Giele blomkoalkwab
| giele blomkoalkwab | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Rhizostoma luteum | ||||||||||||
| Quoy & Gaimard, 1827 | ||||||||||||
| IUCN-status: net beoardiele | ||||||||||||
De giele blomkoalkwab (Latynske namme: Rhizostoma luteum) is in netteldier út 'e klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa), de famylje fan 'e blomkoalkwabben (Rhizostomatidae) en it skaai fan 'e echte blomkoalkwabben (Rhizostoma). Dizze kwab komt foar yn 'e eastlike Atlantyske Oseaan fan 'e Golf fan Biskaje oant Senegal. Teffens wurdt er gauris waarnommen yn 'e Strjitte fan Gibraltar en de Alboransee yn it westen fan 'e Middellânske See.
Der is net in protte oer dizze soarte kwab bekend. De giele blomkoalkwab waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1827, troch de Frânske seebiologen Jean René Constant Quoy en Joseph Paul Gaimard. Dizze soarte is nau besibbe oan 'e folle bekendere seepoddestoel (Rhizostoma pulmo).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |