Ria Postma-Stolk

Ut Wikipedy

Ria Postma-Stolk (Maasland, 15 novimber 1927 - Hurdegaryp, 31 maaie 2008), sette oer en skreau yn it oanlearde Frysk en droech deryn foar.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Postma-Stolk learde pas Frysk doe't se om redenen fan sûnens by har famylje yn Gytsjerk kaam te wenjen. Yn 1956 skreau se it ferhaal Fiif minuten is to lang yn De Tsjerne, dat letter ek as boek feskynde. Begjin jierren sechtich skreau dse ek gedichten en koarte ferhalen yn de Ljouwerter Krante.

Alve jier lang hie se in bernerubryk yn Frysk & Frij ( oant 1966) en wurke dêrnei acht jier mei oan de RONO, benammen foar it berneprogramma.

Yn 1969 ferskynde it boek ‘Peter goes to Holland', skreaun op fersyk fan Wereldcontact. Dat boek jout in byld fan Nederlân, foar bern en pakesizzers fan emigranten. Se hie ha hjirfoar ferdjippe yn de ferskillende Nederlânske streken, sa mar út de fantasije te skriuwen kin ik net, sei se destiids. It boek ferskynde yn in oplage fan 8000 stiks en de skriuwster krige der in reis fan seis wiken troch de FS en Kanada foar as beleanning.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fiif minuten is to lang (1956)
  • De frouwe fan starum (1965)
  • Peter goes to Holland ( 1969)
  • De P(u)ozzebokken (oersetting fan Bouke Jagt: De Pozzebokken, 1973)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: