Rhaude
| Rhaude | ||
| Tsjerke fan Rhaude | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| lânkring | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 357 (1970) | |
| Oerflak | 4,96 km² | |
| Befolkingsticht. | 451 ynw./km² | |
| Hichte | 3 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 26817 | |
| Koördinaten | 53°9' N 7°34' E | |
| Kaart | ||
Rhaude is it âldste plak yn 'e Eastfryske gemeente Rhauderfehn yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. It is sels ien fan 'e âldste plakken fan it Overledingerland.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Raweck, Roude of Raude soe fan 'e Reade Rie (Roten Riede) ôflaat wêze, in rivierke dat eartiids by it doarp lei. In oare útlis is dat Rhaude eartiids in iepen plak yn it bosk (Rodung) wie. Mei in Renuuidu yn in 10e-iuwsk dokumint wurdt mooglik it doarp Rhaude neamd. Yn 'e earste wisse fermeldingen wurdt it plak to Rawida (1409), Rowde (1589) und Raude (1719) neamd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Eastfryske ûndersiker Otto Galama Houtrouw tocht dat Rhaude al yn 'e tiid fan Karel de Grutte stifte waard. Yn 'e hege midsiuwen hearde Rhaude by de histoaryske lânsgemeente Overledingerland.
De tsjerke fan Rhaude datearret fan 'e earste helte fan 'e 14e iuw en waard boud as wartsjerke, dy't de bewenners tsjin oanfallen beskermje moast.
Yn 'e Tritichjierrige Kriich foel Peter fan Mansfeld yn 1622 mei in leger fan 3000 ynfanteristen en 3000 ruters fanút Nederlân oer Múnster mei in leger Overledingerland binnen. Rhaude en it oanbuorjende Holte moasten doe de ynkertiering fan it leger drage. It leger oerstreamde East-Fryslân en brocht oeral ferneatiging wat yn it berik fan Rhaude en Holte lei. It lijen wie noch net foarby doe't lângreve Willem fan Hessen mei 7000 man yn augustus 1637 ûnferwachts fanut Múnsterlân opteach. By syn oermastering waard de skâns fan Rhaude, dy't foar dy tiid troch Fan Mansfeld boud en fersterke wie, ynnommen troch de Frânske generaal Rantfou, sadat dy maklik oant Esklum ta optsjen koe.
Yn 'e 17e iuw wie Rhaude it útgongspunt foar it begjin fan 'e feanterij yn it súdlik lizzende heechfean. Oant yn 'e 19e iuw bleau Rhaude ek it tsjerkedoarp foar de oangrinzgjende koloanjes en it plak wie wat oerflak oanbelanget de grutste parochy fan East-Fryslân. Stadichoan waarden de Rhauder feankoloanjes selsstannige gemeenten. Hjoed-de-dei is it doarpsgebiet noch mar 496 ha grut.
Sûnt 1 jannewaris 1973 is Rhaude in doarp yn 'e doe stifte gemeente Rhauderfehn.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De lutherske tsjerke waard yn 'e earste helte fan 'e 14e iuw as wartsjerke boud.
- De Rhauder Mühle is in 19e-iuwske nôtmûne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
