaid, mar om't er net telepatysk syn tinzen útstjoert, kin er dêr Om'ray net mei foar de gek hâlde. Oars as by de Oud of de Tikitik kinne Om'ray by minsken de gedachten wol lêze as se harren oanreitsje, sadat se witte dat se 'echt' binne (wylst se de Oud en de Tikitik as 'ûnecht' beskôgje en as foarwerpen mei in eigen wil ynstee fan as yntelliginte wêzens). Sok mentaal kontakt is foar minsken lykwols tige gefaarlik, om't se alhielendal gjin mentale skylden hawwe, sadat se har net ferdigenje kinne as in Om'ray kwea wolle soe. It is dêrom saak om 'e oanwêzichheid fan Marcus, mei syn ferliedlike kennis en technology foar de oare Om'ray geheim te hâlden. Troch tuskenkomst fan Marcus kin Aryl de pleatslike Oud te wurd krije, dy't se freget om 'e drûge rivier wer fan wetter te foarsjen. De Oud bringt har it embleem fan in Sprekker (de iennichste fan in Om'ray-clan dy't neffens de tradysje mei de Oud of de Tikitik prate mei). Dêrmei skinke se Sona erkenning as in folweardige Om'ray-clan.

Ek Enris, dy't technologyske foarútgong foar de Om'ray hawwe wol sadat se net mear ôfhinklik wêze sille fan 'e Oud en de Tikitik, wit net fan 'e oanwêzichheid fan 'e minske yn it berchlân. Hy hat syn hope fêstige op Vyna, de fierste Om'ray-clan, dêr't neat oer bekend is. Om'ray-clans hawwe tradisjoneel inkeld kontakt as ûnKeazenen, jonge manlju dy't noch gjin ferbyntenis mei in Kiezer (in jonge frou) oangien binne, op Passaazje geane nei in oare clan. Dat is de iennichste omstannichheid dy't talit dat Om'ray it lân fan 'e Oud en de Tikitik trochkruse (Aryl en de ballingen fan Yena hawwe datoangeande alle regels brutsen). Der binne lykwols gjin gefallen bekend fan ûnKeazenen fan Vyna dy't har by oare Om'ray-clans jûn hawwe, sadat Enris fermoedet dat Vyna troch it iene of oare ûnoerkomlike obstakel fan 'e rest fan 'e wrâld skaat wurdt.

As er ôfset út Sona (en mei tsjinnichheid ôfskie nimt fan Aryl Sarc, dy't him mei spyt gean sjocht), ûntdekt Enris al rillegau dat der in berch yn syn paad leit, en hy mient dan dat er it obstakel fûn hat. De Tikitik-sjamaan Tinzereizger, dy't Enris in ein tsjin Enris syn sin beselskippet, hat in protte wille om dy teory, en beslút him te 'helpen'. In esan, in wjukt bist dat de Tikitik domestisearre hawwe, pakt Enris op, fljocht him oer de berch hinne en set him by Vyna wer del. Dan ûntdekt Enris de wiere reden dat gjin inkele Om'ray-clan ûnKeazenen út Vyna ûntfongen hat: de Vyna-Om'ray, dy't troch isolaasje en yntylt in nuvere, ferwrongen maatskippij en kultuer ûntwikkele hawwe, stjoere gjin ûnKeazenen út nei de "mindere Om'ray" (sa't se de oare clans neame), en alle ûnKeazenen út oare clans dy't Vyna berikke, wurde dêr deade ear't se de Vyna "besmodzgje" kinne. Enris wit lykwols de Ried fan Vyna mei in âld foarwerp dat er by Sona opdobbe hat, sa op 'e doele te bringen, dat se him in skoft yn finzenskip libje litte.

Underwilens hat Aryl de beide Ynwijden fan Grona nei de kleasters fan Sona ta laat, om't se der wis fan wiene, dat sy, mei harren kennis, dêr wol yn komme kinne soene. Harren arrogânsje blykt lykwols nearne op basearre te wêzen, want ek foar harren bliuwe de doarren sletten. Dan litte Oran en Hoyon blike dat se noch in twadde reden hiene om Aryl nei in ôfhandich plak ta te folgjen, as se Aryl mei harren mentale fermogens oanfalle om har talint ta teleportaasje mei geweld te stellen. Mar Aryl blykt mentaal sterker as dat se ferwachte hiene, en weeft handich mei Hoyon ôf, wylst se Oran har geast suver útinoar skuort as se har selsbehearsking ferliest. Werom yn Sona blykt de Sprekker fan 'e Oud, dy't dêr kommen is om mei Aryl te oerlizzen, deadlike ferwûne rekke te wêzen. Aryl fertinkt de Tikitik derfan dat sy derefter sitte.

By in lettere konfrontaasje by de wetterfal liket dat fermoeden befêstige te wurden, as der in stikmannich Tikitik opdaagjen komme dy't beweare dat Sona fan harren is en dat de Oud dêr neat te sykjen hawwe. De Oud reägearje troch de Tikitik libben te begraven. Dan oppenearret Tinzereizger him, dy't it hiele spul stikemwei folge hat. Hy seit net om 'e dea fan syn mei-Tikitik te malen, mar bringt de nije Sprekker fan 'e Oud wol yn 't sin dat der lykwicht wêze moat, neffens de Oerienkomst dy't de relaasjes tusken de trije rassen fan Cersi regelet. De Oud stimt dêrmei yn. Aryl is ferbjustere oer dizze gong fan saken, en begrypt net wêr't de Oud en de Tikitik it oer hawwe. De Tikitik hiene har en Marcus ek hast bedobbe, en Aryl hat harren beiden rêden troch harren nei Marcus syn basiskamp te teleportearjen. De minske is entûsjast oer har fermogen ta teleportaasje, mar hy warskôget har ek dat se dat foar minsken en de oare wêzens fan it Hannelspakt strang geheim hâlde moat. Telepatyske fermogens komme by ferskate rassen bûtenierdske wêzens foar, mar teleportaasje is wat nijs, en lju sûnder skrupules, lykas geheime tsjinsten en misdiesyndikaten, soene net skromje om Om'ray fan Cersi te ûntfieren om harren fermogen ta teleportaasje te eksploitearjen foar har eigen doelen.

Koarte tiid letter bringe de Oud troch harren tunnels nochris fyftjin Om'ray nei Sona ta. Hja blike út Tuana te kommen, en ûnder harren binne ferskate ûnKeazenen, lykas Ezgi Serona, in neef fan Enris, en Mauro Lorimar, in sadistyske liddichgonger dy't foarhinne Enris syn grutste fijân wie. Under de fyftjin is fierders ek Naryn S'udlaat, in jonge frou mei mentale fermogens dy't hàst like sterk binne as Aryl harres. Hja is deselde dy't Enris besocht hat te twingen ta it oangean fan in ferbyntenis, en dêrmei feroarsake dat er op Passaazje stjoerd waard. Naryn hat lykwols fan har fouten leard, en ûntpoppet har foar Aryl as in freondinne. Mauro is noch altyd krekt deselde, en as er fuort nei syn oankomst yn Sona in ferbyntenis oangiet mei Aryl har fleurige mar mentaal swakke nicht Seru Parth, set er harren mentale partnerbân hielendal nei syn hân, en begjint er har daliks geastlik te mishanneljen. Aryl har antwurd is om yn 'e M'hir te gean, sa't se it mentale flak neamd dêr't de geastlike fermogens fan 'e Om'ray libje, en wat te dwaan dat noch nea dien is: se ferbrekt de ferbyntenisbân tusken Mauro en Seru, dy't him noch oan it ûntjaan is, en makket ynstee in ferbyntenis oan tusken Seru mei Ezgi. Se is lykwols ien ding fergetten: sysels hat har koartby sels ek ta Kiezer ûntjûn, en no ferbynt Mauro him mei hàr. Dêr hat Aryl gjin ferwar tsjin, mar Haxel Vendan, de ûnmeilydsume haadferkenner fan Yena, wol: se lûkt har jachtmês en snijt Mauro de kiel troch.

Tsjin dy tiid hat Enris besletten dat Vyna him neat te bieden hat, mei't de Vyna-Om'ray alle begryp fan harren eigen technology ferlern hawwe. Hy ûntsnapt en is de berch tusken Vyna en de oare Om'ray-clans oan it beklimmen as er in telepatyske alaarmrop fan syn thúsclan Tuana opfangt. Enris is de iennichste oan wa't Aryl leard hat om te teleportearjen, en hoewol't er earder skruten wie om dêr gebrûk fan te meitsjen, betinkt er him no gjin momint. Fan it iene op it oare stuit befynt er him yn Tuana, dêr't de Oud dwaande binne om it hiele doarp te ûndergraven en te bedobjen. Enris komt te let om syn âlden te rêden, mar hy wit wol syn jongere broer Worin, syn freon Yuhas Parth en dy syn oarehelte Caynen S'udlaat te rêden troch se fuort te teleportearjen. Syn brekme oan ûnderfining wurdt harren hast fataal as er de bestimming dy't er foar eagen hie, net goed foar eagen wit te hâlden, mar dan stjit er yn 'e M'hir op in paad dêr't minder wjerstân is om't it alris brûkt is foar teleportaasje. As er dat folget, komme hy en de oaren yn it basiskamp fan Marcus Bowman telâne.

Sadree't Enris ûntdekt dat Naryn-en-dy troch de Oud nei Sona ta brocht binne, is syn earste gedachte dat dy wat dien hawwe dat de ferneatiging fan Tuana feroarsake hat. As Aryl en Marcus de Sprekker fan 'e Oud dêroer ûndersteane, docht lykwols bliken dat der hiel wat oars efter siet: lykwicht. Sona libbet wer en stiet no ûnder tafersjoch fan 'e Oud. Dêrom moasten de Oud Tuana opjaan oan 'e Tikitik. De Oud, dy't in hiel oare libbenssyklus hawwe, begripe net hoe fragyl oft de Om'ray binne, hechtsje net oan yndividuën en hawwe gjin konsept fan skuldgefoel of rou. Trochfreegjen troch Marcus, dy't gedoente hân hat mei folle mear frjemde bûtenierdske rassen, bringt sels oan it ljocht dat de Oud leauwe dat sysels reynkarnearje as Tikitik, dat Tikitik reynkarnearje as Om'ray, en dat Om'ray wer reynkarnearje as Oud. Se hawwe dêrom gjin idee dat se wat ferkeards dien hawwe troch Tuana om te foarmjen sadat de Tikitik der no libje kinne, in proses wêrby't, sa blykt no, ek alle Oud fan Tuana sels it libben litten hawwe. Aryl beseft dan wat it ferskil is tusken de Tikitik en de Oud: de Tikitik haatsje de Om'ray en de Oud en gripe eltse mooglikheid oan dy't de Oerienkomst biedt om harren te dwerseidzjen, wylst de Oud de Om'ray op har eigen nuvere wize koesterje, en alle kwea dat se de Om'ray dogge fuortkomt út ûnkunde.

Nei't de Oud ôfset binne, driget de driuw om in libbenspartner te kiezen, dy't Aryl as Kiezer hat, har oermânsk te wurden. Hoewol't se har in ferbyntenis mei in oar as Enris net foarstelle kin, ornearret se dat him de holle sa koart nei de dea fan syn âlden net nei sokke dingen stean sil. Dêrom flechtet se troch de M'hir nei Yena ta, dêr't har mem en de oare oerlibbene Yena-Om'ray noch altyd finzen sitte yn 'e Kleasters, mar hoopje op in kompromis mei de Tikitik. Dan teleportearret Enris himsels ek nei Yena, dêr't er alle beswieren dy't Aryl opsmyt om daliks in ferbyntenis oan te gean, út 'e wei reaget. Riders of the Storm einiget mei de ferbyntenis fan Aryl en Enris, en it begjin fan harren libben tegearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The Clan Chronicles
Stratification: Reap the Wild Wind • Riders of the Storm • Rift in the Sky | The Trade Pact: A Thousand Words for Stranger • Ties of Power • To Trade the Stars | Reunification: This Gulf of Time and Stars • The Gate to Futures Past • To Guard Against the Dark