Rider at the Gate
| Rider at the Gate | ||
| algemiene gegevens | ||
| auteur | C.J. Cherryh | |
| taal | Ingelsk | |
| foarm | roman | |
| sjenre | science fiction | |
| 1e publikaasje | 1995, New York | |
| oarspr. útjwr. | Warner Books | |
| rige | ||
| rige | Rider-duology | |
| ● folgjend diel | Cloud's Rider | |
| kodearring | ||
| ISBN | 0 44 65 17 81X | |
Rider at the Gate is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Ruter oan 'e Poarte". It boek fertelt it ferhaal fan Danny Fisher, de jonge, ûnbelearde berider fan in telepatysk nachthynder op 'e planeet Finisterre, dêr't syn romtefarrende foarâlden generaasjes lyn strâne rekke binne. Rider at the Gate waard oarspronklik yn 1995 yn 'e Feriene Steaten publisearre troch de útjouwerij Warner Books, en yn it Feriene Keninkryk troch Hodder & Stoughton mei in omslachôfbylding makke troch Stephen Youll. It is it earste diel fan in duology dy't ek wol de Rider-searje neamd wurdt. It folgjende diel, Cloud's Rider, ferskynde yn 1996. De beide boeken foarmje elts in ôfrûne ferhaal, mar foar kontinuïteit kinne se it bêste yn 'e juste folchoarder lêzen wurde.
Eftergrûn fan it Finisterre-universum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Finisterre, in namme dy't "Wrâldsein" betsjut, is in planeet dy't gâns op 'e Ierde liket, mei ertsrike berchtmen, útstrutsen wâlden, fruchtbere grûn en oerflaktewetter by 't folop. Yn in fiere takomst wurdt dy planeet dêrom útornearre foar kolonisaasje troch minsken. Mar wat de kolonisten oantreffe as se op Finisterre lânje, hawwe se net op rekkene. De hiele lânseigen fauna fan 'e wrâld is nammentlik telepatysk. Karnivoaren meitsje gebrûk fan telepaty om te jeien, en herbivoaren om oan rôfdieren te ûntkommen. En allegearre ferstjoere en ûntfange se ek los dêrfan oan ien wei troch bylden.
Minsken binne warleas foar dy stoartfloed fan bylden fan bûten dy't sûnder ophâlden harren bewustwêzen binnenkringe. It leveret foar harren in ferstânsferdizenjend gerûs op, dêr't se min oer kinne en dat guon fan harren sels ta sljochtsinnigens driuwt. It leafst soene se sa gau mooglik Finisterre wer ferlitten hawwe, mar it memmeskip dat harren op 'e planeet ôfset hat, komt nea wer werom, dat se moatte omstean leare. Fan needs lûke se har werom yn delsettings mei grutte palissades deromhinne om 'e bûtenwrâld bûten te sluten en ferbergje se harrensels efter religieuze dogmatyk basearre op eangst en ûnwittenheid.
Nachthynders binne omnivoaren dy't as toprôfdieren op Finisterre boppe-oan it fiedselkeatling steane. Harren namme komt fan harren swarte pels en it feit dat se fan lichemsfoarm sterk lykje op Ierdske hynders. Mar oars as hynders jeie se op lytsere bisten en frette se alles op dat se te pakken krije kinne. Dêrnjonken ite se ek gers, koarstmoas en oare planten. Se hawwe hoeven mei trije teannen en binne like yntelligint as in minsklike beuker.
Wannear't de minsklike kolonisten op Finisterre arrivearje, fiele nachthynders har daliks oanlutsen ta de nijynkommelingen, fanwegen harren komplekse tinzen dy't ryk binne oan oantinkens en emoasjes. As in nachthynder soks ienris fan deunby meimakke hat, rekket er deroan ferslave en kin er minsken nea wer gewurde litte. Uteinlings siket er in minske út waans tinzen him it bêste oansteane om as selskipsman of -frou oan te nimmen. It nachthynder folget dêrby sa'n minske oan ien tried wei oant dy belies jout en by it nachthynder komt. Sa'n persoan dy't de rop fan in nachthynder beäntwurdet, wurdt in "ruter", en oer in perioade fan inkele moannen oant inkele jierren foarmje hy of sy en it nachthynder in ûnbrekbere bân dy't duorret oant ien fan harren stjert.
Ruters binne de iennichste minsken dy't yn 'e wyldernis fan Finisterre oerlibje kinne, mei't harren nachthynders har oant de dea beskermje. Oarsom krije nachthynders fan harren bân mei minsken net inkeld de minsklike tinzen, mar ek iten (fral bacon binne se sljocht nei), ûnderdak by winterkjeld en min waar, en fersoarging yn it algemien. Troch op 'e ferstanlike fermogens fan harren minsklike partner te stypjen, kinne nachthynders boppedat dingen ûnthâlde en har langere tiid op dingen konsintrearje sûnder ôflaat te wurden en dan te ferjitten wêr't se mei oan 'e gong wiene. Soms kin in nachthynder lykwols geastlik losslein reitsje as er siik of slim ferwûne is of as syn ruter omkomt. Sa'n mâl nachthynder fersmoarget mei syn fan swarte wanhoop trochdrinzge tinzen fan ûnferfolle langstme syn hiele om-en-by en kin syn tinzen boppedat folle fierder ferstjoere as in sûne soartgenoat. It is in gefaar foar eltsenien yn syn neite en moat sa gau mooglik ôfmakke wurde.
It meastepart fan 'e minsken op Finisterre hat net folle op mei de ruters, dy't troch de predikanten as selskipslju fan 'e duvel foarsteld wurde. De ruters libje dêrom fierhinne ôfskaat fan 'e rest fan 'e minsklike befolking, yn spesjale ruterkampen oan 'e râne fan delsettings. Mar de keppels Ierdske kij en bargen dy't de gruttere delsettings fan fleis foarsjogge, kinne op Finisterre inkeld oerlibje trochdat se weide wurde troch ruters. De nachthynders fan dy ruters hâlde nammentlik mei harren telepatyske drigeminten oare wrâldseigen rôfdieren, lykas spûkbearen en koboldkatten, op ôfstân. En de konfoaien frachtweinen dy't troch de wyldernis fan 'e iene delsetting nei de oare ride, kinne dat inkeld dwaan trochdat se begelaat wurde troch ruters. Koartsein: sûnder de ruters soene de minsken op Finisterre net oerlibje kinne.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op in hjerstjûn arrivearret it lêste frachtweinkonfoai yn Shamesey, ien fan 'e grutste delsettings yn it leechlân fan Finisterre, foar't de ynfallende winter de wegen oer de bergen tichtsette sil. It konfoai wurdt begelaat troch trije ruters, de bruorren Jonas en Luke Westman en harren efterneef Hawley Antrim. De trije mannen komme oan 'e poarte fan it ruterkamp op 'e siik nei in oare ruter, Guil Stuart, om him 'e dea oan te sizzen fan syn partner Aby Dale. Dyselde is mei har nachthynder Moanne omkommen doe't ien fan 'e frachtweinen fan it konfoai op Roger's Peak by in skerpe hierspjeldbocht oer de râne fan in steil ravyn stoarte. De oarsaak fan it ûngemak wie neffens de trije ruters in mâl nachthynder dat Aby en de frachtweinsjauffeur mei telepaty leauwe liet dat se noch op 'e wei wiene wylst se rjocht op it ravyn ta rieden.
Stuart, dy't gâns fan Aby hâldt, rekket bot oerstjoer fan it nijs, nammenste mear om't hy en Aby de lêste kear dat se inoar seagen mei rûzje útinoar gien binne. Hy riidt sûnder jas, gewear of oare taris út it kamp wei op syn nachthynder Brân om mei syn ferlies yn it reine te kommen. Underwilens besmette de telepatyske bylden fan it mâle hynder, dy't troch de nachthynders fan 'e bruorren Westman en Antrim oanbrocht binne, net inkeld it kamp mar ek de oanbuorjende delsetting. Wannear't Stuart letter yn 'e nacht weromkomt, wurdt er besketten troch de senuweftige poartewachters fan 'e delsetting, wêrby't er in skampskot oprint. Lulk en ferkeard riidt er dêrop de bergen yn mei it dizenige plan om it mâle hynder op Roger's Peak te deazjen út wraak foar de dea fan Aby.
Yn it ruterkamp by Shamesey wurdt ûnderwilens beried holden oer de sitewaasje. Jonas en Luke Westman en Hawley Antrim biede oan om efter Stuart oan te gean om him syn gewear en gereid te bringen, mei't er sûnder by 't winter yn 'e bergen net oerlibje kin. De jonge Danny Fisher, dy't sels út 'e delsetting Shamesey komt en noch mar twa jier de ruter fan it nachthynder Wolk is, slút him dêrby oan. Hy fielt dat er Stuart wat skuldich is, mei't de man op in jûn fuort nei't Danny en Wolk byinoar kommen wiene, de tiid nommen hat om him goerie te jaan oer it bestean as ruter. In oare ruter yn it kamp, Ancel Harper, koesteret lykwols krekt in djippe wrok tsjin Stuart, dy't er ferantwurdlik hâldt foar de dea fan syn broer Gerry in pear jier earder (hoewol't Stuart dêr eins neat mei te krijen hie). Harper stiet der by de oare ruters op oan om in posse te foarmjen om efter Stuart oan te gean mei as doel om him dea te sjitten. Yn 'e betize tinzen fan Harper is Stuart nammentlik ien en deselde wurden mei it mâle hynder op Roger's Peak. Dêrfoar kriget Harper de hannen lykwols net opinoar.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare moarns sette de bruorren Westman, Antrim en Danny Fisher ôf út Shamesey, mei as doel it doarp Tarmin op Roger's Peak. Se hoopje Stuart dêr of ûnderweis dêrhinne te treffen. Danny ûntdekt al rillegau dat net fier efter harren oan in oar groepke ruters folget, besteande út Harper en in pear fan syn maten. De wettige Jonas Westman besiket Danny ûnderweis wat by te bringen oer hoe't in ruter mei syn nachthynder omgean moat, mar Danny is te eigenwiis om harkje te wollen. Lang om let rekket er mei rûzje by de groep wei, dy't er as fijannich beskôget. Hy wurdt ynhelle Harper en dy syn trewanten Quig en Watt, en dan leart er pas wat echte fijannigens ynhâldt. Harper-en-dy bestelle him fan syn fjoerwapens, mês en itensfoarrieden en behannelje him as harren finzene. Yn dy sitewaasje komt er einlings en te'n lêsten ta it besef dat Jonas Westman him allinnich mar besocht te helpen. En de lessen dy't de man him leare woe, komme him no goed fan pas.
Stuart, dy't ferlet hat fan winterklean, wapens en oare foarrieden, riidt net streekrjocht de berch op, mar nimt earst de ôfslach nei it yndustrystedsje Anveney. Dêr ûntdekt er dat Hawley Antrim, dy't in neef fan Aby is, ûnderweis fan Tarmin nei Shamesey yn Anveney oanstutsen is om as neibesteande de dielde bankrekken fan Aby en Stuart leech te heljen. Stuart is dêr begryplikerwize net bêst oer te sprekken, mar as er him yn syn lulkens tsjin it bankpersoniel keart, bedarret er yn 'e sel op it pleatslike plysjeburo.
Hy wurdt út 'e swierrichheden helle troch Lew Cassivey, in pleatslike sakeman mei frijwat ynfloed. Cassivey begrypt ruters en de problemen fan 'e wyldernis om't er yn it ferline sels begûn is as frachtweinsjauffeur. Hy fertelt Stuart dat hy in geheime oerienkomst mei Aby hie om't er har fertroude, in oerienkomst dy't foar har tige lukratyf wie. Cassivey docht no nammentlik yn goud, en it lêste konfoai dat Aby begelate, ferfierde ûnder mear de jierlikse goudopbringst út 'e mynwurkerskampen heger op Roger's Peak. Mar lit dat goud no krekt yn 'e frachwein ferfierd wêze dy't mei Aby it ravyn yn gien is. Cassivey hat no dus ferlet in oare ruter om it goud foar him op te fandeljen, de winter oer te bewarjen en bewekjen en it by 't maityd nei Anveney te bringen. Hy hat Aby ris frege hokker oare ruter oft er fertrouwe kinne soe, en de earste namme dy't har doe oer de lippen kaam, wie dy fan Guil Stuart. Cassivey biedt Stuart dêrom deselde lukrative oerienkomst oan dy't er mei Aby hie, en Stuart nimt dat oan. Cassivey betellet him foarút op rynske wize en jout him dêropta in folsleine nije útris mei.
Yn 'e neite fan it berchdoarp Tarmin, healwei de top fan Roger's Peak, wurde de ruter Tara Chang en har nachthynder Flikkering in dei lang hjitfolge en hast ta sljochtsinnigens dreaun troch it mâle nachthynder, oant se op 't langelêst de feilichheid fan Tarmin witte te berikken. Yn it doarp dreamt Brionne Goss, de trettjinjierrige dochter fan 'e pleatslike smid, al jierren fan in bestean as ruter. Se mient dat se de telepatyske bylden dy't nachthynders ferstjoere, better ûntfange kin as de ruters dy't yn it ruterkamp fan Tarmin ferbliuwe. Wannear't se dy nachts de langjende rop heart fan wat se mient dat in wyld nachthynder is, giet se de oare moarns betiid, tsjin alle regels yn, op eigen manneboet de omlizzende wyldernis yn. Dêr fynt se it mâle nachthynder, dat har as syn ruter oannimt.
As tsjin 'e jûn har útnaaien ûntdutsen wurdt, geane de ruters Vadim en Chad der op harren nachthynders op út om it fanke te sykjen, mar se komme net werom. Brionne har heit Andy Goss komt mei syn beide soannen Carlo en Randy yn it ruterkamp, dêr't harren tinzen troch de neite ta de nachthynders oaninoar trochjûn wurde. Sa komt Goss derefter dat syn soannen harren jongere suske haatsje, om't Brionne altyd foarlutsen wurdt wylst de jonges sels troch har âlden mishannele wurde. De opkroppe gefoelens yn 'e Goss-húshâlding komme let op 'e jûn, ûnder ynfloed fan 'e oanhâldende telepatyske barraazje fan it mâle nachthynder, ta útbarsting as Goss syn soannen in pak op 'e hûd jaan wol en Carlo in fjoerwapen pakt en syn heit deasjit. Carlo en Randy steane op it punt om lyncht te wurden troch de oare doarpelingen, mar op foarspraak fan Tara Chang, dy't úthâldt dat Carlo Goss net folslein ferantwurdlik holden wurde kin foar wat er dien hat, wurde se troch marshal Wallace opsletten yn 'e sel yn syn kantoar.
De oare beide oerbleaune ruters, Luisa en Mina, slane Tara har rie om yn Tarmin te bliuwen yn 'e wyn en sette derop út om Vadim en Chad te sykjen. Dêrtroch bliuwt Tara as iennichste ruter yn Tarmin efter. Te neare nacht komt it mâle nachthynder mei syn ruter dêr oan 'e poarte. Frou Goss sjocht inkeld har ferlern waande dochter Brionne en wol de poarte iepen hawwe. Tara warskôget dat it Brionne net mear is, mar it is praten om 'e nocht. De poarte giet iepen en it mâle nachthynder komt deryn en oerweldiget de doarpelingen alhiel mei syn sike telepatyske stjoerings. De minsken witte net mear wat se dogge; guon meitsje inoar dea, oaren harsels en de rest komt om troch de swaarmen lytsere rôfdieren en iesiters dy't yn it sok fan it mâle nachthynder troch de poarte en oer de palissade komme. Tara, dy't ek alhiel fan neat mear wit, oerlibbet it inkeld trochdat har nachthynder Flikkering mei har útnaait.
De dea fan Tarmin soarget leger op 'e berch foar in oerweldigjende telepatyske stoarm. Yn 'e gaos wit Danny te ûntkommen oan Harper-en-dy. Letter fangt er bylden op fan Watt dy't troch it mâle nachthynder oer de râne fan in klif jage wurdt. Sûnder wapens of iten arrivearret Danny in pear dagen letter by de iepensteande poarte fan Tarmin, dêr't syn nachthynder Wolk mei in telepatyske stjoering <Lulk nachthynder. Tsjuster en bloed. Wolkens en wjerljocht.> de lêste iesiters op 'e flecht driuwt. Danny ûntdekt dat twa doarpelingen it bloedbad oerlibbe hawwe: de bruorren Goss, dy't feilich opsletten sieten yn harren sel. Trijeresom brekke de jonges yn 'e pleatslike winkel yn, dy't al op 't slot wie doe't it mâle nachthynder kaam. Alle itensfoarrieden binne sadwaande bewarre bleaun. Mei gauwens kriget Danny fersterking fan 'e bruorren Westman en Hawley Antrim.
Dy jûns komt Guil Stuart oan 'e (no wer sletten) poarte fan Tarmin. Mar hy wurdt besketten, nei't er mient troch Jonas Westman, en kiest derfoar om troch te riden as siet de duvel him op 'e hakken. Danny beseft dat Harper de skutter wêze moat. De Westmans en Antrim geane derop út om Stuart te sykjen. As sy fuort binne, besiket Harper om Tarmin binnen te kommen, mar Danny stegeret him oan 'e poarte ôf en in kûgel fan him makket op in hier nei in ein oan it libben fan Quig, wêrnei't dyselde it hazzepaad kiest. Harper jout him ek ôf, mar giet net fier. As der in sniestoarm opstekt, komme de Westmans en Antrim werom sûnder wat bedijd te hawwen om it minne waar yn Tarmin út te sitten. Dy nachts ûntdekt Danny út 'e tinzen fan Hawley Antrim, dy't nei de oare oanwêzigen oerbrocht wurde troch de fjouwer oanwêzige nachthynders, dat Antrim himsels troch de frachtweinsjauffeurs fan it lêste konfoai omkeapje litten hie om him stil te hâlden oer it feit dat de remmen fan ien fan 'e frachtweinen net goed wurken. Jonas Westman, foar wa't dat ek nijs is, wynt him dêr tige oer op.
De wurge Stuart fynt beskûl foar de stoarm yn in ruterhutte op 'e wei nei de berchdoarpen boppe Tarmin. Dêr jout Tara Chang har letter by him. De sniestoarm hâldt twa dagen oan en salang sitte Stuart en Tara fêst yn 'e lytse ruterhutte. Mei't de hjerst foar nachthynders de peartiid is, jouwe Brân en Flikkering har nei in goede nachtrêst oer oan har ynstinkt. De eroatyske bylden dy't se dêrby ferstjoere, liede derta dat Stuart en Tara úteinlik ek mei-inoar op bêd reitsje. Wannear't de stoarm lizzen gien is en Stuart en Tara harsels útgroeven hawwe út it skouderhege pak snie dat fallen is, geane se tegearre op jacht nei it mâle nachthynder. Se fine it ek, om't it troch de ynfloed fan Brionne derta dreaun wurdt om wer nei Tarmin te gean (dat ommers de hiele wrâld is dy't it fanke ken). Ta Stuart syn ferbjustering is it mâle nachthynder nimmen oars as Moanne, it nachthynder fan Aby Dale. Hy ferlost it ferwûne, sljochtsinnige bist út syn lijen en rêdt Brionne Goss, dy't neitiid yn koma rekket.
Fuort nei't er Moanne deasketten hat, wurdt Stuart sels delsketten troch in skutter dy't him út in mûklaach wei besjit. Tara Chang, de bêste skutter fan Tarmin en wide omkriten, draait har mei in skuor om en sjit de skutter yn ien kear dea. It blykt Harper te wêzen, in man oan wa't Stuart yn jierren net tocht hat en dy't er himsels mar kwealk tebinnenbringe kin. Harper is úteinlings it slachtoffer fan syn eigen wraak wurden. De Westmans en Hawley Antrim arrivearje as Tara de skotwûne fan Stuart ferbynt, te let om him noch foar Harper warskôgje te kinnen. Stuart lit it yn him omgean om Antrim dea te meitsjen, smoarge dief dat er is, mar hy beslút úteinlik dat de man te dom is te begripen wat er misdien hat, sadat bestraffing sinleas is.
It is no dúdlik dat de frachtweinsjauffeurs fan it lêste konfoai alteast fermoeden dat der in lading goud ferfierd waard. Harren tinzen waarden opfongen troch de nachthynders en trochjûn oan 'e ruters. It idee dat der goud te heljen is, wie, sa jout Jonas Westman no ta, alteast foar in part de reden foar him en syn maten om fuort wer de berch op te gean. Wannear't Stuart Jonas Westman ûnderstiet oer wat der no eins bard is mei dat lêste konfoai, hâldt dyselde fol dat er Aby en Moanne dea op 'e rotsen yn 'e djipte lizzen sjoen hat nei't sy en de frachtwein mei it goud oer de râne fan it ravyn gien wiene. Dan begrypt Stuart einlings wat der no eins echt bard is, mei't syn eigen nachthynder Brân it keunstke hat om bylden út te stjoeren om minsken leauwe te litten dat er earne is wylst er eins in lyts eintsje fierderop is. Yn 'e omgong mei senuwefige minsken mei fjoerwapens is dat in weardefol fermogen. Moanne moat datselde trúkje behearske hawwe en liet de minsken dy't oer de râne fan it ravyn seagen, leauwe dat sy dêr yn 'e djipte by Aby lei wylst se eins fuort njonken harren stie.
Stuart hjit de Westmans om op te sokkebaljen en fan it goud ôf te bliuwen. Se moatte Antrim meinimme en derfoar soargje dat de man in jier as trije, fjouwer it paad fan Stuart net krúst. Nei't de trije mannen har ôfjûn hawwe, keare Stuart en Tara werom nei de ruterhutte dêr't se stoarm útsitten hawwe. Dêr jouwe Danny en de bruorren Goss har letter by harren. Nei't se allegearre wat bekommen binne, sette Danny en bruorren Goss, mei de noch altyd bewusteleaze Brionne op in travois, ôf om yn in doarp heger op 'e berch medyske help foar it fanke te sykjen. Stuart en Tara beslute om efter te bliuwen en de winter tegearre troch te bringen yn 'e ruterhutte by Tarmin.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |