Springe nei ynhâld

Reuzeboatein

Ut Wikipedy
Reuzeboatein
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaiboateinen (Tachyeres)
soarte
Tachyeres pteneres
Forster, 1844
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De reuzeboatein (Tachyeres pteneres) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae).

Swimmend pearke yn Fjoerlân.

De reuzeboatein is de grutste soarte boatein. It is in massyf boude wetterfûgel mei in gewicht fan 3,5 oant 7 kg en 65 oant 84 sm lang. Mantsjes binne dúdlik grutter as wyfkes. De spanwiidte is 85 oant 110 sm. De wjukken binne te lyts om de fûgels te dragen by it fleanen. Yn stee dêrfan brûkt de boatein de wjukken as peddels om mei faasje te swimmen. De soarte weecht swierder as alle oare wylde soarten dy't ein neamd wurde en hat likernôch deselde massa as de grutste wylde guozzen.

By jerken binne de kop en de nekke blaugriis. Om it each is in smelle wite eachring, dy't as in streek nei efter trochrint. De kiel is readbrún. De búk en ûndersturtdekfearren binne wyt en de sturt is griis.

Sijkes binne donkerder griisbrún op 'e kop en donkerreadeftich op 'e kiel. De wjukken en bealch binne lykas dy fan 'e jerk, mar se kin in brune, wynkleurige gloed op 'e fearren ha. Juvenilen ha deselde kleuren as it wyfke, mar binne doffer.

De soarte komt yn it suden fan Súd-Amearika foar, benammen yn it suden fan Sily oant Fjoerlân.

Reuzeboateinen briede fan septimber oant en mei desimber by wetter tusken tichte strewellen of yn ferlitten pinguinnêsten. Der wurde fjouwer oant alve ivoarkleurige aaien lein. De ynkubaasjetiid duorret 28 oant 40 dagen. Nei 120 oant 130 dagen wurde de piken út it territoarium fan harren âlders ferdreaun en foarmje se kloften mei oare juvenilen. As se twa oant trije jier wurde, binne se geslachtsryp. Folwoeksen mantsjes kinne tige agressyf wêze yn 'e briedtiid, ek foar oare wetterfûgels oer. Foksen, skraitsfûgels, miuwfûgels en karakara's wolle harren wol fergripe oan 'e aaien of piken.

De soarte libbet fan sâltwetterdieren, skaaldieren en lytse fisken. Yn 'e briedtiid ha se oanstriid om harren piken lytse slakken, ynsekten, kreeften en krobben te fuorjen.

De grutte fan 'e populaasje wurdt op 10.000 oant 100.000 eksimplaren rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: en:Fuegian steamer duck