Springe nei ynhâld

Reuzekolibry

Ut Wikipedy
Reuzekolibry
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifttoersweleftigen (Apodiformes)
famyljekolibrys (Trochilidae)
skaaireuzekolibrys (Patagona)
soarte
Patagona gigas
Vieillot, 1824
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     stânfûgel

De reuzekolibry (Patagona gigas) is in fûgel út 'e famylje fan 'e kolibrys (Trochilidae). It is de grutste kolibrysoarte fan 'e wrâld. De fûgel komt foar yn it Andesgeberchte yn Súd-Amearika.

De reuzekolibry is mei in lingte fan likernôch 21 oant 23 sintimeter de grutste yn syn famylje. De fûgel weaget tusken de 18 en 24 gram. It fearrekleed is minder opfallend as by in soad oare kolibrys en bestiet benammen út doffe griisbrune en grienige tinten mei in wytige ûnderbúk. It mantsje en wyfke binne ferlykber, útsein dat it mantsje ûnder waarmer readbrún is en op 'e ûnderbúk mear wyt hat as it wyfke.

Troch syn formaat is de wjukslach mei likernôch 10 oant 15 slaggen de sekonde folle stadiger as oare kolibrys, wêrtroch't de flecht mear docht tinken oan dy fan in toerswel (apus apus).

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reuzekolibry libbet yn 'e Andes op hichten tusken de 2.000 en 4.300 meter en komt foar yn Ekwador, Perû, Bolivia, Sily en Argentynje.

Tradisjoneel wurdt de reuzekolibry as de iennichste soarte yn it skaai Patagona behannele en ferdield yn twa ûndersoarten: de Patagona gigas peruviana en de Patagona gigas gigas. Ut resint ûndersyk (2024) hat lykwols bliken dien dat de reuzekolibry eins út twa aparte soarten bestiet, dy't genetysk sterk fan inoar ferskille. Dêrom waard der útsteld om de fûgels yn twa aparte soarten op te dielen:

  • Patagona gigas (de súdlike reuzekolibry): briedt oan 'e kust fan Sily en migrearret oer grutte ôfstannen nei de Andes yn Perû.
  • Patagona chaski (de noardlike reuzekolibry): in soarte dy't it hiele jier troch heech yn 'e Andes yn Perû en omkriten bliuwt.

De útstelde namme chaski ferwiist nei de boadskippers fan 'e Inka's, de hurddravers dy't eartiids oer grutte ôfstannen lytse saken of boadskippen trochjoegen.[1]

Neffens de regels fan 'e taksonomyske nomenklatuer moat lykwols de âldst jildige namme brûkt wurde en dy is Patagona peruviana (Boucard, 1893). De namme Patagona chaski wurdt hjoed-de-dei as in junior synonym fan Patagona peruviana beskôge.

De fûgel libbet yn drûge gebieten mei strûken en yn tunen wêr't genôch blommen te finen binne. De reuzekolibry libbet fan nektar. Fanwegen syn gewicht lannet er ek wolris op 'e blom om te drinken. Dêrnjonken yt er lytse ynsekten dy't er yn de loft fangt.

It nêst is relatyf lyts neffens it formaat fan 'e fûgel en wurdt makke fan moas en koarstmoas, byinoar holden mei spinreach.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reuzekolibry stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as 'net bedrige' (Least Concern). Hoewol't de fûgel net seldsum is, kinne feroarings yn it klimaat en it ferlies fan leefgebiet yn 'e Andes yn 'e takomst in bedriging foarmje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: