Richardsongrûniikhoarntsje
| richardsongrûniikhoarntsje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Urocitellus richardsonii | ||||||||||||
| Sabine, 1822 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It richardsongrûniikhoarntsje of Richardsons grûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Urocitellus richardsonii) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). Dit bistke is lânseigen yn it hert fan Noard-Amearika. It richardsongrûniikhoarntsje is in omnivoar fan 'e prêrjes, dy't winterdeis in wintersliep hâldt. Hy libbet yn koloanjes en leit ûndergrûnske gongestelsels oan. Fanwegen syn oanwenst om lânbougewaaksen oan te fretten, wurdt it richardsongrûniikhoarntsje yn in grut diel fan syn ferspriedingsgebiet as skealik ûngedierte beskôge. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.
Nammejouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It richardsongrûniikhoarntsje waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1822 troch de Ingelske soölooch Joseph Sabine. It bist is ferneamd nei de Skotske biolooch sir John Richardson (1787–1865). Hoewol't de eigentlike namme fan it richardsongrûniikhoarntsje yn it Ingelsk Richardson's ground squirrel is, wurdt dit bist ek wol de flickertail ("trilsturt") neamd, fanwegen syn gewoante om triljende bewegings mei de sturt te meitsjen ek al is de rest fan it lichem bewegingsleas. Ien fan 'e bynammen fan 'e Amerikaanske steat Noard-Dakota, dêr't it richardsongrûniikhoarntsje foarkomt, is sadwaande de Flickertail State.

Fral op en yn 'e omkriten fan 'e Loftmachtbasis Minot, ek yn Noard-Dakota, stiet it richardsongrûniikhoarntsje bekend as de dakrat, in ôfkoarting fan Dakota rat ("Dakotarôt"). Richardsongrûniikhoarntsjes wurde ek wol oantsjut as prairie dogs ("prêrjehûnen") of gophers ("goffers"), hoewol't dat eins oare bisten binne, hearrend ta it skaai Cynomys, resp. de famylje Geomyidae.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan it richardsongrûniikhoarntsje beslacht it noarden fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It omfettet it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Alberta en Saskatchewan, it súdwesten fan Manitoba en it uterste súdeasten fan Britsk-Kolumbia. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten komt dit bist fierders foar yn it noarden en westen fan 'e steat Montana, it easten fan Idaho, it uterst noardwesten fan Wyoming, it noarden en easten fan Noard-Dakota, it noardeasten fan Súd-Dakota en it westlike rântsje fan Minnesota.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It richardsongrûniikhoarntsje fertoant in beskate seksuele dimorfy yn 'e sin dat de mantsjes in slach grutter en swierder binne as de wyfkes. De mantsjes hawwe in kop-romplingte fan 28,3–33,7 sm mei in sturtlingte fan 6,6–8,8 sm en in gewicht fan 290–745 g. De wyfkes hawwe in kop-romplingte fan 26,4–31,8 sm mei in sturtlingte fan 5,5–8,2 sm en in gewicht fan 120–590 g. Foar beide geslachten jildt dat it gewicht sterk fariëarret nei de tiid fan it jier. Se binne it lichtst (290–450 g foar de mantsjes, 120–275 g foar de wyfkes) as se by 't maityd wekker wurde út 'e wintersliep. Tsjin 'e tiid dat se mei de hjerst wer yn wintersliep geane, hawwe se har topgewicht berikt.
De pels fan richardsongrûniikhoarntsjes is op 'e rêch, kop, siden en boppekant fan 'e sturt dûnkerbrún. De bealch, poaten, kiel en ûnderkant fan 'e sturt binne ljochtbrún oant taan of bêzje. De sturt is koarter en minder plommich as by in protte oare langsturtgrûniikhoarntsjes, en de earen (alteast de útwindige parten) binne sa lyts, dat it wol liket as ûntbrekke se hielendal.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Richardsongrûniikhoarntsjes binne fan natuere bisten fan 'e koartgerzige prêrjes fan 'e noardlike Grutte Flakten. Histoarysk hawwe se har ferspriedingsgebiet witten út te wreidzjen tanksij minsklike aktiviteiten, yn 't bysûnder it roaien fan wâldlân om romte te meitsjen foar lânbougrûn. Richardsongrûniikhoarntsjes binne lykwols net mear beheind ta iepen flakten en ikkers, mar hawwe har witten oan te passen ta in stedsk fermidden. Sadwaande komme se tsjintwurdich ek foar yn parken en eftertunen, dêr't se harren gongestelsels grave ûnder trottoirs en bestrjitte sithoekjes.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hâlden en dragen fan it richardsongrûniikhoarntsje hat suver mear wei fan dat fan prêrjehûnen as fan dat fan oare grûniikhoarntsjes. Dit bist libbet yn koloanjes, wêrby't de wyfkes altyd yn harren bertegroep bliuwe, wylst de mantsjes, as se folwoeksen wurde, op 'e sweef geane om oansluting by in oare groep te sykjen. Dat is in evolúsjonêr meganisme om yntylt foar te kommen. Famyljegroepen bewenje eigengroeven hoalestelsels, dy't har deunby oare hoalestelsels befine wêrmei't se in koloanje foarmje. Wyfkes fertoane territoriaal gedrach oangeande harren nêsthoalen, mar duldzje wyfkes om har hinne dy't nau besibbe binne.

Richardsongrûniikhoarntsjes uterje hearbere alaarmroppen by gefaar: in heechtoanich fluitsjen as der lânrôfdieren yn oantocht binne, en in sjirpjend lûd as der rôffûgels sinjalearre binne. Ut nij ûndersyk út 2010 die bliken dat richardsongrûniikhoarntsjes yn guon gefallen ek in ultrasoane alaarmrop produsearje, dy't foar minsken te heech fan toan is om te hearren.
It richardsongrûniikhoarntsje hâldt in wintersliep dy't wol acht moannen duorje kin. Folwoeksen eksimplaren geane faak al yn july yn wintersliep, en wurde dan it jiers dêrop pas yn maart wer wekker. Jonge bisten geane yn har earste jier pas yn septimber yn wintersliep. By it wekker wurden komme de mantsjes it earst foar 't ljocht, wêrnei't se territoaria fêstigje. De wyfkes folgje in pear wiken letter. De peartiid begjint ein maart, en nei in draachtiid fan 24 dagen smyt it wyfke yn april of maaie in nêst fan yn trochsneed 6 jongen, hoewol't in maksimum fan 14 jongen dokumintearre is. De wyfkes smite mar ien kear yn 't jier. De jongen bliuwe ûndergrûnsk yn 'e hoale oant se likernôch 30 dagen âld binne en harsels min ofte mear rêde kinne. Mantsjes hawwe yn it wyld in libbensferwachting fan 3 jier en wyfkes fan 4 jier. Yn finzenskip kinne richardsongrûniikhoarntsjes lykwols wol 5–7 jier wurde.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Richardsongrûniikhoarntsjes binne omnivoaren, wêrfoar't benammen sieden, nuten, gerzen, krûden en ynsekten op it menu steane. Yn it ferlingde fan gerzen frette se nôt dat as lânbougewaaks oanplante is, en dêrmei meitsje se harsels alderminst dierber by lânbouwers. Fierders hawwe richardsongrûniikhoarntsjes oanstriid ta kannibalisme, wêrby't de se liken fan deade soartgenoaten meislepe nei har hoale en dêr opfrette. Soms dogge se dat ek boppe de grûn.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan it richardsongrûniikhoarntsje binne rôffûgels as hauken en ûlen, ferskate soarten slangen, wêrûnder de prêrjerattelslange (Crotalus viridis), ferskate soarten martereftigen, lykas de wezeling (Mustela nivalis), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii) en de Amerikaanske nerts (Neogale vison), en fierders de sulverdas (Taxidea taxus) en de prêrjewolf (Canis latrans).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It richardsongrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Om't er lânbougewaaksen oanfret, yn 't bysûnder nôt, wurdt er troch in protte boeren sjoen as in pleachdier. Yn 2010 waard it richardsongrûniikhoarntsje yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan ek wetlik foar sadanich oanmurken. Boeren brûke in ferskaat oan wurkwizen om fan 'e richardsongrûniikhoarntsjes op har lân ôf te kommen. Ien metoade is om in hoalestelsel fol te pompen mei in mingsel fan soerstof en propaangas en de boel dan oan te stekken. Dat liedt ta in ûntploffing dêr't de grûniikhoarntsjes by omkomme, wylst de skokweach ek it hoalestelsel ynstoarte lit.
Yn 2002 sponsore de Wildlife Federation fan Saskatoon in tolve wiken duorjende gopher derby (gopher is in foutive namme foar it richardsongrûniikhoarntsje). Dy wie bedoeld om ôf te weven mei wat beskôge waard as in oerpopulaasje fan richardsongrûniikhoarntsjes. By it evenemint waarden prizen yn kontant jild útrikt oan 'e lju dy't de measte grûniikhoarntsjes deade hiene, nei't se de sturtsjes ynlevere hiene as bewiis. De Canadian Humane Society, in dierebeskermingsorganisaasje, neamde dy wedstryd "wreed en barbaarsk". Nettsjinsteande dy krityk waard de gopher derby yn 2003 op 'e nij holden. Tsjin 2004 wie de populaasje richardsongrûniikhoarntsjes sasear belune dat in trêde edysje fan 'e gopher derby net mear nedich achte waard.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It richardsongrûniikhoarntsje is in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten binne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

