Springe nei ynhâld

Reuzetrappen

Ut Wikipedy
Reuzetrappen
koarytrap (Ardeotis kori)
koarytrap (Ardeotis kori)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:trapeftigen (Otidiformes)
famylje:trappen (Otididae)
skaai:reuzetrappen (Ardeotis)
Le Maout, 1853

De reuzetrappen (Ardeotis) foarmje in skaai fan grutte oant tige grutte fûgels út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). It skaai bestiet út fjouwer libbene soarten dy't bekend steane om harren grutte omfang en har oanpassing oan iepen, drûge lânskippen en savannes.

De fûgels yn dit skaai binne foar in grut part oan 'e grûn bûn en hawwe lange, krêftige poaten en in lange hals. Mantsjes binne oer it algemien folle grutter en swierder as wyfkes, en se hawwe faak opfallende pronkstruktueren, lykas in kielsek dy't brûkt wurdt by de balts.

It ferspriedingsgebiet fan it skaai is ferdield oer Afrika, it Arabysk Skiereilân, it Yndyske subkontinint en Austraalje.

Troch habitatferlies, yntinsive bejaging en ferskate moderne bedrigingen lykas heechspanningslinen hawwe ferskate soarten út dit skaai te lijen hân fan tebekrinnende populaasjes. De IUCN omskriuwt de status fan guon soarten as gefoelich of sels krityk bedrige.

De typesoarte fan it skaai fan 'e reuzetrappen is de koarytrap (Ardeotis kori).

De fjouwer erkende soarten binne:

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingIUCN-status
Arabyske trapArdeotis arabsSahelgebiet fan Afrika en súdwestlik Araabje[1]
Australyske trapArdeotis australisAustraalje en it suden fan Nij-Guineä[2]
Yndyske trapArdeotis nigricepsYndysk subkontinint (Yndia en Pakistan)[3]
koarytrapArdeotis koriEast- en súdlik Afrika[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: