Springe nei ynhâld

Reuzereager

Ut Wikipedy
reuzereager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireagers (Ardea)
soarte
Ardea goliath
Cretzschmar, 1829
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     wintergast

De reuzereager (Ardea goliath) is in fûgel út 'e famylje fan 'e reagers. De fûgel kin oant 1,5 m lang wurde en kriget in spanwiidte fan 1,8 oant 2,3 m. It is de grutste reager fan 'e wrâld.

De boppedielen fan 'e fûgel binne blaugriis en de túf, de nekke en de sydkanten fan 'e hals binne readbrún. It kin is wyt en de fearren fan 'e hals en en it boarst binne bûnt streke. De fearren fan it boppefoarst binne lansetfoarmich langer en hingje oer it readbrune boarstplak. Under is de fûgel effen kastanjebrún. De wjukken binne boppe laaigriis en ûnder ek mei readbrún. As de fûgel stiet is boppedat in readbrún skouderplak te sjen. De snafel is boppe swart en ûnder hoarnkleurich. De fûgel hat giele eagen en zwarte poaten. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen yn it fearrekleed.

Jonge fûgels lykje op folwoeksen fûgels mar binne bleker.

It ferspriedingsgebiet fan 'e reuzereager leit yn Subsaharaansk en eastlik Afrika en in pear rângebieten op it Arabysk Skiereilân. Eartiids briede de soarte ek yn Syrje, Súd-Jordaanje en yn Israel, mar hjoed-de-dei komt de fûgel dêr net mear foar. Ut en troch wurdt de fûgel ek yn Bangladesj en yn Assam (Yndia) waarnommen. Om't dy fûgels in hiel ein fan it hjoeddeiske ferspriedingsgebiet waarnommen wurde, wurdt der fanút gien dat der yn Yndia en Bangladesj noch lytse, net-dokumintearre restpopulaasjes binne.

Reuzereager yn it Nasjonaal Park Kruger, Súd-Afrika.

Yn 'e Eastafrikaanske sompgebieten komt de fûgel algemien foar, mar yn 'e rest fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel net in algemiene fûgel. It oantal fûgels foar Tanzania wurdt bygelyks op net mear as 2.500 oant 4.000 fûgels rûsd. Yn Súd-Afrika profitearret de fûgel fan wetterplakken foar fee en de oanlis fan dammen en dêr binne de oantallen tanommen.

It biotoop bestiet út grutte wettergebieten en de fûgel is selden fier fan wetter te sjen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Reuzereager yn 'e flecht.

De briedtiid falt yn in grut part fan it ferspriedingsgebiet tegearre mei de reintiid. Op guon plakken briedt de fûgel lykwols it hiele jier troch. Se bouwe harren nêsten op 'e grûn op eilannen of tichte begroeiïng yn it wetter. It is waarnommen dat de reuzereager it nêst ferlit as troch it sakjen fan it wetter in ferbining ûntstiet mei it fêstelân. It is gjin echte koloanjefûgel, mar somtiden briedt er tusken ibissen, ielreagers of oare reagersoarten. It komt lykwols wol foar dat er mei soartegenoaten briedt en der binne yndikaasjes dat it briedsukses yn sokke koloanjes heger is as by yndivuele briedpearen.

It nêst is likernôch in meter breed en wurdt fan tûken en reid yn 'e begroeiïing of tusken lege boskjes boud. In lechsel bestiet út twa oant trije ljochtblauwe aaien, dy't troch it mantsje en it wyfke yn fjouwer wiken útbret wurde. De jongen kinne nei seis wiken útfleane.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en wurdt net as bedrige beskôge. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: