Springe nei ynhâld

Paraguay

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Republyk fan de Paraguay)
República del Paraguay
Tetã Paraguái
Flagge fan Paraguay Wapen fan Paraguay
Flagge Wapen
Lokaasje fan Paraguay
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Asunción
Steatsfoarm Republyk
Gebiet 406.752 km²
Ynwenners (2007) 6.669.086
Munt guaraní (PYG)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 15 maaie
Lânkoade PRY
Tillefoan 595

Paraguay is in lân yn Súd-Amearika. De haadstêd is Asunción.

Paraguay wurdt begrinzge troch:

Troch de Rio Paraguay, dy't omjûn is mei sompen, wurdt it lân yn twaen dield. Eastlik fan de rivier leit in mid-berchtme en de cplato's, yn it westen de flakten fan Gran Chaco. It noardeasten is in tropysk reinwâld dat yn it suden oergiet yn savannen en gêrsflakten.

Eartiids waard it gebiet fan it tsjintwurdige Paraguay bewenne troch Yndianestammen. Nei de ûntdekking fan it kontinint troch Kolumbus waard it suden yn 1527 ferkend troch de ûntdekkingsreizger Sebastiaan Cabot. Tsien jier letter stifte Domingo de Irala Asunción dat yn distiid haadstêd is. En tusken 1609 en om-ende-by 1760 waard de skiednis fan it lân foar in grut part bepaald troch it fan Jezuïeten laat ynstitút fan de 'Reducties' dat benammen rjochte wie op de beskerming en de ûntwikkeling fan de lânseigen Guaranys.

Doe't Súd-Amearika begjin 19e iuw har ôfskiede fan it Spaanske memmelân, hearde Paraguay in skofke by Argentynje, mar yn 1811 makke Asunción har los fan Buenos Aires en waard it in selsstannich lân. It lân rekke lykwols yn de ban fan diktators en de kriich tsjin Brazylje yn 1864, Argentynje en Bolivia yn 1865 koste it lân 5/6 fan har befolking. Revolúsjes soargen derfoar dat it lân mar net herstelle koe.

Yn de 20e iuw moast Paraguay nei in konflikt mei Bolivia (1932-1936) trije fearns fan it omstriden Gran Chaco oerjaan. De kriich hie fan gefolgen dat totalitêre ideeën hieltyd mear de oerhân krigen en by de ferkiezings fan 1954 kaam generaal Alfredo Stroessner as ienige kandidaat oan de macht. Stroessner hold oant-en-mei 1989 it bewâld. Sûnttiids binne der, min of te mear, frije presidintsferkiezings.

Paraguayanen binne foar it grutste part neisieten fan ymmigranten út ferskate Jeropeeske lannen, meast neisieten fan Spanjerts (fral Basken). In grutte minderheid fan de befolking stammet fan de oarspronklike bewenners, de Yndianen. It Spaansk is de offisjele taal. Troch de Yndiaanske minderheid wurdt lykwols ek Guarany sprutsen, in Yndiaanske taal. Ek it Guarany is in offisjele taal yn Paraguay.

Dernjonken libje dêr ek menisten op de Chaco Boreal. Weach nei weach emigrearren sy sûnt de jierren 1920 fan Ruslân, Kanada en de Feriene Steaten nei Paraguay en stiften ferskate koloanjes yn it noardwesten fan it lân. Sy sprekke Dútsk en binne frijwat op harren sels.

De oerhearskjende godstsjinst fan Paraguay is it Kristendom. Neffens opjeften út 2002 is 89.6% fan de befolking katolyk en 7,3 % (protestantsk).