Springe nei ynhâld

Richard Bowdler Sharpe

Ut Wikipedy
Richard Bowdler Sharpe

Richard Bowdler Sharpe (Londen, 22 novimber 1847 - dêre, 25 desimber 1909) wie in Britske soölooch.

Sharpe studearre oan it Brighton College, de King's School yn Peterborough en de Loughborough Grammar School. Doe't er tsien jier wie gie er oan't wurk by de firma Smith & Sons en koart dêrnei by de foarname útjouwer en boekferkeaper B. Quartich. Hy begûn yn dizze perioade al mei syn earste ornithologysk wurk, in monografy oer de iisfûgels [1] . De yllustraasjes foar dat wurk waarden ûnder oare makke troch de Nederlânske yllustrator John Gerrard Keulemans.

Yn 1867 waard er beneamd ta bibliotekaris fan de Zoological Society, op oanbefelling fan Osbert Salvin en Philip Lutley Sclater. Yn 1872 waard er haadassistint oan it British Museum by de ôfdieling soölogy, dêr't er de fûgelkolleksje op 'e noed krige. Yn 1895 waard er beneamd ta assistint-konservator fan de ôfdieling soölogy en de seksje wringebisten. Hy hold dy posysje oant syn dea.

Sharpe rjochte yn 1892 de British Ornithologist 'Club op en wie redakteur fan it klupblêd Bulletin of the British Ornithologist' Club. Sharpe publisearre 14 dielen (fan de 27) fan de Catalogue of the Birds in the British Museum. [2]

Yn 1894 publisearre er A hand-book to the birds of Great Britain.

Persoanlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Richard Bowdler Sharpe troude op 3 desimber 1867 mei Emily Eliza Burrows, dochter fan J.W. Burrows út Cookham. Yn 1871 neamde Bowdler Sharpe in ûndersoart fan de paradysfûgels nei syn frou: Tanysiptera galatea emiliae. It pear krige tegearre tsien dochters, fan wa't der ien, Emily Mary Bowdler Sharpe, entomolooch waard oan it British Museum of Natural History yn Londen en krekt as har heit in tal diersoarten beskreau, benammen Afrikaanske flinters (Rhopalocera).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Richard Bowdler Sharpe, 1868–1871. A Monograph of The Alcedinidae, or Family of Kingfishers
  2. Richard Bowdler Sharpe, Philip Sclater, Hans Gadow, et al. 1874-1898. Catalogue of the Birds in the British Museum