Rennes
| Rennes Roazhon / Resnn | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Bretanje | |
| Departemint | Ille-et-Vilaine | |
| Arrondissemint | Rennes | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 230.890 (2023)[1] | |
| Oerflak | 50,39 km² | |
| Befolkingsticht. | 4.582 km² | |
| Stêdekloft | 381.156 (2023) | |
| Hichte | 20–74 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 35000, 35200, 35700 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Offisjele webside | ||
| metropole.rennes.fr | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Kaart fan Rennes | ||
Rennes (Bretonsk: Roazhon, Gallo: Resnn) is in stêd yn Bretanje, Frankryk. It is de haadstêd fan it departemint Ille-et-Vilaine en fan 'e regio Bretanje. De stêd leit oan 'e rivier de Vilaine.
De stêd hat twa universiteiten en in oantal hegere technyske skoallen, tegearre goed foar mear as 70.000 studinten,[2]. likernôch in fyfte fan 'e befolking.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rennes ûntstie as de Gallo-Romeinske delsetting Condate op it krúspunt fan 'e twa rivieren de Ille en de Vilaine. De stêd hearde by it gebiet fan 'e Redones, in Keltyske stamme dêr't Rennes de namme oan ûntlient. Tusken 275 en 300 krige de stêd in stedsmuorre fan 1200 m mei fjouwer stedspoarten. Nei de fal fan it Romeinske Ryk soe Rennes in wichtich kristlik sintrum en letter in machtsbasis yn it hartochdom Bretanje wurde.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de hartoggen faak yn Nantes residearren, hie Rennes in grutte ynfloed en wie it bytiden ek de residinsjestêd. Fral yn 'e lette midsiuwen wie Rennes it rjochtssintrum fan Bretanje. De stêd profitearre fan 'e lizzing yn it easten fan Bretanje, tichteby it Frânske kearngebiet en wie in soarte fan poarte tusken Bretanje en Frankryk.

Rennes hie ymposante stedsmuorren, dy't foar in part op Romeinske fûneminten boud wiene. Dy muorren waarden yn 'e 13e en 14e iuw fersterke en útwreide. Fan 'e muorren binne hjoed-de-dei noch resten te sjen, fral by it Place des Lices.
Foar it transport en de hannel spile de rivier de Vilaine in grutte rol. Yn 'e midsiuwen waarden der op it Place des Lices grutte merken en toernoaien holden. De stêd wie boppedat in biskopsstêd en njonken de Sint-Piterkatedraal ûnstiene der in soad kleasters. It yn 'e 14e iuw stifte Jakobinerkonvint (Couvent des Jacobins) spile ek in politike rol: dêr waarden letter de Steaten fan Bretanje holden.
Yn 'e Bretonske Suksesjekriich (14e iuw) waard de stêd ferskillende kearen bedrige. Yn 1491 belegeren Frânske troepen de stêd. De fal fan Rennes late ta it houlik fan Anna fan Bretanje mei de Frânske kening Karel VIII en dêrmei kaam in ein oan 'e ûnôfhinklikens fan Bretanje.
Nije tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In brân yn 1720 ferneatige hast it hiele midsiuwske sintrum fan 'e stêd. De brân ûntstie yn 'e nacht fan 22 op 23 december 1720 yn in fakwurkhûs oan 'e Rue Tristin (hjoed-de-dei: Rue de l'Horloge), mooglik om't guon spul krigen op in brulloft wêrby't in baarnende kears omfoel. De wyn blaasde it fjoer al gau troch de smelle strjitten mei de houten hûzen. De brân bleau seis dagen lôgjen en 40% fan 'e stêd waard ferneatige. Tûzenen minsken rekken sûnder hûs, mar it oantal deaden bleau relatyf beheind. De troffen stedsdielen waarden ûnder lieding fan 'e keninklike stêdeboukundige Jacques Gabriel werboud yn in rjochthoekich stritteplan mei stiennen gevels.
Yn 'e 19e iuw krige de stêd in universiteit en groeide Rennes út ta in regionaal yntellektueel sintrum.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tusken juny 1940 en augustus 1944 waard de stêd beset troch de Dútsers. By de Dútske bombardeminten waard yn juny 1940 in trein groatfol munysje troffen op it stasjon fan Rennes. By de eksploazjes en brannen dy't folgen kamen likernôch 800 Frânske en Britske militêren en tsientallen ynwenners om. Rennes wie strategysk as tagongspoarte fan West-Bretanje wichtich. De besetters weefden hurd ôf mei it Bretonske ferset en de finzenis Jacques-Cartier spile dêrby in wrede rol. Yn 1943 en 1944 folgen swiere alliearde bombardeminten op 'e stêd, fral om de spoarwegen te fernielen. Om't ek wenwiken rekke waarden, kamen dêr in soad ynwenners by om. Op 4 augustus folge de befrijing fan 'e stêd troch Amerikaanske troepen. By it bombardemint op 8 maart 1943 ferstoaren 299 minsken.
Nei de Twadde Wrâldkriich waarden de stêd útwreide en groeide ek de rol fan 'e universiteiten.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De hjoeddeiske Sint-Piterkatedraal is de tredde katedraal op it plak, dy't tusken de 16e en 19e iuw boud waard. De foar it grutste part neoklassisistyske katedraal hat in monumintale gevel en twa foarse tuorren.
- De tusken 1703 en 1768 boude Saint-Sauveur is sûnt 1916 in basilyk. De tsjerke is fral opmerklik fanwegen syn ynrjochting: it baldakyn fan it heechalter, de smei-izeren preekstoel, it oargel en ek it grutte oantal eks-voto's dy't troch de leauwigen efterlitten binne.
- De Église Notre-Dame-en-Saint-Melaine is oarspronklik in kleastertsjerke fan in Benediktynske abdij mei romaanske en goatyske stilen. De tsjerke stiet op it plak dêr't de 6e iuwske hillige biskop Melanius begroeven waard.
- It Palais Saint-Georges is in 17e-iuwsk gebou mei in moaie tún op it plak fan 'e âlde abdij Saint-Georges.
- De Église Saint-Germain is in grutte goatyske tsjerke út 'e 15e oant de 16 iuw en ferneamd om it glês-yn-lead en in belangryk oargel.
- It Parlemint fan Bretanje waard yn 'e 17e iuw boud neffens plannen fan Salomon de Brosse. It ynterieur is fersierd mei fykwurk en skilderijen. It neamen wurdich is de Grand Chambre mei in plafondskilderij.
- It stedhûs fan Rennes mei de karakteristike klokketoer oan it Place de la Mairie is boud neffens plannen fan Jacques Gabriel yn 'e styl fan Loadewyk XV.
- It Piscine Saint-Georges is in gemeentlik swimbad yn Art déco, boud tusken 1923 en 1926.

- Yn it sintrum stiet de yn 'e 19e iuw yn 'e Italjaanske styl boude Opéra fan Rennes.
- Fan 'e eardere muorren binne resten oerbleaun, lykas de Porte Mordelaise (1440).
- Alhoewol't de brân fan 1720 in soad houten hûzen ferneatige, telt de stêd hjoed-de-dei noch jimmeroan hûnderten fakwurkhûzen (Place Sainte-Anne, Rue Saint-Michel, Rue Saint-Guillaume & Rue de la Psalette, Place du Champ-Jacquet, Rue Saint-Georges). De âldste fakwurkhûzen datearje út 'e 15e of 16e iuw.
Untwikkeling befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1793 | 1800 | 1851 | 1876 | 1901 | 1926 | 1946 | 1954 | 1962 | 1982 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 30.160 | 25.904 | 39.505 | 57.177 | 74.676 | 83.418 | 113.781 | 124.122 | 151.948 | 194.656 |
| Jier | 1999 | 2011 | 2021 | |||||||
| Ynwenners | 206.229 | 208.033 | 225.081 |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
