Rheinwiesenlager

De namme Rheinwiesenlager (letterlik: Rynfjildkampen) ferwiist nei in groep fan 19 kampen yn it Rynlân yn it nei de Twadde Wrâldoarloch troch de Amerikaanske, Britske en Frânske troepen besette Dútslân. De kampen ynternearren tydlik ferskate groepen Dútske finzenen ûnder de meast aaklike en primitive omstannichheden.
Fan april oant septimber 1945 holden dizze kampen, net folle mear as in stik iepen fjild mei in stek fan stikeltried, tusken de ien en twa miljoen kapitulearre Wehrmacht-soldaten fêst. Troch de finzenen net as kriichsfinzenen te klassifisearjen, negearren de alliearde troepen ynternasjonale ferdraggen wat de behanneling fan kriichsfinzenen oanbelanget.
It brek oan essensjele foarrieden late ta de dea fan in soad kampbewenners troch honger, útdrûging en bleatstelling oan it waar. De measte rûzings fan it oantal slachtoffers yn 'e kampen fariearje fan 3.000 oant 10.000.
Oprjochting fan 'e kampen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it earstoan wiene der plannen om de kriichsfinzenen oer te bringen nei Grut-Brittanje, dêr't se oant de oerjefte bliuwe soene. Nei it mislearre Ardinnenoffinsyf joegen 250.000 Dútske soldaten har oer. By it belis fan it Ruhrgebiet foelen nochris 325.000 Wehrmacht-soldaten yn hannen fan 'e Alliearden. Nei de oerjefte wie dat oantal oprûn ta 3,4 miljoen, en mei sa'n grut oantal finzenen like it logysker om se yn Dútslân te hâlden.
De kampen waarden yn april 1945 stifte en waarden allegear boud neffens itselde konsept: in grut stik lân by in doarp mei in spoarline waard ôfset mei stikeltried en dêrnei yn 10 oant 20 seksjes ferdield. Eltse seksje hie plak foar likernôch 5.000 oant 10.000 minsken. De kriichsfinzenen waarden twongen om har útrissing ôf te jaan en moasten mei de hân in gat yn 'e grûn grave, dêr't se yn sliepe koene. De organisaasje yn it kamp waard oan 'e finzenen oerlitten en it ûntbriek oan foarsjennings. Mei't de finzenen gjin goed iten krigen late dat ta ûnderfieding. Al gau rekken de kampen te lyts. It kamp Remagen bygelyks wie foar heechút 100.000 finzenen berekkene, mar al gau sieten dêr 184.000 minsken.
Guon finzenen waarden al rillegau wer frijlitten. De earsten dy't fuort mochten wiene leden fan 'e Hitlerjugend en froulik personiel dy't gjin bân mei de Nazi-partij hiene. Profesjonele groepen, lykas boeren, sjauffeurs en mynwurkers, folgen al gau om't se driuwend ferlet hiene om te helpen by de weropbou fan 'e Dútske ynfrastruktuer. Op 10 july 1945 waarden alle frijlittingen stopset neidat de Supreme Headquarters Allied Expeditionary Force de kontrôle oer de kampen oan 'e Frânsen oerdroech. Dy deal waard makke om't Charles de Gaulle 1,75 miljoen kriichsfinzenen ha woe foar twangarbeid yn Frankryk. Yn totaal waarden likernôch 182.400 finzenen út Sinzig, Andernach, Siershahn, Bretzenheim, Dietersheim, Koblenz, Hechtzheim en Dietz oan Frankryk oerdroegen. De Britten leveren dejingen dy't geskikt wiene foar wurk út 'e twa kampen dy't se kontrolearren yn Büderich en Rheinberg en lieten de rest frij.
Tsjin 'e ein fan septimber 1945 wiene hast alle Rheinwiesenlager-kampen sletten. Allinnich it kamp Bretzenheim by Bad Kreuznach bleau oant 1948 iepen as in trochgongskamp foar Dútske finzenen dy't weromkamen fan twangarbeid yn Frankryk.
Plakken fan 'e Rheinwiesenlager
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Omstannichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e simmer fan 1945 waard it Ynternasjonaal Komitee fan it Reade Krús wegere om de finzenen yn 'e kampen te sjen. Earst yn 'e hjerst fan 1945, doe't de earste kampen tichtgyngen, waarden delegaasjes tastien yn 'e troch Frankryk en Grut-Brittanje kontrolearre gebieten. Sûnt 4 febrewaris 1946 mocht it Reade Krús ek it lijen fan finzenen yn 'e Amerikaanske sône ferminderje. De delegaasjes observearren dat de Dútske finzenen faak ûnder tige minne omstannichheden fêstholden waarden en slaggen deryn om de situaasje stadichoan te ferbetterjen.
Slachtoffers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Offisjele Amerikaanske statistiken hâlde it oantal deaden yn 'e Rheinwiesenlager op 3.000, wylst Dútske boarnen in sifer fan 4.537 neame. De Amerikaanske professor Rudolph Rummel brûkte it sifer 6.000. Yn in publikaasje út 1989 mei de titel " Other Losses" rûsde de Kanadeeske romanskriuwer James Bacque (dy't de kampen mear bekendheid joech) it oantal deaden op sawat 1.000.000. Histoarisy lykas Stephen Ambrose, Albert Cowdrey en Rüdiger Overmans ûntstride dat sifer lykwols en wolle ha dat soks it resultaat wie fan behyplik ûndersyk. De Amerikaanske histoarikus Arthur Smith neamde 8.000 en 40.000 as de leechste en heechste rûzings fan it oantal deaden.

Yn 1972 folge in publikaasje troch de Maschke-kommisje (neamd nei de foarsitter fan 'e ûndersykskommisje, Erich Maschke), dy't in krekt ûndersyk útfierd hie yn opdracht fan it Federale Ministearje foar Ferdreaunen, Flechtlingen en Oarlochsslachtoffers. Neffens dy resultaten wiene de kampen mei de heechste mortaliteitssifers:
- 1. Bad Kreuznach (Kamp Galgenberg en Bretzenheim )
- 2. Sinzig by Remagen
- 3. Rheinberg
- 4. Heidesheim
- 5. Wickrathberg
- 6. Büderich
Yn 2003 sei histoarikus Richard Dominic Wiggers dat de Alliearden it ynternasjonale rjocht oangeande it iten jaan fan fijannige boargers skeinden en dat se sawol direkt as yndirekt it ûnnedich lijen en de dea fan in grut tal boargers en finzenen yn beset Dútslân feroarsaken, foar in part laat troch in geast fan neioarlochske wraak by it skeppen fan 'e omstannichheden dy't bydroegen oan harren dea.
Groepen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskate groepen finzenen waarden yn 'e kampen ynternearre:
- Dútske kriichsfinzenen (POW's), finzen nommen foar de kapitulaasje op 8 maaie 1945.
- Untwapene fijannige troepen (DEF), finzen nommen Dútske soldaten sûnder kriichsfinzenestatus.
- Leden fan 'e Waffen-SS, dy't op ien plak yn it kamp Bretzenheim fêstholden waarden.
- Leden fan 'e Volkssturm.
- Fertochte boargers, dy't meastal nei in pear dagen it kamp ferlitte mochten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|