Renee O'Connor

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Renee O'Connor op 'e Xena-konvinsje yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, yn 2007.

Renee O'Connor (folút: Evelyn Renee O'Connor; Katy (Teksas), 15 febrewaris 1971), is in Amerikaansk aktrise, regisseur, tillevyzjeprodusinte en senarioskriuwster fan etnysk Iersk komôf, dy't bennamentlik bekend wurden is fan har rol as Gabrielle yn 'e tillevyzjerige Xena: Warrior Princess.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

O'Connor waard berne yn 'e steat Teksas, en sette útein mei har aktearkarriêre doe't se sechstjin jier wie, mei in hiele rige reklamespotsjes en lytse roltsje yn tillevyzjesearjes en B-films. Yn 1993 spile se de rol fan Julia Wilks yn The Adventures of Huck Finn, nei in boek fan Mark Twain. Datselde jiers hie se ek in roltsje yn 'e plysjesearje NYPD Blue. Yn 1994 krige se de rol fan 'e jonge Deïaneira, de (lettere) frou fan 'e Grykske held en healgod Herkules, yn 'e fantasytillevyzjefilm Hercules and the Lost Kingdom. Dat wie sa'n súkses, dat produsinten Robert G. Tapert en Sam Raimi har it jiers dêrop casten yn 'e rol fan Gabrielle, de fêste selsskipsfrou fan haadpersoan Xena (spile troch Lucy Lawless) yn 'e rige Xena: Warrior Princess. Dy searje rûn fan 1995 oant 2001, en besoarge Lawless en O'Connor in fêste kliber fans, dy't boppemjittich útskaaide nei homo's en fral lesbiënnes, mei't de dûbelsinnige relaasje fan Xena en Gabrielle as lesbysk opfet waard.

Fierders hie O'Connor gastrollen yn fjouwer ôfleverings fan 'e searje Hercules: The Legendary Journeys, dêr't Xena: Warrior Princess in spin-off fan wie. Nei't Xena yn 2001 stopset waard, spile se wer yn ferskate B-films, en op 'e tillevyzje hie se û.m. in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Criminal Minds, wylst se yn 2002 yn Los Angeles op 'e planken stie yn Shakespeare syn Macbeth, yn 'e drege rol fan frouwe Macbeth. Njonken har aktearjen regissearre O'Connor yn 1999 en 2001 twa ôfleverings fan Xena, en letter noch ferskillende tillevyzjefilms. Fan 2008 ôf wie se ek wurksum as tillevyzjeprodusinte, en yn 2010 skreau se it senario fan 'e koarte film Words Unspoken, dy't se sels ek regissearre en produsearre. Mei Words Unspoken wûn se yn 2010 de earste priis yn 'e kategory koarte film op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Las Vegas. Sûnt 2002 is O'Connor eigner fan har eigenoprjochte tillevyzje- en filmstudio ROC Production (de ôfkoarting is gearstald út har inisjalen). Se besiket noch altiten trou alle Xena-konvinsjes en ek science fiction- en fantasy-konvinsjes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.