Springe nei ynhâld

Residinsje fan Würzburg

Ut Wikipedy
Residinsje fan Würzburg
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Würzburg
UNESCO folchnûmer 169
kritearia (i)(iv)
ynskriuwing 1981 5e sitting
koördinaten 47°47'N 9°56'E
gebiet 14.77 ha
buffersône 25.0685 ha
Webside
www.residenz-wuerzburg.de
Kaart
Residinsje fan Würzburg (Beieren)
Residinsje fan Würzburg
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De residinsje fan Würzburg yn 'e Beierske stêd Würzburg is it eardere biskoplike paleis dat tusken 1720 en 1744 neffens in ûntwerp fan Johann Balthasar Neumann boud waard. De bou stie ûnder lieding fan ferskillende boumasters en fertsjintwurdiget in kombinaasje fan rokoko en barok. Sûnt 1981 stiet de residinsje op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Fontein foar de residinsje.

Sûnt 1253 residearren de prinsbiskoppen fan Würzburg yn 'e Marienburg. Fuort nei't greve Jehan Filip Frâns fan Schönborn (1673–1724) de nije prinsbiskop waard, waarden der plannen makke foar de bou fan in nije residinsje oan 'e oare kant fan 'e Main. Yn 1720 waard mei de bou útein set, mar nei de dea fan 'e prinsbiskop yn 1724 hie syn opfolger net in soad belangstelling foar it projekt en eine de bou net in soad. Freark Karel fan Schönborn liet it wurk nei syn ferkiezing yn 1729 as prinsbiskop wer mei faasje oppakke en ûnder syn bestjoer waard de residinsje yn 1744 foltôge.

By it kompleks hearre ek de Hôftsjerke en de tunen. Carl Philipp von Greiffenklau helle yn 1752 de Feneesjaanske Giovanni Battista Tiepolo nei Würzburg om de plafonds fan 'e residinsje te beskilderjen mei fresko's. Doe't Napoleon dêr útfanhûze neamde hy de residinsje de moaiste pastorij fan Europa.

Op 16 maart 1945 rekke de residinsje, fral de sydfleugels, by it alliearde bombardemint op 'e stêd slim skansearre. De plafonds fan 'e festibule, de Gartensaal, it treppehûs, de Weisse Saal en de Kaisersaal bleaune ek nei't it dak ynstoarte yntakt. De Amerikanen lieten fuort nei it ynnimmen fan 'e stêd de ferwulften provisoarysk beskermje en al op 24 septimber 1945 wie der wer in needdak. Sa bleaune de fresko's en it stúkwurk fan dy sealen bewarre. De weardefolle ynrjochtingsstikken lykas kroanluchters, kleden, skilderijen, spegels en meubilêr wiene noch foar it bombardemint foar de feiligens op 'e tiid út de residinsje helle en opslein. Trije bedriuwen út Würzburg rekonstruearren de ferneatige pronkromten fan 'e súdlike en noardlike súdfleugels en de Ingelheim Zimmer. De restauraasje- en rekonstruksjewurksumheden waarden yn 1987 mei de foltôging fan it Spiegelkabinett ôfsletten.

  • Wrâldfernemd is it monumintale treppehûs. It 18 by 32 m grutte plafond wurdt net troch pylders droegen en bleau yntakt nei't yn it lêst fan 'e Twadde Wrâldkriich it boppelizzende tek ynstoarte. It fresko waard troch Tiepolo en syn soannen yn 'e jierren 1752-1753 oanbrocht.
  • De Kaizersaal is fersierd mei stúkwurk fan Antonio Giuseppe Bossi en troch Giovanni Battista Tiepolo fersierd mei fresko's oer de skiednis fan it bisdom yn 'e tiid fan Freark I Barbarossa.
  • De Gartensaal is ek fersierd troch Bossi en hat in plafondfresko fan Johann Zick út 1750.
  • De Weisse Saal is hielendal yn in wite kleur en hat rokoko stúkwurk fan Bossi.
  • De Paradekeamers waarden yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige, mar binne mei help fan âlde tekeningen rekonstruearre. Datselde jildt ek foar it wrâldferneamde Spiegelkabinett.
  • De Ingelheim Zimmer waarden ûnder biskop Adam Freark fan Seinsheim yn 1771 yn ier-klassistyske styl ynrjochte.
  • De Staatsgalerie is wijd oan 'e Beierske samlingen oan 'e grutte iuwen fan 'e Feneesjaanske skilderkeunst.

Yn 'e súdwesthoeke fan it kompleks stiet de Hôftsjerke (Hofkirche). Om't de tsjerke mar fan ien kant beljochte wurde koe, liet Neumann de ramen skeef sette, sadat der optimaal fan bûtenljocht profitearre wurde koe. De alterskilderijen binne makke troch Tiepolo.

De Hofgarten waard ûnder biskop Adam Freark fan Seinsheim mei terassen, in orangerie, bastions en túnbylden oanlein

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: