Rhede (Borken)
| Rhede | ||
| Sicht op 'e stêd. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
| Kreis | Borken | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 19.674 (31-12-2024)[1] | |
| Oerflak | 78,85 km² | |
| Befolkingsticht. | 245/km² | |
| Hichte | 30 m | |
| Oar | ||
| Stifting | ± 1200 (stedsrjochten yn 1975) | |
| Postkoade | 46414 | |
| Netnûmer | 02872 | |
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Simmertiid | UTC+2 | |
| Offisjele webside | ||
| www.rhede.de | ||
| Kaart | ||
Rhede is in stêd en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit yn 'e Kreis Borken. Rhede beslacht in oerflak fan 78,85 km² en krige yn 1975 offisjeel stedsrjochten.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rhede leit yn it westlike Múnsterlân, net fier fan 'e grins mei Nederlân (Aalten). Westlik fan Rhede leit de folle gruttere stêd Bocholt. Troch de stêd streamt de Aa-strang, in rivierke dat úteinlik yn Nederlân by Ulft yn 'e Alde Isel útmûnet. Wat de ynfrastruktuer oangiet, wurdt Rhede ûntsletten troch de B 67, dy't besuden de stêd rint. Hoewol't Rhede sûnt 1991 gjin eigen spoarferbining mear hat foar passazjiers, binne der ferskate busferbinings mei de buorstêden Bocholt en Borken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan it gebiet giet fier werom. Yn 1982 waard der in fûstbile fûn fan in mammoetbonke, mooglik makke troch in Neändertaler tusken 120.000 en 40.000 f.Kr. Ek it grêffjild fan Rhede út de Brûnstiid (1250-750 f.Kr.) is in wichtige archeologyske fynst.

Yn 'e midsiuwen foel it gebiet ûnder it gesach fan 'e prinsbiskoppen fan Múnster. De namme Rhede is mooglik ôflaat fan Werner von Rethe, in fazal fan 'e biskop. Syn soan liet it earste kastiel bouwe op it plak dêr't no Schloss Rhede stiet.
Yn 'e 19e iuw hie de befolking te krijen mei grutte earmoede en in soad ynwenners ferhûzen doe nei Amearika. De komst fan de tekstylsyndustry en de oansluting op it spoar (1902) soargen letter foar ekonomyske groei.
Yn 'e tiid fan 'e Weimarrepublyk bleau Rhede in bolwurk fan 'e katolike Sintrumpartij (Zentrum). Fanwegen de sterke bân mei de tsjerke krige de NSDAP yn Rhede, oars as yn in soad oare dielen fan Dútslân, foar 1933 mar min foet oan 'e grûn. By de ferkiezings fan maart 1933 krige de NSDAP yn Rhede sa'n 10% fan 'e stimmen, wylst dat lanlik hast 44% wie.
Mar ek yn Rhede feroare de sitewaasje nei de machtsoername. De lytse joadske mienskip yn Rhede, dy't sûnt de 17e iuw yn it plak wenne, waard it slachtoffer fan ferfolging. Under de nazy-tiid waarden de joadske ynwenners twongen harren huzen en besittings te ferkeapjen. Yn 1941 en 1942 waarden de lêste joadske ynwenners fan Rhede deportearre nei it easten (ûnder oare nei it getto fan Riga en Theresienstadt), dêr't de measten fan harren omkamen. Sûnt 1982 betinkt in monumint yn 'e stêd de slachtoffers.
Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard Rhede swier troffen troch de loftoarloch. Benammen yn 'e lêste moannen fan 'e striid, yn febrewaris en maart 1945, lieten Alliearde bommesmiters harren lading op 'e stêd falle en rekken dêrby ek boargerdoelen. It tal deadlike slachtoffers ûnder de befolking rûn yn 'e hûnderten.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske gemeente Rhede ûntstie yn 1968 troch in fúzje fan fiif eardere gemeenten. De stêd bestiet út de folgjende Ortsteile:
| Ortsteil | Ynwennertal (sawat) |
|---|---|
| Rhede (ynkl. Altrhede) | 13.300 |
| Vardingholt | 3.000 |
| Büngern | 1.900 |
| Krommert | 700 |
| Krechting | 260 |
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking hat troch de jierren hinne ferskate skommelingen kend; fan in delgong troch earmoede yn 'e 19e iuw oant in groei troch de yndustrialisaasje en de weryndieling fan 1968.
Toerisme en nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rhede is foaral populêr by fytsers en kuierders fanwegen de lizzing yn it parkeftige Múnsterlân. De ferneamde 100 Schlösser kuier en fytsrûte rint troch de gemeente.
Schloss Rhede is in kastiel út 1564 dat yn 'e 21e iuw folslein restaurearre is. It kastiel wurdt partikulier bewenne en is net tagonklik foar publyk.

De Sint-Gûdûlatsjerke tsjerke is in foarse neogoatyske tsjerke dy’t yn 1901 foltôge waard.
Besuden it sintrum fan Rhede leit it lângoed Haus Tenking. It hjoeddeike gebou datearret foar in grut part út de 18e en 19e iuw, mar giet werom op 'e midsiuwen.
It Apothekersmuseum is in museum yn in histoarysk gebou út 1923 yn it sintrum.
Yn it Ortsteil Krommert stiet de restaurearre wynmûne Habers. Dizze mûne datearret út 1881. Nei in grutte restauraasje yn 'e jierren 1990 is de mûne wer folslein mealree.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
