Republyk Ragûsa

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Republyk Dubrovnik)
Republyk Ragûsa
Respublica Ragusina (Latyn)
Repubblica di Ragusa (Italjaansk)
Republica de Ragusa (Dalmatysk)
Dubrovačka Republika (Kroätysk)
1358 – 1808
flagge wapen
Latyn: Non bene pro toto libertas venditur auro
Italjaansk: La libertà non si vende nemmeno per tutto l'oro del mondo
("Frijheid wurdt noch net ferkocht foar al it goud yn 'e wrâld")
geografyske lokaasje

It grûngebiet fan 'e Republyk Ragûsa (read) werjûn op in lânkaart fan it hjoeddeiske Kroaasje.
polityk
haadstêd Ragûsa (Dubrovnik)
offisjele taal Latyn (1358–1492)
Italjaansk (1492–1808)
steatsfoarm oligargyske republyk
ûntstien út  Republyk Feneesje
opgien yn Keninkryk Itaalje
no diel fan Kroaasje
sifers
ynwennertal 90.000 (1500)
30.000 (1808)
befolkingstichtens 60 / km² (1500)
20 / km² (1808)
oerflak 1.500 km²
bykommende ynformaasje
muntienheid Ragûsaanske perpera,
Ragûsaanske libertyn e.o.

De Republyk Ragûsa (Latyn: Respublica Ragusina; Italjaansk: Repubblica di Ragusa; Dalmatysk: Republica de Ragusa; Kroätysk: Dubrovačka Republika) wie foarhinne in lytse maritime hannelsrepublyk oan 'e Adriatyske kust fan Dalmaasje, mei as sintrum de stêd Ragûsa, it tsjintwurdige Dubrovnik, yn Kroaasje. Dizze stêdsteat ûntstie yn 1358 as in fazalsteat fan it Keninkryk Hongarije, mar yn 1458 gie it in fazalrelaasje mei it Osmaanske Ryk oan. Nettsjinsteande dy formele status kin Ragûsa as in ûnôfhinklik lân beskôge wurde, mei't noch Hongarije, noch it Osmaanske Ryk him in protte om it bestjoer fan 'e republyk bekroade. Ragûsa berikte grutte wolfeart troch him ta te lizzen op skipfeart en hannel, mei in hichtepunt yn 'e fyftjinde en de sechstjinde iuw. Dêrnei rekke it mei de ekonomy yn 'e nederklits. Under de Napoleontyske Oarloggen moast Ragûsa him yn 1806 oerjaan oan 'e Frânsen, dy't yn 1808 de republyk opheften, wêrnei't it gebiet by it Napoleontyske Keninkryk Itaalje foege waard.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan 'e stêd en de dêrnei ferneamde republyk wie Ragusa yn 'e Romaanske talen, wêrûnder net inkeld it Latyn en it Italjaansk, mar ek it yn Dalmaasje (en Dubrovnik) lânseigen Dalmatysk, dat omtrint 1900 útstoar. Ek histoarysk waard Dubrovnik iuwenlang Ragusa (Ragûsa) neamd. 'Ragusa' giet fia in protte tuskenfoarmen (Rausia, Rausium, Rhagusium, Ragusium, ensfh.) werom op it Grykske ξαυ, xau, dat "steile rotswand" betsjut. Yn it Kroätysk is (en wie altyd) 'Dubrovnik' de namme fan sawol stêd as republyk, dat ôflaat is fan it wurd dubrava, dat "ikebosk" betsjut. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch kaam de stêd ek ynternasjonaal bekend te stean as Dubrovnik.

It grûngebiet fan 'e Republyk Ragûsa.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grinzen fan 'e Republyk Ragûsa waarden yn 1426 fêststeld. It steatsje besloech in diel fan it fêstelân fan Dalmaasje, rinnend fan it plak Neum yn it noardwesten oant en mei it skiereilân Prevlaka oan 'e kust fan 'e Baai fan Kotor, yn it súdeasten. Dêrta hearde ek it grutte skiereilân Pelješac, dat in hiel ein foarby Neum nei it noardwesten ta útstiket. De havenstêd Ragûsa (Dubrovnik) leit likernôch healwei Neum en Prevlaka. Behalven dy kuststripe fan it fêstelân omfieme de Republyk Ragûsa ek de gruttere eilannen Mljet en Lastovo yn 'e Adriatyske See, mei dêropta in grut tal lytsere eilantsjes, wêrûnder Koločep, Lopud en Šipan. Mljet en Lastovo wiene semy-autonoom.

Fierders behearske Ragûsa yn 'e fyftjinde iuw acht jier lang ek de mear nei it noardwesten ta leine eilannen Korčula, Brač en Hvar, dy't it lykwols wer opjaan moast oan Feneesje fanwegen it ferset fan 'e pleatslike aristokrasy, dy't Fenesiaanske sympatyen hie. Ragûsa wie yn 1699 twongen om Neum, op it fêstelân, oan it Osmaanske Ryk te ferkeapjen om net yn in oarloch tusken de Osmanen en de Fenesiërs bestrûpt te reitsjen. Dat gebiet waard tafoege oan 'e Osmaanske provinsje Hertsegovina, en heart sadwaande tsjintwurdich ta Bosnje-Hertsegovina, wêrfan't it de iennichste tagong nei de see is. De lângrins fan 'e Republyk Ragusa bestiet noch altyd en foarmet no in diel fan 'e grins fan Kroaasje mei Bosnje-Hertsegovina en de grins fan Kroaasje mei Montenegro.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Ragûsa (Dubrovnik) soe yn 'e sânde iuw stifte wêze. De ierste politike sitewaasje is ûndúdlik, mar yn elts gefal kaam de stêd nei de fal fan it Ostrogoatysk Keninkryk yn Itaalje binnen de ynfloedssfear fan it Byzantynske Ryk. Nei de Krústochten kaam Dubrovnik fan 1205 oant 1358 ûnder de soevereiniteit fan 'e Republyk Feneesje, dêr't it neitiid syn eigen steatsynrjochting op basearre. By it Ferdrach fan Zadar, op 27 juny 1358, waard Feneesje lykwols twongen om alle oanspraken op it fêstelân fan Dalmaasje op te jaan oan it Keninkryk Hongarije. Ragûsa waard doe in selsstannige republyk ûnder de mylde hegemony fan kening Loadewyk I fan Hongarije. De Hongaren bekroaden har lykwols amper om it nije fazalsteatsje, sadat de pleatslike aristokrasy de macht fêst yn 'e hannen krige.

It seremoni-eel swurd fan 'e rektor fan Ragûsa, no yn it KHM te Wenen.

Yn 1399 krige Ragûsa troch in oankeap fan kening Steffen Ostoja fan Bosnje it gebiet yn 'e hannen tusken de stêd Ragûsa sels en it skiereilân Pelješac, dat yn it Kroätysk de Dubrovačko Primorje ("Ragûsaanske Kust" of "Kust fan Dubrovnik") hjit. In koarte oarloch mei Bosnje einige yn 1403 mei de folsleine ôftocht fan 'e Bosniërs út Dalmaasje. Tusken 1419 en 1426 kaam ek de Konavle-regio, súdeastlik fan 'e stêd Ragûsa, mei ynbegryp fan it lytsere stedsje Cavtat, by de republyk te hearren. Om dyselde snuorje hinne waard de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Ragûsa herfoarme troch kardinaal Ivan Stojković (of Jehannes fan Carvatia).

Heechtijdagen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1458 sleat Ragûsa in ferdrach mei it almar machtiger wurdende Osmaanske Ryk, dat fan 'e republyk in Osmaanske fazalsteat makke. Fan dy tiid ôf moast Ragûsa op jierlikse basis (foàr 1 novimber) skatting oan 'e Osmaanske sultan yn Konstantinopel betelje. Fan 1481 ôf waard de skatting ferhege ta 12.500 dukaten. Ofsjoen dêrfan wie de republyk lykwols yn alle opsichten in ûnôfhinklike steat, dy't in eigen flagge fierde, sels diplomatike relaasjes mei oare steaten ûnderhold en op eigen manneboet ynternasjonale ferdraggen slute koe salang't dy net tsjin 'e belangen fan it Osmaanske Ryk yngiene. Binnen it Osmaanske Ryk hiene Ragûsaanske keaplju in befoarrjochte posysje foar oare kristlike hannelers oer, mei spesjale ûntheffings fan belesting en privileezjes om hannel te driuwen op plakken dêr't oare kristenen dat net mochten, lykas oan 'e kusten fan 'e Swarte See. Yn ruil dêrfoar behertige de Republyk Ragûsa de Osmaanske belangen op it mêd fan 'e hannel yn it gebiet fan 'e Adriatyske See. Yn tiden fan oarloch fierde Ragûsa sûnder útsûndering in polityk fan neutraliteit.

Yn 'e fyftjinde en sechstjinde iuw ûntjoech Ragûsa him ta in wichtige hannelsmacht yn it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See, wêrby't it op syn hichtepunt as talassokrasy grutmachten as Feneesje en Genua nei de kroan stiek. Yn dy tiid ûnderhold Dubrovnik in bûnsgenoatskip mei Ancona, dat oan 'e Adriatyske kust fan 'e Lears fan Itaalje leit, en tegearre setten de beide stêden in hannelsrûte op dy't út it Osmaanske Ryk fia Ragûsa nei Ancona rûn, en dêrwei oer Florâns en troch Frankryk nei Flaanderen ta. Dy rûte waard brûkt as alternatyf foar de âldere hannelswei fan it Osmaanske Ryk nei Feneesje en dêrwei oer Alpen nei Dútslân. Oarsom kaam ek in protte hannelswaar út Florâns fia Ancona nei Ragûsa ta, dêr't it wei trochferhannele waard fia de lânrûte oer Bosnasaray (Sarajevo), Novibazar (Novi Pazar), Skopje, Plovdiv en Adrianopel (Edirne), om úteinlik oan te kommen yn Konstantinopel en yn Bursa, in Osmaanske havenstêd oan 'e noardwestkust fan Anatoalje.

Foar- en efterkant fan in Ragûsaanske dukaat út 1753.

Yn 'e mande mei de Republyk Genua, it Keninkryk Ingelân en de Kroan fan Aragon wie Ragûsa ien fan 'e grutste konkurrinten fan 'e Republyk Feneesje, sels yn 'e Adriatyske See, dy't de Fenesianen as har thúswetters seagen. Tanksij de neite fan 'e útstrutsen ikebosken fan Gargano koe Ragûsa safolle keapfardijskippen bouwe, dat it de Fenesianen hannel ûntnimme koe. Doe't Ragûsa syn keapfardijfloat yn 'e twadde helte fan 'e sechstjinde iuw ta beskikking fan Spanje stelde, wie dat ûnder it betingst dat dêrmei gjin skea tabrocht wurde soe oan 'e belangen fan it Osmaanske Ryk. Spanje stimde dêrmei yn en ek de Osmanen lieten it gewurde, mei't der doe fia Ragûsa hannel dreaun wurde koe mei lannen dêr't it Osmaanske Ryk mei yn oarloch ferkearde.

Ferfal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e santjinde iuw ôf rekke it mei de ekonomy fan 'e Republyk Ragûsa stadichoan yn it neigean. Dat waard benammen feroarsake trochdat West-Jeropa tsjin dy tiid it meastepart fan syn hannelswaar streekrjocht út 'e Oriïnt helle troch de eigen keapfardijskippen dêrhinne farre te litten om Kaap de Goede Hoop hinne. Dêrtroch hie men dus gjin ferlet mear hie fan tuskenhannelers lykas de Ragûsanen en de Fenesianen. Dêrby kaam noch de jammerdearlike ierdbeving fan 1667, dêr't mear as 5.000 ynwenners fan 'e stêd it libben by lieten en dy't it grutste part fan 'e gebouwen mei de grûn lyk makke. Neitiid waard de stêd stadichoan wer opboud, mar de ferwuostging betsjutte it begjin fan 'e ein foar de republyk.

Ragûsa foar de ierdbeving fan 1667.

Yn 1677 krige de Osmaanske grutfizier Kara-Mustafa it yn 'e holle om 'e Republyk Ragûsa te anneksearjen, en in Ragûsaanske delegaasje ûnder lieding fan Marin Caboga en Nikola Bunić koe him dat net ûntprate. Krektoarsom: de grutfizier wie sa ûnder de yndruk fan Caboga syn wolsprekkendheid dat er de man finzen sette liet om Ragûsa sa'n kundich diplomaat te ûntnimmen. Yn 1683 kaam Kara-Mustafa lykwols om by it Belis fan Wenen ear't er syn plannen oangeande Ragûsa yn 'e praktyk bringe kinnen hie. (Caboga waard neitiid frijlitten en nei hûs ta stjoerd.) It Eastenrykske leger dat dielnaam oan it ûntset fan Wenen waard oanfierd troch fjildmaarskalk Frano Ðivo Gundulić, dy't berne wie yn Ragûsa. Neitiid akseptearre Ragûsa yn 1684 njonken de Osmaanske soevereiniteit ek de oerhearskippij oer de republyk fan 'e Habsburchske hearskers fan Eastenryk yn dy harren hoedanichheid as keningen fan Hongarije. (Sa'n bestjoerlike konstruksje mei twa masters, in kondominium, wie yn dy tiid net ûngewoan.) Dat hie as foardiel dat de keapfardijfloat fan Ragûsa yn kristlike havens tenei ûnder beskerming fan 'e Eastenrikers stie.

Ein fan 'e republyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw briek der foar de Republyk Ragûsa in koarte perioade fan nije wolfeart oan. Om't de Ragûsanen neutraal wiene en sadwaande oeral telâne koene, ûntjoech harren keapfardijfloat him ûnder de Oarloggen fan de Frânske Revolúsje en de dêropfolgjende Napoleontyske Oarloggen ta ien fan 'e wichtichsten fan it hiele Middellânske-Seegebiet. Nei't Napoleon it Kontinintaal Stelsel ynfierd hie, in hannelsblokkade tsjin Grut-Brittanje, waard Ragûsa ek wichtich as trochfierhaven fan Britsk guod nei it Jeropeeske fêstelân en fan Jeropeeske waren nei Grut-Brittanje. Doe't Eastenryk yn 1806 nei de ferlerne Trijekeizersslach by Austerlitz twongen wie om hiel Dalmaasje ôf te stean oan Frankryk, kaam Ragûsa lykwols yn 'e knipe.

De Frânske maarskalk Auguste de Marmont, dy't in ein makke oan 'e selsstannigens fan 'e Republyk Ragûsa.

Oer lân marsjearre in Frânsk leger op, ûnder lieding fan generaal Gabriel Jean Joseph Molitor, wylst der foar de kust in Russyske float ferskynde, dy't stipe waard troch it leger Peter I Petrović-Njegoš, de prinsbiskop fan Montenegro. Nei lang wifkjen besleaten de Ragûsanen de poarten te iepenjen foar de Frânsen, om in ein te meitsjen oan de bombardeminten troch de Russen en Montenegrinen, dy't yn dy snuorje mear as 3.000 kanonskûgels op Ragûsa ôfsketten hiene. Hoewol't Napoleon oarspronklik inkeld in frije trochtocht foar syn troepen easke hie, waard letter de haven blokkearre oant it regear fan Ragûsa ynstimde mei de Frânske besetting fan 'e republyk. Yn 1808 ferklearre maarskalk Auguste de Marmont de Republyk Ragûsa foar opheft, wêrnei't it grûngebiet fan 'e Ragûsa ynkorporearre waard yn it (Napoleontyske) Keninkryk Itaalje. Yn 1810 kaam it as ûnderdiel fan 'e saneamde Illyryske Provinsjes ta Frankryk sels te hearren. Marmont krige de titel 'hartoch fan Ragûsa' taparte, en doe't er yn 1814, ûnder de Slach om Parys, oerrûn nei de Alliëarden, kaam it haadwurd ragusade yn it Frânsk "ferrie" te betsjutten en it tiidwurd raguser "ferriede".

Op 27 jannewaris 1814 joech it Frânske garnizoen fan Ragûsa him by it Belis fan Ragûsa nei in twa dagen duorjend bombardemint mei kanonnen oer oan in belegeringsmacht fan Eastenrykske, Montenegrynske en Britske troepen ûnder lieding fan Todor Milutinović en sir William Hoste. Neitiid wappere de flagge fan 'e Republyk Ragûsa side oan side mei de flaggen fan Eastenryk en Grut-Brittanje, mar dat duorre mar twa dagen. Op 30 jannewaris oardere Milutinović boargemaster Sabo Giorgi, de lêste rektor fan 'e Republyk Ragûsa, om 'e Ragûsaanske flagge del te heljen. Doe't dy dat wegere, diene de Eastenrykske troepen it eigenhandich. Ragûsa stjoerde Miho Bunić (of Miho Bona) as fertsjintwurdiger nei it Kongres fan Wenen, dêr't de takomst fan Jeropa bepaald waard, mar op ynstigaasje fan 'e Eastenrikers waard dyselde fan dielname útsletten. Der koe gjin sprake wêze fan 'e weroprjochting fan 'e Republyk Ragûsa, en it grûngebiet fan 'e republyk kaam ynstee ta it Keninkryk Dalmaasje te hearren, in kroanlân fan 'e Eastenrykske Donaumonargy, dy't yn 1867 omfoarme waard ta de Eastenryksk-Hongaarske Dûbelmonargy. Ragûsa bleau ûnderdiel fan Dalmaasje oant it yn 1918 ta Joegoslaavje kaam te hearren. Uteinlik waard it yn 1991 ûnderdiel fan 'e Republyk Kroaasje.

It Rektorspaleis yn Ragûsa (no Dubrovnik).

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ragûsa wie in republyk, mar beslist gjin demokrasy. De befolking wie ferdield yn trije maatskiplike klassen: de adel, de begoedige boargerij en it miene folk, dat bestie út ambachtslju en boeren. Alle effektive macht wie yn 'e hannen fan 'e adel, dy't de republyk as in oligargy bestjoerde, mei oan it haad de rektor, in titel dy't oernommen wie fan in geastlik amt. Alle manlike eallju fan achttjin jier en âlder hiene sit yn 'e Grutte Ried fan Ragûsa. Boargers wiene dêr net yn fertsjintwurdige, mar makken wol kâns om op lege posten yn it bestjoer beneamd te wurden, mar it miene folk hie alhiel gjin stim. It oangean fan houliken tusken leden fan 'e ûnderskate klassen wie by wet ferbean.

Njonken de Grutte Ried bestie der ek in Lytse Ried, dy't it deistich bestjoer fan 'e republyk fersoarge. De leden fan dy Lytse Ried, oant 1667 alve persoanen en dêrnei sân, waarden elts jier keazen út en troch de leden fan 'e Grutte Ried. De wetjaande macht wie yn 'e hannen fan 'e Senaat, mei 45 leden dy't teminsten fjirtich jier âld wêze moasten, en dy't ek allegear foar ien jier keazen waarden út en troch de leden fan 'e Grutte Ried. Ek de rektor waard op dy wize keazen, mar syn amtstermyn wie mar ien moanne en dêrnei kaam er pas twa jier letter wer yn oanmerking foar in nije termyn.

De monumintale Muorren fan Dubrovnik.

De steatsynrjochting fan Ragûsa wie derop rjochte om tsjin te kearen dat ien aadlik laach it yn 'e republyk foar it sizzen krije soe, sa't bgl. de Medici slagge wie yn Florâns. Nettsjinsteande dat binne histoarisy it deroer iens dat de famyljes Giorgi en Sorgo ornaris de grutste ynfloed yn Ragûsa hiene, benammen yn 'e achttjinde iuw. De republyk wie stifte op in grûnslach fan liberale prinsipes (foar de Midsiuwen) en ferbea bgl. al yn 1416 de slavehannel. Troch de konservative steatsynrjochting waarden dy liberale prinsipes lykwols yn 'e besnijing holden.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Republyk Ragûsa hie omtrint syn opheffing, yn 1808, likernôch 30.000 ynwenners, wêrfan sa'n 5.000 yn 'e stêd Ragûsa (Dubrovnik). Mei in oerflak fan sa'n 1.500 km² bedroech de befolkingstichtens doe 20 minsken de km². Dat wie folle minder as earder, mei't yn 1998 út ûndersyk nei belestingregisters bliken die dat de republyk yn 1500 in befolking fan hast 90.000 minsken hie. Yn 'e earste helte fan 'e sechstjinde iuw gie dat omleech gien nei sa'n 50.000 en yn 'e twadde helte fan dy iuw woeks it wer wat oan ta 60.000 minsken. Yn 'e 1630-er jierren wiene der noch mar 40.000 ynwenners, en nei de ferwuostgjende ierdbeving fan 1667 berikte de befolking om 1674 hinne in djiptepunt fan noch mar 26.000 minsken.

Utsjoch oer de âlde stêd fan Ragûsa (Dubrovnik).

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de oarspronklike taal fan Ragûsa rinne de mienings fan 'e histoarisy noch útinoar. Guon binne fan betinken dat der oarspronklik Kroätysk sprutsen waard, in Súdslavyske taal, wylst oaren leauwe dat de oarspronklike taal fan sawol de stêd as de rest fan 'e republyk it Dalmatysk wie, in Romaanske taal dy't koart foar 1900 útstoarn is. Yn elts gefal wie it Latyn oant 1492 de offisjele taal fan 'e republyk, wylst dêrnei it Italjaansk dy funksje oernaam. It Italjaansk sa't dat yn Ragûsa sprutsen waard, wie trouwens swier beynfloede troch de Fenesiaanske taal en it Toskaanske dialekt, mei't Ragûsa in protte hannelskontakten ûnderhold mei Feneesje en Florâns.

Foar yntern gebrûk, ek yn it bestjoer fan 'e republyk, hie it Dalmatysk lange tiid de heechste maatskiplike status. It wie de memmetaal fan 'e adel en de boargerij, en waard brûkt foar de debatten yn 'e Grutte Ried en de Senaat. Troch de oanhâldende hannelskontakten gie de Ragûsaanske elite troch de iuwen hinne stadichoan, mar almar mear oer op it sprekken fan Italjaansk, ek as memmetaal. It Kroätysk, dat ek yn 'e stêd sprutsen waard, mocht yn sokke offisjele fermiddens net brûkt wurde. 'Kroätysk' is trouwens in moderne term, dy't pas sûnt 1991 yn gebrûk is. Earder waard sprutsen fan Servo-Kroätysk, mei it Kroätysk, Servysk, Bosnysk en Montenegrynsk eins ien-en-deselde taal foarmje, dy't útinoar skuord is troch politike grinzen.

Triennen fan de Ferlerne Soan, in wurk fan 'e Ragûsaanske dichter yn it Kroätysk Ivan Gundulić, út 1622.

It dialekt fan it Servo-Kroätysk fan Ragûsa wie wierskynlik it Stokavysk, itselde dialekt dêr't ek de hjoeddeiske standerttalen fan it Kroätysk, Servysk, Bosnysk en Montenegrynsk op basearre binne. Mar hoewol't de âldste Slavysktalige dokuminten út Ragûsa yn it Stokavysk skreaun binne, wie de sechtsjinde-iuwske poëzij út 'e stêd grutdiels yn it Tsjakavysk steld. Nettsjinsteande de maatskiplik ûndergeskikte posysje dy't it Kroätysk yn Ragûsa ynnaam, wurdt de republyk wol de widze fan 'e Kroätyske literatuer neamd, dy't dêr ntl. fral yn 'e fyftjinde en de sechstjinde iuw bloeide troch it wurk fan û.m. Ivan Bunić Vučić, Džore Držić, Marin Držić, Ignjat Đurđević, Ivan Gundulić, Šiško Menčetić en Dinko Ranjina. Ek ûnder de Romantyk kamen ferskate wichtige Kroätyske skriuwers út Ragûsa, lykas Vladislav Menčetić, Dominko Zlatarić, Bernardin Pavlović, Nikola Nalješković, Peter Ignaz Sorgo, Antun Sorkočević en Franatica Sorkočević.

Godstsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynwenners fan 'e Republyk Ragûsa wiene frijwol allegear roomsk, en de republyk sels wie in fûleindich tsjinstanner fan 'e Eastersk-otterdoksy. Inkeld roomsen koene de Ragûsaanske nasjonaliteit krije.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further reading, op dizze side.