Springe nei ynhâld

Renzo Morigi

Ut Wikipedy
Renzo Morigi
sporter
Renzo Morigi
Renzo Morigi
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lorenzo Mario Morigi
bynamme It minsklike masinegewear
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 28 desimber 1895
berteplak Ravenna
stjerdatum 13 april 1962
stjerplak Bologna
sportive ynformaasje
sport Sjitsport
O.S. Los Angeles 1932,
Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932

Lorenzo Mario (Renzo) Morigi (Ravenna, 28 desimber 1895 - Bologna, 13 april 1962) wie in Italjaansk sportsjitter.

Renzo Morigi tsjinne yn it Italiaanske leger yn de Earste Wrâldoarloch en sleat him begjin jierren 20 oan by de fassistyske partij. Hy klom op ta polityk sekretaris en wie ferantwurdlik foar de aktiviteiten fan de Swarthimden yn de regio Emylje. Yn 1927 skeat er polityk rivaal Ettore Muti del op it Piazza de Vittorio Emanuele yn Ravenna. Morigi hie him al earder roekeleas en sjitgraach toand, hy skeat faak foar de lol op strjitlantearnen en hy stie bekend as "it minsklike masinegewear".

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op it ûnderdiel Sportfluchfjoerpistoal 25 meter lizzend.

Fan 1934-39 wie er lid fan de Keamer fan Offurdigen.
Renzo Morigi ferstoar op 13 april 1962, yn 'e âldens fan 66 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: