Richard von Weizsäcker

Ut Wikipedy
Richard von Weizsäcker yn 1984.

Richard Karl baron von Weizsäcker (Stuttgart, 15 april 1920 - Berlyn, 31 jannewaris 2015) wie in Dútsk politikus. Hy wie de sechde bûnspresidint en wurdt beskôge as ien fan de wichtichste presidinten fan Dútslân nei de Twadde Wrâldkriich. Fan 1981 oant 1984 wie hy boargemaster fan West-Berlyn.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Von Weizsäcker komt út in aadlike famylje. Syn pake waard yn 1897 yn 'e adelstân ferheft en yn 1916 krige er de titel fan Freiherr, de Dútske ferzje fan 'baron'. Richard wie de jongere broer fan natoerkundige en filosoof Carl Friedrich von Weizsäcker. Richard wie yn de oarloch tsinstplichtich by de Wehrmacht.
Syn heit wie Ernst von Weizsäcker, dy't in diplomaat en yn de kriichstiid steatssiktaris fan Bûtelânske Saken en honorêr SS-generaal-majoar wie. Hy waard neffens de Neurenberch-Tribunaal feroardiele foar misdieden en krige 5 jier finzenisstraf. Richard wie syn heit syn abbekaat en hy promofearre yn 1955 yn de rjochtswittenskip. Richard von Weizsäcker boaske mei Marianne von Kretschmann en hja krigen 4 bern.

Van 1969 oant 1981 wie hy lid fan de Bûnsdei, it Dútske parlemint. Yn 1981 waard hy boargemaster fan West-Berlyn fan de CDU. Hy siet yn de lofterwjuk fan dizze partij. Op 1 july 1984 waard hy presidint fan West-Dútslân as opfolger fan Karl Carstens. Neffens gewoante moast hy it partijlidmaatskip tydlik opsizze. Yn 1990 waard hy presidint fan it feriene Dútslân oant 30 juny 1994. Doe waard Roman Herzog presidint.