Richard Elzinga

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Richard Elzinga (Drachten, 27 july 1969) is in eardere fuotballer.

As fuotballer begûn Richard Elzinga by de amateurs fan Drachtster Boys. Hy foel op, kaam by FC Groningen en spile dêr twa seizoenen. Dêrnei folge de oerstap nei Cambuur Ljouwert dêr't hy njoggen jier bleau en de promoasje nei de Earedifyzje meimakke. Nei syn Cambuurperioade folgen noch trije jier by Sparta yn Rotterdam, wêrnei't hy stoppe mei betelle fuotbal en werom gie nei de amateurs. Oan koartlyn wie Elzinga aktyf by SCO '63 út Spijkenisse.

Elzinga spile op de posysje fan foarstopper en rjochtsback.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: